1910-er jierren
De 1910-er jierren , ek oantsjut as de jierren ’10 en inkeldris as de tsiener jierren , wiene in desennium fan 'e 20e iuw neffens de Gregoriaanske kalinder . Rekkenkundich sjoen begûn it op 1 jannewaris 1911 en duorre it oant en mei 31 desimber 1920 , mar yn 'e regel wurdt ornearre dat it duorre fan 1 jannewaris 1910 oant en mei 31 desimber 1919 . Dit desennium waard dominearre troch de Earste Wrâldoarloch (1914 -1918 ) en oare wapene konflikten dy't dêrút fuortkamen of der op oare wize mei gearhongen. De Earste Wrâldoarloch wie de lêste fan in hiele rige krises dêr't de grutmachten fan Jeropa yn behelle rekken, en dy't oant doe ta altyd mei in skamper ôfrûn wiene. Diskear wie der lykwols neat dat it fallen fan 'e dominostientsjes ûnderbriek. De moard op aartshartoch Frâns Ferdinand fan Eastenryk , yn Sarajevo , op 28 juny 1914 , joech sadwaande streekrjocht oanlieding ta in oarloch dêr't alle grutte Jeropeeske steaten yn fertize rekken. Dêrtroch stoar de naïviteit fan 'e Belle Époque in wrede dea.
Oersjoch
Yn 'e 1910-er jierren waard it hichtepunt berikt fan it Jeropeesk militarisme , dat begûn wie yn it lêste part fan 'e njoggentjinde iuw . De earste helte fan it desennium omfieme de lêste jierren fan 'e saneamde Belle Époque , it freedsume tiidrek tusken de Frânsk-Dútske Oarloch fan 1870 -1871 en it útbrekken fan 'e Earste Wrâldoarloch yn 1914 . 'Freedsum' wie in relative oantsjutting, mei't der yn dy snuorje yn 'e koloanjes yn Afrika en Aazje suver oanhâldend oarloggen wiene, wylst ek op 'e Balkan allegeduerigen fochten waard. Sa waard ûnder de Earste Balkanoarloch fan 1912 -1913 einlings en te'n lêsten in ein makke oan 'e besetting fan Súdeast-Jeropa troch it Osmaanske Ryk , dy't al fan 'e Midsiuwen ôf duorre hie. Yn 'e Twadde Balkanoarloch fan 1913 waard troch de oerwinnende Balkansteaten tsierd oer de ferovere gebietsdielen út 'e earste oarloch.
Underwilens einige yn Portegal acht iuwen monargy mei de Revolúsje fan 5 oktober 1910 , wylst yn Sina yn 1911 mei de Sineeske Revolúsje in ein kaam oan it keizerryk fan 'e Qing-dynasty . Meksiko wie it hiele desennium lang yn 'e greep fan 'e Meksikaanske Boargeroarloch , dy't begûn mei de ôfsetting fan diktator Porfirio Diaz . Dat konflikt, wêrby't legindaryske guerriljastriders as Pancho Villa en Emiliano Zapata namme makken, soarge foar grutte ferwoastging en gaos yn it lân en puozze bytiden oer de noardgrins mei de Feriene Steaten hinne.
Jeropa yn 1914 , by it útbrekken fan 'e Earste Wrâldoarloch . De Triple Entente yn grien, bûnsgenoaten fan 'e Triple Entente yn ljochtgrien, en de Triple Alliânsje yn legergrien.
Oan 'e wrâld sa't de lju út 'e Belle Époque him koene, kaam foargoed in ein troch de moard , yn Sarajevo op 28 juny 1914 , op aartshartoch Frâns Ferdinand , de troanopfolger fan 'e Eastenryksk-Hongaarske Dûbeldmonargy . Dat barren sette in keatling fan foarfallen yn wurking dy't persiis in moanne letter, op 28 july , de Earste Wrâldoarloch útbrekke lieten. Dêryn stiene de Sintralen : Dútslân en Eastenryk-Hongarije , en harren bûnsgenoaten, Bulgarije en it Osmaanske Ryk , foar de Alliëarden oer: it Feriene Keninkryk , Frankryk , Ruslân , Servje en Belgje , wylst oare lannen, lykas Itaalje en de Feriene Steaten , harren letter by de Alliëarden oansleaten. It wie in oarloch op in skaal dy't de wrâld noch nea earder sjoen hie. Hast alle lannen dy't deroan meidiene, begûnen de striid mei de optimistyske ferwachting binnen in pear wiken de oerwinning behelje te sillen.
Yn wurklikheid sleepte it konflikt him mear as fjouwer jier fuort, mei oan it Westfront en it Isonzofont yn Itaalje de ferskrikkings fan 'e rinfuorgen , dêr't de striid yn in ympasse rekke wie, wylst almar mear troepen opoffere waarden foar de ferovering fan in pear meter grûn. Oan it Eastfront , it Balkanfront , it Kaukasusfront , it Palestynske Front en it Mesopotamyske Front giene wol grutte gebieten oer yn oare hannen, mar ek dêr sneuvelen withoefolle jongfeinten op it slachfjild, wylst de priis foar de boargerbefolking dêr folle heger wie. Pas nei't Bulgarije en it Osmaanske Ryk ta kapitulaasje twongen wiene en Eastenryk-Hongarije ûnder de Alliëarde druk beswykt wie, koe op 11 novimber 1918 de Wapenstilstân fan Compiègne sletten wurde mei Dútslân. De oerwinning fan 'e Alliëarden en de wrok dy't benammen Frankryk en Belgje foar de Dútsers oer fielden, laten op 28 juny 1919 ta it iensidige Fredesferdrach fan Versailles , dat Dútslân ûnreälistysk hege ferhelbetellings oplei. Dêrtroch krige de Dútske ekonomy nea de kâns om fan 'e oarloch te bekommen, mei as gefolch in ferearmoedzjende en sadwaande tige ûntefreden befolking, dy't úteinlik yn 1933 Adolf Hitler oan 'e macht brocht.
Oare gefolgen fan 'e Earste Wrâldoarloch wiene de opheffing fan ferskate monargyen yn Jeropa . Sa waard yn Dútslân keizer Willem II ôfset en de Weimarrepublyk oprjochte. It lân ferlear yn it easten in soad lân oan it nije Poalen , wylst ek Frankryk , Belgje , Denemark en de Frije Stêd Danzig happen út it Dútske grûngebiet namen. Eastenryk-Hongarije, dêr't it Hûs Habsburch de troan ferlear, foel alhiel útinoar yn 'e nije lannen Eastenryk , Hongarije en Tsjechoslowakije , wylst ferskate gebietsdielen by Roemeenje , Itaalje , Poalen en Joegoslaavje kamen te hearren. Yn Joegoslaavje giene fierders de earder ûnôfhinklike keninkriken Servje en Montenegro op. As bûnsgenoat fan Dútslân ferlear Bulgarije gebiet oan ûnder mear Grikelân , wylst it Osmaanske Ryk al syn net etnysk Turkske gebietsdielen opjaan moast. Sa ûntstiene as nije lannen it Keninkryk Jemen en it Keninkryk fan de Hidjas , wylst oare Osmaanske provinsjes, lykas Irak , Syrje en Palestina , as mandaatgebieten ûnder de Alliëarde grutmachten ferdield waarden. Itselde barde mei Dútske koloanjes , lykas Dútsk-East-Afrika , Dútsk-Súdwest-Afrika , Dútsk-Kameroen en Dútsk-Nij-Guineä .
In Frânske soldaat op 'e útkyk oan it Westfront .
De Earste Wrâldoarloch betsjutte ek de ein fan ien fan 'e Alliëarden, mei't it Keizerryk Ruslân te sink gie oan maatskiplike spannings dy't earder al bestien hiene, mar sterk oanboaze waarden troch de druk dy't de oarloch op it lân útoefene. Nikolaas II , de lêste tsaar fan Ruslân, waard yn 1917 by de Febrewarisrevolúsje ôfset, wêrnei't ferskate politike streamings yn it lân strieden om 'e macht. Troch de Oktoberrevolúsje , letter datselde jier, loeken de kommunistyske bolsjewiken ûnder lieding fan Vladimir Lenin en Leon Trotski oan it langste ein, hoewol't se dêrnei ûnder de Russyske Boargeroarloch noch ôfweve moasten mei fijannen yn alderhanne úthoeken fan sawol Jeropeesk-Ruslân as Sibearje .
Ut dy gaos ûntstiene ferskate nije ûnôfhinklike lannen, wêrûnder Finlân , Estlân , Letlân , Litouwen en, alteast foar in stikmannich jierren, de Demokratyske Republyk Georgje . Oare Russyske gebietsdielen waarden opeaske troch Poalen en Roemeenje. Oan 'e oare kant fan Jeropa kamen ûnder de Peaske-opstân fan 1916 de Ieren yn opstân tsjin 'e Ingelske oerhearsking. Hoewol't dy rebûlje yn bloed smoard waard, joech er oanlieding ta de Ierske Unôfhinklikheidsoarloch , dy't yn 1922 útrinne soe op 'e ûnôfhinklikheid fan 'e Ierske Frijsteat , de foarrinder fan 'e moderne Republyk Ierlân .
Mei de Earste Wrâldoarloch gie fierders ek de Spaanske gryp mank, ien fan 'e deadlikste epidemyen ea, dy't him sa fluch oer de wrâld ferspriede koe troch it oanhâldende hinne en wer slepen fan grutte kloften soldaten . De Spaanske gryp briek ein 1917 út oan it Westfront , mar waard ferneamd nei it neutrale Spanje om't de parse dêr frij wie om oer sokke dingen te skriuwen, wylst yn Frankryk de oarlochssinsuer fan krêft wie om it moreel heech te hâlden. De epidemy berikte fan 1918 oant 1920 in hichtepunt en koste oan 50 miljoen oant miskien wol 100 miljoen minsken it libben. Oanslutend op 'e Earste Wrâldoarloch soe it noch jierrenlang ûnrêstich bliuwe, mei in searje oarloggen en binnenlânske konflikten dy't pas yn 1923 beëinige waarden mei it Ferdrach fan Lausanne , dat in ein makke oan 'e Gryksk-Turkske Oarloch .
De rebellen fan Emiliano Zapata yn 'e Meksikaanske Boargeroarloch .
Wichtichste foarfallen
1910
13 jannewaris - Yn New York wurdt de earste radio -útstjoering ea fersoarge, besteande út twa live spile opera's .
15 jannewaris - Frânsk-Ekwatoriaal-Afrika wurdt foarme út 'e Frânske koloanjes Frânsk-Gabon , de Midden-Kongo , Ubangûy-Sjary en Frânsk-Tsjaad .
14 febrewaris - Yn 'e Dútske stêden Berlyn , Halle en Frankfurt am Main fine grutte demonstraasjes plak tsjin 'e fierdere beheining fan it kiesrjocht yn Prusen .
14 maart - De Dútske rykskânselier Theobald von Bethmann-Hollweg kundiget yn 'e Ryksdei in beskate foarm fan selsbestjoer oan foar Elzas-Loataringen .
26 maart - De Feriene Steaten ferskerpje harren regeljouwing op it mêd fan ymmigraasje troch amendearring fan in wet út 1907 .
23 april - Yn Brussel wurdt de wrâldtentoanstelling iepene.
26 maaie - Yn 'e Nederlânske koloanje Suriname wurdt in steatsgreep feridele fan in espeltsje gearspanners dy't ûnder lieding fan plysje-ynspekteur Frans Pavel Vaclav Killinger it koloniale bewâld ûnder fuotten helje en in ûnôfhinklike republyk útroppe wolle.
29 maaie - Der ûntstiet in ynsidint tusken it Fatikaan en de protestantske lannen yn noardlik Jeropa as paus Pius X yn 'e ensyklyk Editae Saepe útfart tsjin 'e "ûnechte tsjerkeherfoarmers" út 'e sechstjinde iuw . Prusen ûndernimt sels diplomatike stappen tsjin 'e Hillige Stoel om wat it beskôget as misledigings fan Luther en Kalvyn . It ynsidint wurdt ûntkrêftige as it Fatikaan oanjout dat it om in misse oersetting giet en dat de paus eins inkeld de herfoarmers binnen de Roomsk-Katolike Tsjerke bedoelde.
31 maaie - De Uny fan Súd-Afrika (de foarrinner fan 'e moderne Republyk Súd-Afrika ) wurdt ûnôfhinklik.
15 juny - It Russyske parlemint , de Dûma , ûndergraaft it selsbestjoer fan it Gruthartochdom Finlân troch te bepalen dat alle Finske wetten tenei earst troch de Dûma sels goedkard wurde moatte. Yn Finlân wurdt op dizze stap daliks tige ôfwizend reägearre, en de Finnen wegerje harren yn 'e Dûma fertsjintwurdigje te litten, mei't dat in stap op in delrinnen flak nei de folsleine anneksaasje fan harren autonome regio troch Ruslân wêze soe.
4 july - Nei de oerwinning fan 'e negroïde bokser Li'l Artha Johnson op in blanke tsjinstanner komt it yn in protte Amerikaanske stêden ta in slimme rasse-opskuor . Der falle in grut tal deaden .
20 augustus - In iepentlik troch de Feriene Steaten stipe opstân hellet yn Nikaragûa it regear fan presidint José Madriz ûnder fuotten. Yn it plak dêrfan wurdt in pro-Amerikaansk regear ynstallearre.
22 augustus - Koreä wurdt troch Japan anneksearre . Dat betsjut de ein fan it Keizerryk Koreä en it begjin fan 'e 35-jierrige Japanske besetting fan Koreä .
3 septimber - Under mynwurkers yn Wales brekt in grutte staking út.
4 -5 oktober - Yn Portegal wurdt by de Revolúsje fan 5 oktober 1910 it regear fan kening Manuël II ûnder fuotten helle. De kening moat de wyk nimme nei Ingelân . De liberale skriuwer en heechlearaar Teófilo Braga wurdt premier fan 'e nije Portegeeske Republyk .
5 oktober - Yn ballingskip yn Teksas ropt de Meksikaanske opposysjelieder Francisco Madero op ta wapene ferset yn syn heitelân tsjin 'e diktatuer fan Porfirio Diaz .
10 oktober - Yn Frankryk set premier Aristide Briand it leger yn om in spoarweistaking te brekken.
18 oktober - De liberaal Eleftherios Venizelos wurdt foar de earste kear premier fan Grikelân .
1 novimber - Yn Frankryk komt it regear fan premier Aristide Briand te fallen fanwegen de gong fan saken mei de grutte spoarweistaking yn oktober .
8 novimber - By de mynstaking yn Wales is de sitewaasje no sa oanboaze, dat de plysje it fjoer op 'e stakers iepenet. Dêrby komme 2 mynwurkers om en falle sa'n 200 ferwûnen .
20 novimber - Yn Meksiko brekt in opstân út tsjin it bewâld fan diktator Porfirio Diaz . Dit is it begjin fan 'e Meksikaanske Boargeroarloch .
9 desimber - Frânske troepen besette de havenstêd Agadir , yn it Sultanaat Marokko . Dútslân protestearret dêr ferheftich tsjin.
Demonstrearjende suffrazjettes (Annie Kennedy en Christabel Pankhurst ) yn Ingelân .
Italjaanske troepen oan it front yn Tripolitaanje (1911 ), ûnder de Italjaansk-Turkske Oarloch .
De Sineeske Revolúsje fan 1911 yn Sjanghai .
1911
6 febrewaris - Frankryk fiert in wet yn dy't it begryp 'sjampanje ' as wêzende in mûssearjende wynsoarte út 'e Sjampanje , sekuer omskriuwt en beskermet.
20 april - Yn Portegal wurdt de skieding tusken tsjerke en steat ynfierd.
20 april - De Agadirkrisis of Twadde Marokkaanske Krisis brekt út as Frankryk sabeare foar de beskerming fan Jeropeeske boargers troepen nei it binnenlân fan it Sultanaat Marokko stjoert. Eins is it de Frânsen te dwaan om Marokko yn harren macht te krijen. Dútslân hat dêr neat op tsjin, mar easket wol territoriale kompensaasje foar himsels. As Spanje en it Feriene Keninkryk harren ek mei de saak bemuoie, rint it hast út op in grutte Jeropeeske oarloch .
6 maaie - Kening Edwert VII fan it Feriene Keninkryk komt nei in koart siikbêd te ferstjerren .
7 maaie - George V , de twadde soan fan 'e ferstoarne Edwert VII , folget syn heit op as kening fan it Feriene Keninkryk .
25 maaie - Nei súksessen fan 'e rebellen yn 'e Meksikaanske Boargeroarloch stapt diktator Porfirio Diaz op, dy't mei in tuskenskoft fan fjouwer jier al sûnt 1877 oan 'e macht is.
26 maaie - De Dútske Ryksdei kart in wet goed dy't Elzas-Loataringen sawol in grûnwet as in eigen parlemint jout.
31 maaie - De Britske natuerkundige Ernest Rutherford presintearret in nij model foar it atoom , dat ferskate oant no ta ûnopheldere ferskynsels ferklearje kin.
17 juny - Yn 'e Britske haadstêd Londen wurdt in demonstraasje foar ynfiering fan it frouljuskiesrjocht holden troch 40.000 suffrazjettes .
1 july - De Dútske kanonnearboat de Panther rint de troch de Frânsen behearske haven fan Agadir , yn Marokko , binnen. Hoewol't der gjin skot lost wurdt, is it drigemint dúdlik. De Agadirkrisis nimt dêrtroch soarchlike foarmen oan.
7 july - De nije Meksikaanske presidint Francisco Madero hâldt syn triomfantlike yntocht yn Meksiko-Stêd .
24 july - De Amerikaanske wittenskipper en ûntdekkingsreizger Hiram Bingham III werûndekt yn 'e Perûviaanske Andes de âlde Inka -stêd Machu Picchu .
15 augustus - Nei in staking fan tsien moannen geane de mynwurkers yn Wales wer oan it wurk.
10 augustus - Under druk fan 'e aartsbiskop fan Canterbury en kening George V fan it Feriene Keninkryk stimt it Britske Hegerhûs yn mei in wet dy't it fetorjocht fan it Hegerhûs opheft.
21 augustus – De Mona Lisa fan Leonardo da Vinci wurdt stellen út it Louvre yn Parys .
14 septimber - By in operafoarstelling yn Kiëv wurdt de Russyske premier Pjotr Stolypin fermoarde troch in Joadsk lid fan 'e Russyske geheime tsjinst .
19 septimber - Reade Tiisdei : by de plechtige iepening fan 'e Steaten-Generaal op Prinskesdei hâldt de SDAP yn De Haach in demonstraasje foar algemien kiesrjocht dêr't 20.000 minsken oan meidogge.
29 septimber - Itaalje falt de Osmaanske gebietsdielen Tripolitaanje en de Syrenaika binnen: begjin fan 'e Italjaansk-Turkske Oarloch .
7 oktober - Yn Nederlân wurdt troch de oanname fan 'e wizige Arbeidswet berne-arbeid foar bern ûnder de tolve jier ferbean, útsein yn 'e agraryske sektor .
10 oktober - Yn Sina begjint de Sineeske Revolúsje of Xinhairevolúsje, wêrby't Pu Yi , de lêste keizer fan 'e Qing-dynasty , ôfset wurdt en de Republyk Sina útroppen wurdt.
4 novimber - De Agadirkrisis wurdt freedsum oplost as Frankryk en Dútslân in oerienkomst slute. Dútslân akseptearret dêrby dat it Sultanaat Marokko in Frânsk protektoraat wurdt ûnder de namme Frânsk-Marokko , yn ruil foar Nij-Kameroen , in diel fan 'e Frânske Kongo dat no by Dútsk-Kameroen komt te hearren. Dy koloanje kriget dêrtroch tagong ta de rivier de Kongo . Spanje wurdt tefredensteld mei in brede stripe lân yn it noarden fan Marokko, dy't de koloanje Spaansk-Marokko komt te foarmjen.
10 novimber - By de werovering fan Nanjing op 'e rebellen rjochtet it Sineeske keizerlik leger in bloedbad oan.
28 novimber - De Meksikaanske boerelieder Emiliano Zapata presintearret it Plan fan Ayala , wêryn't in yngripende lânherfoarming regele wurdt.
desimber - Russyske troepen dogge in ynfal yn Perzje om in ein te meitsjen oan 'e tanimmende Amerikaanske ynfloed yn dat lân.
1 desimber - De Nederlânske natuerkundige Heike Kamerlingh Onnes ûntdekt it ferskynsel supergelieding .
11 desimber - De Britske kening George V makket yn Britsk-Ynje de ferdieling fan Bingalen yn West-Bingalen en East-Bingalen ûngedien en ferpleatst de koloniale haadstêd fan Kalkutta nei Delly .
14 desimber - De Noarske ûntdekkingsreizger Roald Amundsen berikt as earste minske de Súdpoal en ferslacht dêrby syn Britske rivaal, Robert Falcon Scott .
29 desimber - It Keninkryk Mongoalje ferklearret him ûnôfhinklik fan Sina .
It sinken fan 'e Titanic , yn 1912 .
Grykske ynfantery yn 'e Slach by Sarantaporo ûnder de Earste Balkanoarloch (1912 ).
Bulgaarske troepen bestoarmje Osmaanske stellings fan 'e Çatalca-liny ûnder de Earste Balkanoarloch .
1912
1 jannewaris - Formele oprjochting fan 'e Republyk Sina .
6 jannewaris - Nij-Meksiko wurdt as 47e steat opnommen yn 'e Feriene Steaten .
9 jannewaris - Amerikaanske troepen dogge in ynfal yn Hondoeras , om't presidint Manuel Bonilla in spoarline en in skipswerf , dy't eigendom binne fan in Amerikaansk steatsboarger , fan doel is te nasjonalisearjen .
10 jannewaris - Mongoalje wurdt in protektoraat fan Ruslân .
17 jannewaris - De Britske ûntdekkingsreizger Robert Falcon Scott berikt de Súdpoal en konstatearret dêr ta syn teloarstelling dat de Noar Roald Amundsen him foar west hat.
25 jannewaris - By Ryksdeiferkiezings yn Dútslân behellet de sosjalistyske SPD in grutte oerwinning.
7 febrewaris - De Twadde Alvestêdetocht wurdt wûn troch Coen de Koning út Arnhim yn in tiid fan 11 oeren en 40 minuten .
12 febrewaris - Yn Sina wurdt de Sineeske Revolúsje foltôge mei de abdikaasje fan 'e tolvejierrige keizer Pu Yi .
14 febrewaris - Arizona wurdt as 48e steat opnommen yn 'e Feriene Steaten .
26 febrewaris - Yn it Feriene Keninkryk begjint in massale mynstaking , dêr't likernôch 425.000 mynwurkers oan meidogge. It is harren te dwaan om 'e ynfiering fan in minimumlean .
1 maart - Emmeline Pankhurst , ien fan 'e liedsters fan 'e Britske suffrazjettes , wurdt arrestearre foar it yngoaien fan 'e ruten fan 'e amtswente fan 'e Britske premier , op 10 Downing Street .
13 maart - Servje en Bulgarije slute it geheime Ferdrach fan Sofia , dat rjochte is tsjin it Osmaanske Ryk .
29 maart - Op harren weromwei fan 'e Súdpoal komme de Britske ûntdekkingsreizger Robert Falcon Scott en syn fjouwer selskipslju ûnder in oanhâldende sniestoarm om fan 'e honger en ûntbearings.
30 maart - Under it Ferdrach fan Fez wurdt it Sultanaat Marokko fanôf hjoed in Frânske protektoraat , Frânsk-Marokko . Yn 'e praktyk wurdt it gebiet frijwol itselde behannele as in koloanje .
2 april - Yn Sina wurdt troch Sun Yatsen , de earste presidint fan 'e Republyk Sina , de nasjonalistyske politike partij Guomintang oprjochte.
15 april - Op syn earste reis komt it Britske passazjiersskip de RMS Titanic yn 'e noardlike Atlantyske Oseaan te sinken. By dy ramp komme 1.517 minsken om.
17 april - By it Bloedbad fan Andrejevski falle op 'e goudfjilden fan Andrejevski , oan 'e rivier de Lena , yn Sibearje , 270 deaden as de Russyske plysje it fjoer iepenet op stakende mynwurkers .
29 maaie - Grikelân en Bulgarije slute it geheime Ferdrach fan Sofia , dat rjochte is tsjin it Osmaanske Ryk .
31 maaie - Amerikaanske mariniers lânje op Kuba om 'e saneamde Negeropstân , in rebûlje ûnder swarte arbeiders op 'e sûkerreidplantaazjes op it eilân, te ûnderdrukken.
july - Tibet ferklearret him ûnôfhinklik fan Sina , yn 'e foarm fan 'e Steat Tibet .
21 july - Yn Albaanje brekt de Albaneeske Opstân út tsjin 'e oerhearsking troch it Osmaanske Ryk .
3 augustus - Yn in besykjen om 'e Albaneeske Opstân del te bêdzjen, ferlient it Osmaanske regear in beheinde foarm fan selsbestjoer oan Albaanje .
12 augustus - It regear fan Bulgarije easket fan it Osmaanske Ryk selsbestjoer foar Masedoanje .
14 augustus - Amerikaanske mariniers dogge in ynfal yn Nikaragûa , om in opstân tsjin it rezjym fan presidint Adolfo Díaz te ûnderdrukken.
15 augustus - Oan 'e grinzen fan it Keninkryk Montenegro mei it Osmaanske Ryk fine skermutselings plak tusken troepen fan 'e beide lannen .
30 augustus - Servje , Bulgarije , Grikelân en Montenegro kundigje de mobilisaasje ôf yn ferbân mei de oanboazjende spannings mei it Osmaanske Ryk .
3 septimber - De regearings fan Servje , Bulgarije , Grikelân en Montenegro stjoere it Osmaanske Ryk in ultimatum , wêryn't easke wurdt dat Albaanje , Ald-Servje en Masedoanje binnen trije dagen selsbestjoer krije moatte.
4 septimber - It regear fan it Osmaanske Ryk wiist it utimatum fan 'e Balkansteaten ôf.
8 oktober - Utbraak fan 'e Earste Balkanoarloch : Montenegro ferklearret de oarloch oan it Osmaanske Ryk .
17 oktober - Bulgarije , Grikelân en Servje ferklearje de oarloch oan it Osmaanske Ryk .
18 oktober - De Italjaansk-Turkske Oarloch einiget yn in klinkende oerwinning foar Itaalje . It Osmaanske Ryk moat by it Ferdrach fan Lausanne Tripolitaanje en de Syrenaika yn Noard-Afrika ôfstean, dy't omfoarme wurde ta de koloanje Italjaansk-Lybje . Fierders wurdt ek de Dodekanesos , in eilannegroep yn 'e Egeyske See , in Italjaanske koloanje .
26 oktober - Servyske troepen feroverje yn it ramt fan 'e Earste Balkanoarloch de Osmaanske stêd Üsküp (Skopje).
5 novimber - Woodrow Wilson , de kandidaat fan 'e Demokratyske Partij , wurdt by presidintsferkiezings ûnferwachts keazen ta presidint fan 'e Feriene Steaten .
5 novimber - De Amerikaanske steaten Arizona , Kansas en Wiskonsin fiere it frouljuskiesrjocht yn.
8 novimber - Grykske troepen feroverje yn it ramt fan 'e Earste Balkanoarloch de Osmaanske stêd Thessaloniki .
11 novimber - By in oanslach yn Madrid wurdt de Spaanske premier José Canalejas y Mendez fermoarde troch in anargist .
27 novimber - Spanje reorganisearret syn koloniale besittings yn Marokko ta de koloanje Spaansk-Marokko .
28 novimber - Albaanje ropt de ûnôfhinklikheid út.
3 desimber - Tusken de stridende partijen yn 'e Earste Balkanoarloch wurdt in wiffe wapenstilstân sletten.
3 desimber - De Dútske rykskânselier Theobald von Bethmann-Hollweg warskôget yn in taspraak oan 'e Ryksdei Ruslân dat Dútslân syn bûnsgenoat Eastenryk-Hongarije militêr bystean sil as it ea ta in oarloch tusken dat lân en Ruslân komt oer in kwestje dy't mei Servje te krijen hat.
7 desimber - De Dútske argeolooch Ludwig Borchart ûntdekt yn Egypte de Búste fan Nefertiti .
16 desimber - Yn ferbân mei de oanboazjende spannings mei it Keninkryk Servje giet Eastenryk-Hongarije oer ta it ôfkundigjen fan 'e mobilisaasje .
De Montenegrynske kening Nikolaas nimt by de Osmaanske oerjefte nei it Belis fan Shkodër ûnder de Earste Balkanoarloch de Osmaanske flagge yn ûntfangst.
Grykske troepen tsjogge djipper Bulgarije yn ûnder de Twadde Balkanoarloch (1913 ).
1913
23 jannewaris - Yn Konstantinopel wurdt de Osmaanske minister fan Definsje, generaal Nazım Pasja , by in oanslach troch de Jong-Turken deasketten .
3 febrewaris - By in steatsgreep yn it Osmaanske Ryk nimme de Jong-Turken , in groep nasjonalistyske legerofsieren ûnder lieding fan Enver Bey en Talât Pasja , de macht oer.
19 febrewaris - Yn Meksiko wurdt presidint Francisco Madero by in steatsgreep mei stipe fan 'e Feriene Steaten ôfset. De nije presidint is Victoriano Huerta .
22 febrewaris - Yn Meksiko wurdt de ôfsette presidint Francisco Madero stânrjochtlik eksekutearre .
24 febrewaris - Yn Ingelân wurdt de bekende suffrazjette Emmeline Pankhurst arrestearre foar oprokkening yn ferbân mei de bomoanslach op 'e wente fan minister fan Finânsjes David Lloyd George yn Walton Heath yn Surrey , op 19 febrewaris l.l.
18 maart - Yn Grikelân wurdt kening George I by in oanslach troch de anargist Alexandros Schinas fermoarde . Hy wurdt opfolge troch syn soan Konstantyn I .
20 maart - Yn Sina wurdt Song Jiaoren , in foaroanman fan 'e nasjonalistyske Guomintang , by in oanslach fermoarde .
28 maart - It regear fan Dútslân presintearret in wetsfoarstel dat de omfang fan 'e Dútske striidkrêften mei 660.000 man en 153.000 hynders útwreide wurde sille.
26 april - Yn Gint wurdt de wrâldtentoanstelling iepene.
26 april - Yn Sina ropt Sun Yatsen , de oprjochter fan 'e nasjonalistyske politike partij Guomintang , op om presidint Yuan Shikai ûnder fuotten te heljen, nei't út in offisjeel ûndersyk nei foarren kommen is dat Yuan belutsen wie by de moard op 'e Guomintang-lieder Song Jiaoren , op 20 maart l.l.
6 maaie - It Britske Legerhûs fersmyt nei twa dagen fan debat in wetsfoarstel foar de ynfiering fan it frouljuskiesrjocht .
30 maaie - De Earste Balkanoarloch einiget mei in oerwinning fan 'e Balkansteaten . Under it Ferdrach fan Londen moat it Osmaanske Ryk suver al syn gebiet yn Jeropa opjaan, al wit it de stêd Konstantinopel te behâlden.
4 juny - Op 'e Derby fan Epsom rekket de militante Britske suffrazjette Emily Wilding Davinson swierferwûne as hja har by wize fan protestaksje ûnder de hynsterace foar it hynder smyt dat eigendom is fan kening George V . Hja komt op 8 juny oan har ferwûnings te ferstjerren .
11 juny - Yn Konstantinopel wurdt by in oanslach de Osmaanske grutfizier Mahmud Şevket Pasja fermoarde .
29 juny - Utbraak fan 'e Twadde Balkanoarloch : Bulgarije falt Grikelân en Servje oan, mei as doel om in grutter oandiel te krijen yn 'e gebieten dy't ûnder de Earste Balkanoarloch op it Osmaanske Ryk ferovere binne.
30 juny - De Deenske natuerkundige Niels Bohr presintearret syn ferbetterings fan it atoommodel fan Ernest Rutherford .
1 july - Servje , Montenegro en Grikelân ferklearje Bulgarije de oarloch.
2 july - Yn Belgje wurdt in wet fan krêft dy't mei yngong fan 1917 ûnderofsieren yn it leger ferplichtet om net allinnich Frânsk , mar ek Nederlânsk te sprekken.
5 july - Yn it ramt fan 'e kabinetsformaasje yn Nederlân wurdt de foaroanman fan 'e SDAP , Piter Jelles Troelstra , ûntfongen troch keninginne Wilhelmina . It is de earste kear dat in sosjalist op it paleis útnûge wurdt.
7 july - It Britske Legerhûs kart in wet goed dy't Ierlân selsbestjoer jaan moat.
10 july - Roemeenje ferklearret Bulgarije de oarloch. Roemeenske troepen stekke de Donau oer om it Bulgaarske leger, dat oan 'e west- en súdgrins yn gefjocht is mei Servje en Grikelân , yn 'e rêch oan te fallen.
12 july - It Osmaanske Ryk ferklearret Bulgarije de oarloch. Osmaanske troepen begjinne oan in opmars troch East-Traasje , oer grûngebiet dat se ûnder de Earste Balkanoarloch oan 'e Bulgaren ferlern binne.
15 july - It Britske Hegerhûs fersmyt de troch it Legerhûs goedkarde wet dy't Ierlân selsbestjoer jaan moat.
20 july - It Osmaanske leger weroveret de stêd Adrianopel (Edirne) op 'e Bulgaren .
29 july - De ûnôfhinklikheid fan Albaanje kriget ynternasjonale erkenning as it Foarstedom Albaanje .
30 july - Yn 'e Roemeenske haadstêd Boekarest slute de oarlochfierdende Balkansteaten in wapenstilstân .
5 augustus - Yn Dútslân wurde ferskate ofsieren en hege wurknimmers fan wapenfabrikant Krupp ta koarte finzenisstraffen feroardiele foar it Krupp-skandaal , wêrby't tsjin betelling ynformaasje oer it munysje -oankeapbelied fan it Dútske leger trochspile is oan Krupp.
10 augustus - De Twadde Balkanoarloch einiget mei de folsleine nederlaach fan Bulgarije . Under it Ferdrach fan Boekarest moat it lân in part fan 'e ferovere gebieten út 'e Earste Balkanoarloch opjaan oan Servje en Grikelân . Boppedat ferliest it ek de Súd-Dobroedsja oan Roemeenje .
28 augustus - Yn De Haach wurdt it Fredespaleis iepene, de sit fan it ynternasjonale Permaninte Hof fan Arbitraazje . De bou hjirfan is mooglik makke troch in jefte fan 'e Amerikaanske miljonêr Andrew Carnegie .
1 septimber - De Sineeske diktator Yuan Shikai wit it lêste ferset tsjin syn bewâld te brekken troch de stêd Nanjing , it bolwurk fan 'e opstannige Guomintang -partij , te feroverjen.
21 septimber - By it Ferdrach fan Konstantinopel slút Bulgarije frede mei it Osmaanske Ryk . Dêrby wurdt bepaald dat de Bulgaren in grut part fan 'e feroverings út 'e Earste Balkenoarloch kwytreitsje. Sadwaande komt East-Traasje wer by it Osmaanske Ryk te hearren.
18 oktober - It regear fan Eastenryk-Hongarije stjoert Servje in ultimatum , wêryn't easke wurdt dat Servje binnen acht dagen syn troepen út it ûnder de Twadde Balkanoarloch besette Albaanje weromlûke sil.
20 oktober - Servje jout ta oan 'e Eastenryksk-Hongaarske druk en ûntrommet it besette Albaanje .
26 novimber - Ruslân foltôget syn bestjoerlike herfoarmings yn Russysk-Poalen , dy't derop rjochte binne om it tanimmende Poalske nasjonalisme de kop yn te drukken. Sa mei fan no ôf oan de Poalske taal net mear yn 'e gemeenterieden brûkt wurde.
10 desimber - De Nederlânske natuerkundige Heike Kamerlingh Onnes kriget de Nobelpriis foar de Natuerkunde foar syn ûntdekking hoe't men helium floeiber meitsje kin.
12 desimber - Vincencio Peruggia besiket yn Florâns de troch him út it Louvre yn Parys stellen Mona Lisa te ferkeapjen en wurdt oanholden.
14 desimber - De Grykske kening Konstantyn I ferklearret Grikelân en Kreta foar ferienige, en fiert dêrmei de Grykske anneksaasje fan Kreta troch.
De Eastenryksk-Hongaarske troanopfolger Frâns Ferdinand , waans moard de Earste Wrâldoarloch útlokke.
Gavrilo Princip , de moardner fan 'e Eastenryksk-Hongaarske troanopfolger aartshartoch Frâns Ferdinand , wurdt arrestearre nei de moard .
In Sopwith F-1 Camel . Yn 'e Earste Wrâldoarloch waarden foar it earst fleanmasines yn oarlochssitewaasjes ynset.
Russyske troepen oan it Eastfront ûnder de Earste Wrâldoarloch .
1914
27 jannewaris - Amerikaanske troepen dogge in ynfal yn Haïty nei't presidint Michel Oreste dêr by in opstân ôfset is.
7 maart - De Dútske ealman Willem II fan Wied wurdt foarst fan Albaanje .
9 april - Yn 'e Meksikaanske stêd Tampico fynt it saneamde Tampico-ynsidint plak, wêrby't de bemanning fan in Amerikaansk skip arrestearre wurdt. Hoewol't de seelju frijwol daliks wer frijlitten wurde, nimt it regear fan 'e Feriene Steaten it foarfal heech op.
11 april - De Meksikaanske presidint Victoriano Huerta ferbrekt de diplomatike betrekkings mei de Feriene Steaten fanwegen de oanboazjende spannings tusken de beide lannen.
27 april - Nei in bombardemint , wêrby't mear as 200 boargers omkomme, wurdt de Meksikaanske havenstêd Veracruz beset troch Amerikaanske troepen . Oanlieding hjirfoar it saneamde Tampico-ynsidint . Dizze Amerikaanske besetting fan Veracruz liedt yn hiel Latynsk-Amearika ta grutte ferûntweardiging .
1 maaie - Yn 'e Republyk Sina wurdt de al langer besteande diktatuer fan Yuan Shikai by wet formalisearre.
25 maaie - It Britske Legerhûs nimt in wet oan dy't in beheinde foarm fan selsbestjoer regelet foar Ierlân sûnder Ulster , dat yn mearderheid protestantsk is en wegeret om út Dublin wei regearre te wurden.
24 juny - De Feriene Steaten en Meksiko slute in ferdrach dat in ein meitsje moat oan 'e yn april begûne Amerikaanske besetting fan Veracruz .
28 juny - Yn Sarajevo wurde de Eastenryksk-Hongaarske troanopfolger aartshartoch Frâns Ferdinand en syn frou , hartoginne Sophie von Hohenberg , fermoarde troch de Servyske nasjonalist Gavrilo Princip . Dit is it begjin fan 'e Julykrisis , dy't liede sil ta it útbrekken fan 'e Earste Wrâldoarloch .
29 juny - By ûnderfreging fan Gavrilo Princip , de moardner fan 'e Eastenryksk-Hongaarske troanopfolger aartshartoch Frâns Ferdinand , en fan dy syn helpers, troch de Eastenryksk-Hongaarske autoriteiten, komt oan it ljocht dat de gearspanners help hân hawwe út Servje wei.
july - Mahatma Gandhi , de abbekaat dy't namme makke hat as foaroanman fan 'e Britsk-Yndyske mienskip yn Súd-Afrika , keart werom nei Britsk-Ynje.
14 july - De Meksikaanske presidint Victoriano Huerta moat ôftrede nei ferskate wichtige oerwinnings op syn regearingsleger troch de opstannelingen fan Emiliano Zapata yn it suden en fan Pancho Villa en Venustiano Carranza yn it noarden.
23 july - It regear fan Eastenryk-Hongarije stjoert nei oanlieding fan 'e moard op aartshartoch Frâns Ferdinand fan Eastenryk in ultimatum oan it regear fan it Keninkryk Servje . Dêryn wurdt û.m. in ferbod easke fan alle anty-Eastenrykske organisaasjes , de bemuoienis fan Eastenryksk-Hongaarske funksjonarissen yn Servje by it ûndersyk nei en ferbieden fan sokke Servyske organisaasjes, en it ûnslach fan alle Servyske boargerlike en militêre funksjonarissen fan wa't Eastenryk-Hongarije de nammen neitiid noch trochjaan sil.
25 july - It regear fan it Keninkryk Servje akseptearret de measte easken fan it ultimatum dat Eastenryk-Hongarije twa dagen earder stjoerd hat, mar wegeret Eastenryksk-Hongaarske funksjonarissen foech te jaan op Servysk grûngebiet en ek om sûnder ynspraak alle Servyske boargerlike en militêre funksjonarissen te ûnslaan fan wa't Eastenryk-Hongarije de nammen trochjaan sil.
28 july - Eastenryk-Hongarije ferklearret de oarloch oan it Keninkryk Servje . Ruslân , de beskermhear fan Servje, kundiget de mobilisaasje ôf yn 'e fjouwer provinsjes dy't grinzgje oan Eastenryk-Hongarije.
30 july - Yn reäksje op 'e Eastenryksk-Hongaarske oarlochsferklearring oan Servje kundiget Ruslân de algehiele mobilisaasje ôf.
31 july - Eastenryk-Hongarije kundiget de mobilisaasje ôf.
31 july - Yn Frankryk wurdt de sosjalistyske foaroanman Jean Jaurès fanwegen syn ferset tsjin 'e Frânske dielname oan in grutte Jeropeeske oarloch by in oanslach fermoarde troch de ekstreem-rjochtse nasjonalist Robert Villain .
1 augustus - Yn 'e reäksje op 'e oanboazjende spannings tusken Dútslân en de Frânske bûnsgenoat Ruslân kundiget Frankryk de mobilisaasje ôf. Dêrop kundiget ek Dútslân de mobilisaasje ôf. Dútske troepen kringe oer de grinzen fan Lúksemboarch . Tsjin 'e jûn ferklearret Dútslân de oarloch oan Ruslân. It Feriene Keninkryk warskôget dêrop it Dútske regear dat it in ynfal yn it neutrale Belgje as in casus belli beskôgje sil.
2 augustus - De Dútske besetting fan Lúksemboarch wurdt foltôge. Dútslân stjoert it regear fan Belgje in ultimatum om Dútske troepen troch te litten nei Frankryk . Belgje wegeret frijwol daliks.
3 augustus - Dútslân ferklearret de oarloch oan Frankryk .
4 augustus - Dútslân ferklearret Belgje de oarloch. Dútske troepen dogge dêrop frijwol daliks in ynfal yn Belgje . Yn reäksje dêrop ferklearret it Feriene Keninkryk , dat ûnder it Ferdrach fan Londen (1839) de Belgyske neutraliteit garandearre hat, Dútslân de oarloch.
5 augustus - Begjin fan 'e Slach om Luik tusken Belgyske en Frânske troepen oan 'e iene kant en de Dútske ynfallers oan 'e oare kant.
6 augustus - Eastenryk-Hongarije ferklearret de oarloch oan Ruslân .
11 augustus - Frankryk ferklearret de oarloch oan Eastenryk-Hongarije .
11 augustus - Oan it Balkanfront falt it Eastenryksk-Hongaarske leger it Keninkryk Servje binnen, wêrmei't de Servyske Kampanje begjint.
12 augustus - Yn 'e Slach by Halen keare Belgyske troepen tsjin dat de Dútsers de rivier de Gete oerstekke kinne.
12 augustus - It Feriene Keninkryk ferklearret de oarloch oan Eastenryk-Hongarije , dat op syn beurt Frankryk en it Feriene Keninkryk de oarloch ferklearret.
15 augustus - Op feestlike wize wurdt it Panamakanaal iepene.
16 augustus - Yn 'e Meksikaanske Boargeroarloch feroverje de rebellen fan Emiliano Zapata en Pancho Villa de haadstêd Meksiko-Stêd . Dêrop fiere Amerikaanske troepen in yntervinsje út.
17 augustus - Ein fan 'e Slach om Luik : de Belgyske stêd Luik jout him oer oan 'e Dútsers .
19 -24 augustus - It Servyske leger set oan it Balkanfront in tsjinoffinsyf yn, wêrby't de Eastenryksk-Hongaarske troepen út it Keninkryk Servje ferdreaun wurde.
20 augustus - Dútske troepen besette de Belgyske haadstêd Brussel . It Belgyske regear wykt út nei Antwerpen .
23 augustus - Japan ferklearret Dútslân de oarloch en falt de Dútske konsesjes yn Sina oan.
24 augustus - Yn 'e Slach by Bergen lije de Alliëarden in nederlaach. Fan gefolgen kinne Dútske troepen no noardlik Frankryk binnenkringe.
26 -30 augustus - Dútske troepen bringe it Russyske leger nei de Russyske ynfal yn East-Prusen in ferpletterjende nederlaach ta yn 'e Slach by Tannenberg .
27 augustus - Britske en Frânske troepen foltôgje de ferovering fan 'e koloanje Dútsk-Togolân .
2 septimber - Mei it each op 'e flugge Dútske opmars wykt it Frânske regear út Parys tebek nei Bordeaux .
3 septimber - Yn 'e Slach om Lemberg behelje de Russen in oerwinning op it Eastenryksk-Hongaarske leger , wêrby't 100.000 man kriichsfinzen nommen wurde.
3 septimber - In healjier nei syn oanstelling as foarst fan Albaanje , ferlit de Dútske ealman Willem II fan Wied Albaanje as in desyllúzjonearre man.
6 -10 septimber - Yn 'e Slach oan de Marne bringt it Frânske leger de opmars fan 'e ynfallende Dútske troepen ta stilstân by de rivier de Marne . Dêrmei is de Dútske Blitzkrieg mislearre.
7 septimber -4 oktober - Oan it Balkanfront kringe Eastenryksk-Hongaarske troepen yn it ramt fan 'e Servyske Kampanje op 'e nij it Keninkryk Servje yn, mar se lûke har al rillegau wer tebek as twa Servyske difyzjes om harren flank hinne optsjogge en Sarajevo bedriigje.
7 -14 septimber - Yn 'e Earste Slach by de Mazoeryske Marren bringe de Dútsers de Russen op 'e nij in swiere nederlaach ta.
15 septimber - By de Slach oan de Aisne wurdt it Westfront stabilisearre. De earste rinfuorgen wurde groeven. De kommende fjouwer jier sil der net folle beweging yn 'e frontlinys mear wêze.
15 septimber - De lêste Amerikaanske mariniers lûke har werom út Meksiko . Dêrmei komt in ein oan 'e yn april begûne Amerikaanske besetting fan Veracruz .
18 septimber - Begjin fan 'e saneamde Wedrin nei de Kust fan 'e Noardsee en It Kanaal troch de Dútsers en de Alliëarden oan it Westfront .
oktober - Op 'e Revolúsjonêre Konvinsje yn Aguascalientes brekt ferdieldheid út ûnder de Meksikaanske rebellen dy't presidint Victoriano Huerta ûnder fuotten helle hawwe. It komt ta in brek tusken de grutgrûnbesitter Venustiano Carranza oan 'e iene kant en de boerelieders Pancho Villa en Emiliano Zapata oan 'e oare kant.
5 oktober - Boppe Reims , yn noardlik Frankryk , hellet in Frânske fleanmasine in Dútsk tastel del. Dit is it begjin fan 'e oarloch yn 'e loft.
10 oktober - De Belgyske stêd Antwerpen kapitulearret foar de Dútsers . Likernôch 1 miljoen Belgyske flechtlingen sykje beskûl yn it neutrale Nederlân .
13 oktober - Yn Súd-Afrika brekt ûnder lieding fan generaal Christiaan de Wet de Maritz-rebûlje út ûnder dútsksinnige Afrikaners .
13 oktober - It regear fan Belgje fêstiget him yn Sainte-Adresse , by de Frânske stêd Le Havre .
15 oktober - It Amerikaanske Kongres nimt de saneamde Wet-Clayton (Clayton Act ) oan, wêryn't û.m. it rjocht fan arbeiders erkend wurdt om te staken en fakbûnen op te rjochtsjen.
15 -21 oktober - De Slach om Warsjau , oan it Eastfront , einiget yn in Russyske oerwinning. De Dútsers moatte har weromlûke.
19 oktober - De stêd Lüderitz , yn Dútsk-Súdwest-Afrika , wurdt troch Súdafrikaanske troepen ûnder generaal Louis Botha ynnommen.
29 oktober - Nei ûnferwachtse Osmaanske bombardeminten fan 'e Russyske stêden Odessa en Sebastopol ferklearret Ruslân de oarloch oan it Osmaanske Ryk.
31 oktober - Belgyske troepen keare de Dútsers oant it Westfront yn 'e Slach om de Izer .
2 novimber - It Feriene Keninkryk anneksearret formeel it eilân Syprus , dat it al sûnt 1878 fan it Osmaanske Ryk yn pacht hie. It eilân wurdt no formeel de koloanje Britsk-Syprus .
5 novimber - It Feriene Keninkryk en Frankryk ferklearje de oarloch oan it Osmaanske Ryk .
7 novimber - De Dútske konsesje yn Sina , Qingdao , wurdt beset troch Japanske troepen .
16 novimber - Oan it Balkanfront dogge Eastenryksk-Hongaarske troepen yn it ramt fan 'e Servyske Kampanje foar de trêde kear in wraam op it Keninkryk Servje .
21 novimber - Yn it ramt fan 'e Earste Slach om Iper bestookt it Dútske leger de Belgyske stêd Iper mei brângranaten . It hiele histoaryske stedssintrum brânt ôf .
2 desimber - Eastenryksk-Hongaarske troepen feroverje de Servyske haadstêd Belgrado .
3 -13 desimber - Servyske troepen sette oan it Balkanfront in massaal tsjinoffinsyf yn, dat it Eastenryksk-Hongaarske leger folslein oer it mad komt. De ynfallers wurde foar de trêde kear út it Keninkryk Servje ferdreaun.
15 desimber - Kening Peter II fan Servje hâldt syn triomfantlike yntocht yn 'e befrijde Servyske haadstêd Belgrado .
17 desimber - Egypte wurdt troch it Feriene Keninkryk formeel losmakke fan it Osmaanske Ryk . It wurdt no in sultanaat ûnder Britsk protektoraat .
De Armeenske Genoside troch de Turken koste oan hûnderttûzenen minsken it libben.
Australyske troepen yn 'e oanfal yn 'e Slach om Gallipoli .
Eksekúsjes fan Servyske manlju en froulju troch Eastenryksk-Hongaarske besettingstroepen .
Osmaanske troepen ûnder de Mesopotamyske Fjildtocht fan 'e Earste Wrâldoarloch .
Ferwuostigings yn Galveston (Teksas) nei de swiere Orkaan fan Galveston (1915) .
1915
15 jannewaris - Japan leit Sina in pakket fan 21 easken foar, dy't yn 'e praktyk delkomme op 'e politike ûnderwerping fan Sina oan Japanske oerhearsking.
31 jannewaris - By Bolimov , yn Russysk-Poalen , wurdt foar it earst yn 'e Earste Wrâldoarloch gifgas ynset, troch de Dútsers tsjin 'e Russen .
7 -21 febrewaris - Yn 'e Twadde Slach by de Mazoeryske Marren bringe de Dútsers it Russyske leger in swiere nederlaach ta.
9 febrewaris - It Feriene Keninkryk slút it Suëzkanaal foar de skipfeart , ek fan neutrale lannen.
19 febrewaris -18 maart - De Britske marine besiket om 'e nocht om 'e trochfeart troch de Dardanellen te forsearjen, in troch it Osmaanske Ryk behearske seestrjitte dy't mei de Bosporus tagong jout ta de Swarte See en dêrmei ta de Britske bûnsgenoat Ruslân .
22 febrewaris - Dútslân kundiget de ûnbeheinde dûkboatoarloch ôf. De ynternasjonale wetters om Grut-Brittanje hinne wurde ta oarlochsgebiet ferklearre.
26 febrewaris - Oan it Westfront , by Malancourt , sette de Dútsers foar it earst flammesmiters yn as oarlochswapen .
1 maart - It Feriene Keninkryk giet oer ta de blokkade fan 'e Dútske Noardsee -havens en slút It Kanaal foar de skipfeart .
6 april - Itaalje easket fan Eastenryk-Hongarije Súd-Tiroal , Istrje en Triëst op yn ruil foar neutraliteit yn 'e Earste Wrâldoarloch .
22 april - Begjin fan 'e Twadde Slach om Iper oan it Westfront .
24 april - Yn it Osmaanske Ryk begjint de Armeenske Genoside , wêrby't it Osmaanske leger him keart tsjin 'e etnysk Armeenske befolking . Der falle hûnderttûzenen deaden .
25 april - Australyske , Nijseelânske , Ingelske , Ierske , Britsk-Yndyske , Nijfûnlânske en Frânske troepen lânje op it skiereilân Gallipoli , by de Dardanellen , yn it Jeropeeske diel fan it Osmaanske Ryk . Se wurde oan 'e kust fêstset troch swiere Osmaanske wjerstân. Dit is it begjin fan 'e Slach om Gallipoli , ek wol bekend as de Gallipoli-kampanje.
26 april - Yn Londen wurdt in geheim ferdrach sletten tusken de Alliëarden en Itaalje oer territoriale kompinsaasje foar Itaalje as dat lân oan harren kant meidwaan soe oan 'e oarloch.
4 maaie - Itaalje seit de Triple Alliânsje , it bûnsgenoatskip mei Dútslân en Eastenryk-Hongarije , op.
7 maaie - De Sineeske presidint Yuan Shikai williget frijwol alle easken yn dêr't de Japanners op 15 jannewaris l.l. mei kommen binne. Sina wurdt dêrtroch frijwol in Japanske fazalsteat .
7 maaie - It Britske passazjiersskip de RMS Lusitania wurdt foar de kust fan Ierlân torpedearre troch in Dútske dûkboat en sinkt binnen 18 minuten . Dêrby komme 1.198 minsken om, wêrûnder 128 Amerikanen . Dat sil twa jier letter noch fan ynfloed wêze op it Amerikaanske beslút om mei te fjochtsjen tsjin 'e Dútsers.
14 maaie - By in steatsgreep yn Portegal wurdt premier Joaquim Pimenta de Castro ôfset.
24 maaie - Itaalje ynterveniëarret oan 'e kant fan 'e Alliëarden yn 'e Earste Wrâldoarloch en ferklearret Eastenryk-Hongarije de oarloch.
21 juny - De pro-Dútske Maritz-rebûlje fan 'e Afrikaners yn Súd-Afrika wurdt ûnderdrukt mei de arrestaasje fan generaal Christiaan de Wet yn 'e neite fan Bloemfontein .
22 juny - Dútske en Eastenryksk-Hongaarske troepen weroverje Lemberg op 'e Russen .
9 july - De lêste Dútske troepen yn Dútsk-Súdwest-Afrika jouwe har oer oan 'e Súdafrikaanske generaal Louis Botha .
28 july - Amerikaanske troepen dogge in ynfal yn Haïty : begjin fan 'e Amerikaanske besetting fan Haïty (dy't oant 1934 duorje sil).
5 augustus - Dútske troepen nimme Warsjau yn.
17 augustus - By de swiere Orkaan fan Galveston komme yn 'e Amerikaanske havenstêd Galveston (Teksas) 11 minsken om en wurdt foar $ 84,7 miljard oan skea oanrjochte (d.w.s. omrekkene yn jild fan 2016).
20 augustus - Itaalje ferklearret de oarloch oan it Osmaanske Ryk .
26 augustus - Dútske troepen ferhoverje de Russyske stêd Brest-Litovsk .
6 septimber - Tsaar Ferdinand I fan Bulgarije begjint geheime ûnderhannelings mei Dútslân en Eastenryk-Hongarije oer Bulgaarske dielname oan 'e Earste Wrâldoarloch .
29 septimber - Oan it Mesopotamyske Front feroverje Britske troepen de stêd Al-Kût op 'e Osmanen .
6 oktober - Dútske en Eastenryksk-Hongaarske troepen begjinne oan it Balkanfront in nij offinsyf tsjin it Keninkryk Servje .
9 oktober - De Servyske haadstêd Belgrado falt yn Dútske en Eastenryksk-Hongaarske hannen.
5 oktober - De Alliëarden ûnthjitte militêre stipe oan Servje en stjoere troepen nei de noardlike Grykske stêd Thessaloniki . Kening Konstantyn I fan Grikelân , in sweager fan keizer Willem II fan Dútslân , set dêrop de Grykske premier Eleftherios Venizelos ôf en steld in pro-Dútsk regear oan ûnder premier Sofokles Skouloudis . De Alliëarden negearje de protesten fan it nije Grykske regear en geane fierder mei it stjoeren fan troepen nei Thessaloniki.
12 oktober - Nettsjinsteande fûleindige ynternasjonale protesten wurdt yn Brussel de Britske ferpleechster Edith Cavell troch de Dútsers terjochtsteld foar help by de ûntsnapping fan lichtferwûne kriichsfinzen Belgyske en Britske militêren út Dútske kriichsfinzenskip .
14 oktober - Bulgarije ferklearret Servje de oarloch en falt it lân út it súdeasten wei binnen.
16 oktober - It Feriene Keninkryk en Frankryk ferklearje de oarloch oan Bulgarije .
19 oktober - Ruslân en Itaalje ferklearje de oarloch oan Bulgarije .
31 oktober - Oan it Balkanfront falt de Servyske stêd Kragujevac yn Dútske en Eastenryksk-Hongaarske hannen.
5 novimber - Oan it Balkanfront feroverje de Bulgaren de Servyske stêd Niš .
mids novimber - Russyske troepen dogge in ynfal yn Perzje om foar te kommen dat dêr in pro- Dútsk regear oan 'e macht komt.
23 novimber - Oan it Balkanfront tsjogge de restanten fan it Servyske leger , ynkl. kening Peter II , prins -regint Aleksander , sjef fan de Generale Stêf Radomir Putnik en it regear fan premier Nikola Pašić , de bergen yn op 'e grins fan Kosovo en Albaanje , yn in wanhopich besykjen om oan 'e opmars fan 'e Dútske , Eastenryksk-Hongaarske en Bulgaarske troepen te ûntkommen.
5 desimber - Oan it Balkanfront feroverje de Bulgaren de Servyske stêd Monastir .
5 desimber - Begjin fan it Belis fan Al-Kût , dêr't it Britske ekspedysjeleger yn Mesopotaamje him weromlutsen hat, troch de Osmanen .
10 desimber - De Alliëarden begjinne mei de evakuaasje fan harren troepen fan it skiereilân Gallipoli .
15 desimber - Nei in barre tocht troch de bergen berikke de restanten fan it Servyske leger de flakte fan noardlik Albaanje yn 'e neite fan 'e stêd Shkodër .
Britske troepen tsjogge op oan it Westfront ûnder de Slach oan de Somme , yn 1916 .
Frânske troepen yn 'e rinfuorgen fan it Westfront ûnder de Slach om Verdun , yn 1916 .
Sackville Street (no O'Connell Street) yn 'e Ierske haadstêd Dublin nei de Peaske-opstân fan 1916 .
De Slach by Doberdò , tusken Italjaanske en Eastenryksk-Hongaarske troepen , yn augustus 1916 .
1916
5 jannewaris - Eastenryksk-Hongaarske troepen dogge in ynfal yn it Keninkryk Montenegro .
9 jannewaris - De lêste troepen fan it Britske Ryk wurde evakuëarre fan it skiereilân Gallipoli . Dêrmei einiget de Slach om Gallipoli yn in klinkende oerwinning foar it Osmaanske Ryk .
11 jannewaris - Frânske troepen besette it Grykske eilân Korfû , dat nedich is as bestimming foar de evakuaasje fan 'e restanten fan 'e legers fan Servje en Montenegro út Albaanje wei.
14 jannewaris - Yn Nederlân brekt by de troch in swiere stoarm feroarsake Wettersneed fan 1916 de Suderseedyk by Marken troch, mei as gefolch dat it Wetterlân derûnder strûpt. Der falle 19 deaden , in grut part fan 'e feesteapel komt om en de materiële skea is ûnbidige grut. Dizze ramp jout de oanset foar de oanlis fan 'e Suderseewurken .
17 jannewaris - De rebellen fan 'e Meksikaanske foaroanman Pancho Villa sjitte 16 Amerikaanske lânmjitters dea.
22 jannewaris - De stêd Shkodër , yn noardlik Albaanje , wurdt beset troch Eastenryksk-Hongaarske troepen .
25 jannewaris - Montenegro kapitulearret foar de Eastenryksk-Hongaarske troepen dy't it lân binnenfallen binne.
18 febrewaris - Britske , Frânske , Súdafrikaanske en Belgyske troepen foltôgje de ferovering fan Dútsk-Kameroen .
21 febrewaris -18 desimber - Yn 'e slepende Slach by Verdun besykje Dútske troepen troch it Frânske ferset by de stêd Verdun te brekken. Dat mislearret en de rin fan 'e linys bliuwt fierhinne gelyk, hoewol't mear as 300.000 soldaten komme te sneuveljen .
3 maart - Britske , Belgyske , Súdafrikaanske en Portegeeske troepen falle Dútsk-East-Afrika binnen.
9 maart - Dútslân ferklearret de oarloch oan Portegal , nei't dat lân beslach lein hat op 71 Dútske en Eastenryksk-Hongaarske keapfardijskippen dy't nei it útbrekken fan 'e Earste Wrâldoarloch beskûl socht hawwe yn Portegeeske havens .
14 maart - As reäksje op 'e oanfal fan 'e Meksikaanske rebellelieder Pancho Villa op it grinsplak Columbus (Nij-Meksiko) begjint it Amerikaanske Leger in grutskalige militêre yntervinsje yn 'e Meksikaanske Boargeroarloch , dy't de Pancho Villa-ekspedysje neamd wurdt.
8 april - Yn Noarwegen wurdt it frouljuskiesrjocht ynfierd.
24 -29 april - Yn Ierlân brekt de Peaske-opstân út tsjin 'e Britske oerhearsking. De rebûlje wurdt troch it Britske Leger yn bloed smoard. Fan 'e Ierske lieders wurde Patrick Pearse , James Connolly , Tom Clarke , Seán MacDermott , Joseph Plunkett , Éamonn Ceannt en Thomas MacDonagh troch de Britten eksekutearre . Inkeld Éamon de Valera en grevinne Constance Markievicz ûntkomme oan it fjoerpeloton , hy fanwegen syn Amerikaanske nasjonaliteit en sy fanwegen har sekse .
29 april - Ein fan it Belis fan Al-Kût : it Britske ekspedysjeleger yn Mesopotaamje , ûnder befel fan generaal Charles Townsend , jout him oer oan 'e Osmanen .
5 maaie - Amerikaanske troepen dogge in ynfal yn 'e Dominikaanske Republyk : begjin fan 'e Amerikaanske besetting fan 'e Dominikaanske Republyk (dy't oant 1924 duorje sil).
8 maaie - De earste Australyske en Nijseelânske troepen dy't oan it Westfront fjochtsje sille, lânje yn Frankryk .
22 maaie - Yn it Feriene Keninkryk wurdt de algemiene tsjinstplicht ynfierd.
31 maaie - Yn 'e Slach by Jutlân , op 'e Noardsee foar de Deenske kust , bringt de Dútske marine de Britten in gefoelige nederlaach ta, al feroaret dit neat oan 'e Britske hegemony op see.
6 juny - De Alliëarden stelle in blokkade fan Grikelân yn, om it regear fan dat lân te twingen syn pro-Dútske politike koerts te wizigjen.
10 juny - It Osmaanske garnizoen fan Mekka jout him oer oan 'e Arabyske opstannelingen fan Hûssein bin Ali , de grutsjaryf fan Mekka. Dyselde ropt de ûnôfhinklikheid út fan it Keninkryk fan de Hidjas , besteande út 'e Hidjas , in gebietsdiel fan it Osmaanske Ryk .
1 -12 july - Yn 'e Amerikaanske steat Nij-Jersey fine in stikmannich oanfallen fan in haai plak, wêrby't 4 deaden en 1 ferwûne falle.
1 july -18 novimber - Yn 'e slepende Slach oan de Somme , de grutste fjildslach oan it Westfront fan 'e Earste Wrâldoarloch , besykje troepen út it Feriene Keninkryk , Austraalje , Bermuda , Britsk-Ynje , Kanada , Nijfûnlân , Nij-Seelân , Súd-Afrika , Súd-Rodeezje en Frankryk troch de Dútske linys te brekken. Dat mislearret en de slach einiget yn in bloedige ympasse dêr't mear as 1,1 miljoen soldaten by sneuvelje .
25 july - Oan it Kaukasusfront feroverje Russyske troepen de Osmaanske stêd Erzincan .
4 augustus - Under it Ferdrach fan Deensk-West-Ynje ferkeapet Denemark de Deenske Famme-eilannen foar $ 25 miljoen yn goud oan 'e Feriene Steaten . De eilannegroep wurdt dêrtroch omfoarme ta de Amerikaanske Famme-eilannen . Reden foar de oankeap fan it gebiet is de Amerikaanske soarch oer de fêstiging fan Dútske militêre bases op 'e eilannen nei in mooglike Dútske ynfal yn Denemark.
12 augustus - De Dútske rykskânselier Theobald von Bethmann-Hollweg en de Eastenryksk-Hongaarske kânselier Karl von Stürgkh presintearje harren plannen oangeande de takomst fan Poalen . Dat moat in (yn namme) ûnôfhinklik grutfoarstedom wurde.
17 augustus - Roemeenje slút yn it djipste geheim in militêr bûnsgenoatskip mei de Alliëarden .
27 augustus - Roemeenje ferklearret de oarloch oan Eastenryk-Hongarije . Roemeenske troepen dogge in ynfal fan Transsylvaanje , in ûnderdiel fan it Keninkryk Hongarije .
28 augustus - Dútslân ferklearret de oarloch oan Roemeenje .
28 augustus - Itaalje ferklearret de oarloch oan Dútslân .
1 septimber - Bulgarije ferklearret de oarloch oan Roemeenje .
2 septimber - De Dobroedsja , de Roemeenske kuststripe oan 'e Swarte See , wurdt beset troch Dútske , Bulgaarske en Osmaanske troepen .
12 septimber -11 desimber - Oan it Balkanfront besykje de Alliëarden mei it Monastiroffinsyf om Bulgarije ta oerjefte te twingen en tagelyk de druk op Roemeenje te ferlichtsjen. Beide doelen mislearje, hoewol't der al wat terreinwinst op 'e Bulgaren boekt wurdt oan it Masedoanyske Front .
14 -19 septimber - Yn 'e bloedige Slach om Tabora nimme Belgyske troepen ûnder generaal Charles Tombeur Tabora , de haadstêd fan Dútsk-East-Afrika yn.
15 septimber - Oan it Westfront sette de Britten , ûnder de Slach oan de Somme , by Flers Courcelet foar it earst tanks yn as oarlochswapen .
17 septimber - Op it terrein fan 'e Amsterdamske Iisklub organisearret de sosjalistyske partij SDAP in massale demonstraasje foar algemien kiesrjocht , dêr't 40.000 minsken oan meidogge.
9 oktober - Op Kreta rjochtet de Grykske âld-premier Eleftherios Venizelos , dy't mei stilswijende stipe fan 'e Alliëarden iepentlik yn opstân kommen is tsjin 'e pro-Dútske Grykske kening Konstantyn I , in eigen tsjinregear op.
16 oktober - Yn Djedda , op it Arabysk Skiereilân , besiket de Britske ofsier T.E. Lawrence ('Lawrence of Arabia') prins Faisal , de soan fan Hûssein bin Ali , de grutsjaryf fan Mekka , dy't tsjin de Osmaanske oerhearsking yn opstân kommen is. Nei syn weromkear yn Egypte sil de rie fan Lawrence derfoar soargje dat it Britske oerbefel de Arabyske Opstân stypje sil.
19 oktober - Frankryk en it Feriene Keninkryk beslute om it Grykske tsjinregear fan Eleftherios Venizelos te erkennen as it iennichste legitime regear fan Grikelân.
21 oktober - By in oanslach yn Wenen wurdt de Eastenrykske kânselier Karl von Stürgkh fermoarde troch de sosjalistyske kranteman Friedrich Adler .
23 oktober - Dútske , Bulgaarske en Osmaanske troepen nimme de Roemeenske stêd Constanţa yn.
5 novimber - Keizer Willem II fan Dútslân en Frâns Joazef I fan Eastenryk-Hongarije proklamearje it (sabeare) ûnôfhinklike Keninkryk Poalen .
21 novimber - Yn 'e Eastenrykske haadstêd Wenen ferstjert yn 'e âlderdom fan 86 jier keizer Frâns Joazef I fan Eastenryk-Hongarije , nei't er 68 jier regearre hat. Hy wurdt opfolge troch syn omkesizzer Karel I .
26 novimber - It revolúsjonêre Grykske regear fan premier Eleftherios Venizelos ferklearret de oarloch oan Dútslân .
6 desimber - Fal fan Boekarest : Dútske troepen ûnder lieding fan generaal August von Mackensen nimme de Roemeenske haadstêd Boekarest yn.
23 -27 desimber - Oan it Eastfront lijt it Roemeenske leger in nije nederlaach yn 'e Slach by Râmnicu Sărat . De Roemeenske ferdigening stoart dêrnei yn, sadat de Sintralen it hiele lân ûnder de foet rinne kinne.
29 desimber - Yn 'e Russyske haadstêd Petrograd wurdt de yn paleisfermiddens tige ynfloedrike, mar ek tige kontroversjele mystikus Grigorij Raspûtin fermoarde .
Kanadeeske troepen lûke op mei in tank oan Westfront yn 1917 .
Eastenryksk-Hongaarske troepen eksekutearje finzen nommen Serven (1917 ). It Keninkryk Servje ferlear ûnder de Earste Wrâldoarloch likernôch 850.000 minsken, wat delkaam op in fjirdepart fan 'e befolking .
Presidint Woodrow Wilson kundiget yn in taspraak foar it Amerikaanske Kongres op 3 febrewaris 1917 it ferbrekken fan 'e diplomatike betrekkings fan de Feriene Steaten mei Dútslân oan.
Roemeenske troepen ûnder de Slach by Mărăşeşti , yn 1917 .
1917
1 jannewaris - It Feriene Keninkryk , Frankryk en Itaalje erkenne de ûnôfhinklikheid fan it Keninkryk fan de Hidjas .
17 jannewaris - De Britske geheime tsjinst ûnderskept it saneamde Zimmermann-tillegram , wêryn't de Dútske minister fan Bûtenlânske Saken Arthur Zimmermann de Dútske ambassadeur yn Meksiko , Heinrich von Eckhardt , opdraacht om it Meksikaanske regear te bepraten om 'e kant fan 'e Sintralen te kiezen foar it gefal dat de Feriene Steaten har by de Alliëarden jaan sille.
22 jannewaris - Yn Ruslân brekke stakings út tsjin 'e oarlochsynset , dêr't hûnderttûzenen arbeiders oan meidogge. De posysje fan tsaar Nikolaas II wurdt nuodlik.
27 jannewaris - De Trêde Alvestêdetocht wurdt wûn troch Coen de Koning út Arnhim yn in tiid fan 9 oeren en 53 minuten .
3 febrewaris - As it Amerikaanske skip de Housatonic sûnder warskôging troch in Dútske dûkboat torpedearrre wurdt, ferbrekke de Feriene Steaten de diplomatike betrekkings mei Dútslân .
7 febrewaris - De Feriene Steaten lûke harren troepen út Meksiko werom. De saneamde Pancho Villa-ekspedysje , in militêre yntervinsje yn 'e Meksikaanske Boargeroarloch , hat neat opsmiten.
13 febrewaris - Yn 'e Frânske haadstêd Parys wurdt de Fryske stripper en koertisane Mata Hari arrestearre op beskuldiging fan spionaazje foar de Dútsers .
1 maart - It Amerikaanske Ministearje fan Bûtenlânske Saken publisearret it Zimmermann-tillegram fan 17 jannewaris l.l. In weach fan anty-Dútske gefoelens oerspielt de Feriene Steaten .
11 maart - Britske troepen ûnder generaal William Raine Marshall feroverje Bagdad op 'e Osmanen .
14 maart - Yn Ruslân fynt (neffens de Juliaanske kalinder ) de Febrewarisrevolúsje plak, wêrby't it regear fan tsaar Nikolaas II ûnder fuotten helle wurdt.
15 maart - Tsaar Nikolaas II fan Ruslân docht ûnder twang ôfstân fan 'e troan .
19 maart - Yn eastlik Frankryk lûke de Dútske troepen harren tebek oant efter de Siegfriedliny en jouwe dêrby in oansjenlik terrein priis. De Dútske generaal Erich Ludendorff leaut lykwols dat de fijân fanút de bettere stellings fan 'e Siegfriedliny makliker ferslein wurde kin.
23 maart - It Dútske regear jout de Russyske kommunist Vladimir Lenin , dy't yn ballingskip yn Switserlân ferbliuwt, en ferskate tsientallen oare Russyske ballingen, in brief fan frije trochtocht troch Dútslân en gebiet dat oan it Eastfront troch it Dútske leger behearske wurdt. Men ferwachtet dat Lenin-en-dy yn Ruslân foar safolle gaos soargje sille, dat Dútslân dan oan it Eastfront maklik de oerwinning behelje kin.
6 april - Yn ferbân mei û.m. it Zimmermann-tillegram en it ta sinken bringen fan it Amerikaanske skip de Housatonic troch in Dútske dûkboat ferklearje de Feriene Steaten de oarloch oan Dútslân .
16 april - De Russyske kommunistyske foaroanman Vladimir Lenin arrivearret út ballingskip yn 'e Russyske haadstêd Petrograd .
1 maaie - Pavel Miljûkov , de minister fan Bûtenlânske Saken fan it nije regear fan Ruslân , bewissiget de oare Alliëarde lannen derfan dat syn lân net fan doel is en jou de striid tsjin Dútslân op.
2 maaie - Yn hiel Ruslân wurde massale demonstraasjes holden tsjin it stânpunt fan it nije regear oangeande de Russyske dielname oan 'e Earste Wrâldoarloch .
17 maaie - De kommunistyske foaroanman Leon Trotski keart út Amerikaanske ballingskip werom yn 'e Russyske haadstêd Petrograd .
12 juny - De pro-Dútske kening Konstantyn I fan Grikelân docht ôfstân fan 'e troan en giet yn ballingskip . Hy wurdt opfolge troch syn soan Aleksander I .
16 juny - It Britske regear ferlient amnesty oan alle dielnimmers oan 'e Peaske-opstân yn Ierlân (foar safier't dy net terjochtsteld binne).
26 juny - Under lieding fan generaal John J. Pershing lânje de earste Amerikaanske troepen yn Frankryk om oan it Westfront te fjochtsjen.
26 maaie - Hiel Grikelân stiet no ûnder bestjoer fan it regear fan Eleftherios Venizelos , dat stipe wurdt troch de Alliëarden . Venizelos wurdt formeel werbeneamd ta premier.
29 juny - Grikelân ferklearret de oarloch oan Dútslân , Eastenryk-Hongarije , Bulgarije en it Osmaanske Ryk .
1 juny - Aleksander Kerenski , de minister fan Oarloch yn it revolúsjêre regear fan Ruslân , lansearret yn Galysje it lêste grutte Russyske offinsyf fan 'e Earste Wrâldoarloch , it nei him ferneamde Kerenski-offinsyf .
14 juny - Monargistyske troepen ûnder generaal Zhang Xun feroverje de Sineeske haadstêd Peking .
28 juny -5 july - By it Jirpelopskuor yn Amsterdam , in folksopstân berne út lulkens om 'e itenskrapte , komme 10 minsken om en reitsje goed 115 minsken ferwûne .
1 july - Yn Sina wurdt op 'e nij it keizerryk útroppen. De jonge Pu Yi wurdt fannijs as keizer ynstallearre.
15 july - Republikeinske troepen weroverje de Sineeske haadstêd Peking . It krekt wer yn eare werombrochte keizerryk wurdt op 'e nij ôfskaft.
17 -18 july - De bolsjewistyske opstân fan de Petrograder Sovjet wurdt troch it revolúsjonêre regear fan Ruslân delslein. De bolsjewistyske foaroanman Vladimir Lenin moat de wyk nimme nei Finlân , dêr't er ûnderdûkt.
19 july - It Kerenski-offinsyf , it lêste grutte Russyske offinsyf fan 'e Earste Wrâldoarloch , wurdt sûnder neamenswurdige resultaten ôfbrutsen.
31 july - Oan it Westfront begjint de Trêde Slach om Iper mei in Britske en Belgyske oanfal op 'e Dútske linys.
20 augustus - Oan it Westfront begjint de Twadde Slach by Verdun mei in Frânske oanfal op 'e Dútske linys.
3 septimber - Dútske troepen feroverje oan it Eastfront de Russyske stêd Riga , yn it Baltikum .
7 -12 septimber - De Russyske stêfsjef , generaal Lavr Kornilov , tsjocht mei troepen op nei de haadstêd Petrograd , mei as doel om in kontra-revolúsjonêre steatsgreep út te fieren. De bolsjewiken yn 'e stêd foarmje arbeidersmilysjes om it spul te kearen, mar de soldaten teare oer de side foar de anty-monargistyske propaganda , en de saneamde Kornilov-pûtsj mislearret sûnder dat der skot lost is.
14 septimber - Aleksander Kerenski , it haad fan it Provysjoneel Regear, ropt de Republyk Ruslân út.
15 oktober - De Fryske stripper en koertisane Mata Hari wurdt troch de Frânsen terjochtsteld op beskuldiging fan spionaazje foar de Dútsers .
20 oktober - De bolsjwistyske foaroanman Vladimir Lenin keart fan syn ûnderdûkadres yn Finlân werom yn 'e Russyske haadstêd Petrograd .
24 oktober - Yn 'e Slach by Caporetto wurde de Italjanen ferneatigjend ferslein troch it Eastenryksk-Hongaarske leger.
31 oktober - Oan it Palestynske Front iepenet de Britske generaal Edmund Allenby in nij offinsyf , dat begjint mei in klinkende oerwinning op 'e Osmanen yn 'e Slach by Beërsjeba .
2 novimber - De Britske minister fan Bûtenlânske Saken, Lord Balfour , lit in ferklearring útgean dêr't er Palestina yn bestimpelet as "nasjonaal tehûs foar it Joadske folk ". Dizze saneamde Balfour-ferklearring wurdt troch de sionisten as stipebetsjûging beskôge en sil in protte ynfloed hawwe op 'e migraasje fan Joaden nei Palestina yn it Ynterbellum en op 'e úteinlike stifting fan 'e Steat Israel .
6 novimber - De Amerikaanske steat New York fiert it frouljuskiesrjocht yn.
7 novimber - Yn Ruslân fynt (neffens de Juliaanske kalinder ) de Oktoberrevolúsje plak, wêrby't ûnder lieding fan Vladimir Lenin en Leon Trotski de kommunistyske bolsjewiken oan 'e macht komme.
8 novimber - It Provysjoneel Regear fan Ruslân jout him nei de bestoarming fan it Winterpaleis yn Petrograd oer oan 'e bolsjewiken .
10 -12 novimber - De kontra-revolúsjonêre steatsgreep fan 'e Russyske premier Aleksander Kerenski , de Kerenski-pûtsj , wurdt troch de bolsjewiken ûnderdrukt.
14 novimber - De bolsjewiken brekke de wjerstân fan harren fijannen yn Moskou , en krije sa ek dy Russyske stêd yn harren macht.
17 novimber - Oan it Palestynske Front feroverje Britske troepen de stêd Jaffa (bibelsk : Joppe) op 'e Osmanen .
20 novimber -7 desimber - Oan it Westfront fynt de Slach by Kameryk plak, tusken Britske en de Dútske troepen : dit is de earste tankslach út de skiednis . De Britten winne, brekke troch de Dútske linys en witte it front in stikje op te skowen, mar wurde úteinlik troch de Dútsers weromkrongen.
26 novimber - It nije bolsjewistyske regear fan Ruslân , ûnder lieding fan Vladimir Lenin , docht de Sintralen in útstel foar in wapenstilstân .
6 desimber - Finlân ropt de ûnôfhinklikheid út.
7 desimber - Eastenryk-Hongarije ferklearret de oarloch oan 'e Feriene Steaten .
9 desimber - Oan it Palestynske Front feroverje Britske troepen de stêd Jeruzalim op 'e Osmanen .
9 desimber - Troch it weifallen fan Russyske militêre stipe yn ferbân mei de Oktoberrevolúsje is Roemeenje twongen om in wapenstilstân mei de Sintralen te sluten.
9 desimber - De Russyske Boargeroarloch brekt út as kontra-revolúsjonêre legerienheden (de saneamde 'Witen') de stêd Rostov oan de Don oanfalle, dy't yn 'e hannen is fan 'e bolsjewiken (de 'Readen').
15 desimber - It nije bolsjewistyske rezjym fan Ruslân en de Sintralen slute it Bestân fan Brest-Litovsk .
15 desimber - Yn it ramt fan de Russyske Boargeroarloch wurdt de stêd Rostov oan de Don ynnommen troch de Witen.
De Frede fan Brest-Litovsk wurdt tekene tusken Dútslân en Ruslân (1918 ).
Amerikaanske soldaten oan it Westfront fiere op 11 novimber 1918 it sluten fan de Wapenstilstân fan Compiègne .
In parade fan tanks yn Londen oan 'e ein fan 'e Earste Wrâldoarloch .
Alliëarde troepen paradearje troch de Russyske stêd Vladivostok , yn it Fiere Easten fan Sibearje , dêr't se lâne binne om oan 'e kant fan 'e Witen te ynterveniëarjen yn 'e Russyske Boargeroarloch .
Slachtoffers fan de Spaanske gryp yn in militêr needhospitaal yn Kansas (1918 ).
It Tsjechoslowaakske Legioen yn Vladivostok (1918 ).
By de Grutte Treinramp fan 1918 , yn de Feriene Steaten , deunby Nashville (Tennessee) , foelen mear as hûndert deaden .
In opstân fan matroazen fan 'e Dútske marinebasis yn Kiel , as ûnderdiel fan de Dútske Revolúsje fan 1918 .
1918
8 jannewaris - De Amerikaanske presidint Woodrow Wilson publisearret syn Fjirtjin Punten , in fredesplan dat ûnder mear in fermindering fan 'e bewapening fan alle lannen foarstiet; it opheffen fan alle ekonomyske barriêres om te kommen ta in sitewaasje fan wrâldwide frijhannel ; frijheid fan skipfeart ; en selsbeskikkingsrjocht foar alle etnyske groepen yn Jeropa (mar net yn 'e koloanjes ).
15 jannewaris - Yn 'e Eastenrykske haadstêd Wenen brekke massale stakings út tsjin 'e oarloch , dy't oerslane nei oare dielen fan 'e Dûbeldmonargy .
22 jannewaris - De Oekraïne ropt de ûnôfhinklikheid út as de Oekraynske Folksrepublyk .
27 jannewaris - Yn Finlân brekt de Finske Boargeroarloch út tusken de konservative Witen en de kommunistyske Readen.
27 jannewaris - It bolsjewistysk regear fan Ruslân , de Ried fan Folkskommissarissen , seit de Britsk-Russyske Konvinsje fan 1907 op.
28 jannewaris - Yn Berlyn en oare Dútske stêden brekke massale stakings út tsjin 'e oarloch , benammen yn 'e oarlochsyndustry .
28 jannewaris - It bolsjewistysk regear fan Ruslân , de Ried fan Folkskommissarissen , rjochtet by dekreet it Reade Leger op. Leon Trotski moat dy nije kriichsmacht organisearje.
2 febrewaris - It bolsjewistysk regear fan Ruslân , de Ried fan Folkskommissarissen , ferordonnearret de skieding tusken tsjerke en steat .
3 febrewaris - It bolsjewistysk regear fan Ruslân , de Ried fan Folkskommissarissen , annulearret by dekreet de Russyske steatsskuld .
8 febrewaris - Yn it ramt fan 'e Russyske Boargeroarloch nimt it Reade Leger de stêd Kiëv yn.
14 febrewaris - It bolsjewistysk regear fan Ruslân , de Ried fan Folkskommissarissen , fiert by dekreet yn Ruslân de Gregoriaanske Kalinder yn. Tagelyk wurdt de Juliaanske Kalinder ôfskaft. (Dêrmei slacht men yn Ruslân 13 dagen oer en wurdt it fan 1 febrewaris ynienen 14 febrewaris .)
16 febrewaris - Litouwen ropt de ûnôfhinklikheid út.
21 febrewaris - Oan it Palestynske Front feroverje Australyske troepen de stêd Jericho op 'e Osmanen .
24 febrewaris - Estlân ropt de ûnôfhinklikheid út.
25 febrewaris - Yn it ramt fan 'e Russyske Boargeroarloch nimt it Reade Leger de stêd Rostov oan de Don yn.
3 maart - It bolsjewistyske rezjym yn Ruslân en de Sintrale Machten slute de Frede fan Brest-Litovsk . Hjirby rekket Ruslân it hiele Baltikum kwyt, en dêropta Finlân , de Oekraïne en dielen fan Wyt-Ruslân , yn totaal 26% fan Jeropeesk-Ruslân .
5 maart - Britske mariniers geane yn Moermansk , yn it uterste noarden fan Jeropeesk-Ruslân , oan lân om yn 'e Russyske Boargeroarloch te ynterveniëarjen oan de kant fan 'e Witen.
11 maart - It bolsjewistysk regear fan Ruslân , de Ried fan Folkskommissarissen , ferpleatst de haadstêd en de sit fan it Russyske regear fan Petrograd nei it fierder fan it front leine Moskou .
21 maart -18 july - Oan it Westfront geane de Dútsers by in lêste wraam op 'e Alliëarde linys ta it uterste om 'e definitive oerwinning te beheljen ear't de oermacht oan mankrêft en materieel fan 'e Feriene Steaten folslein ynset wurde kin. By dit Maitydsoffinsyf behelje se oansjenlike terreinwinst, mar gjin beslissende oerwinning.
25 maart - Wyt-Ruslân ropt de ûnôfhinklikheid út as de Wytrussyske Folksrepublyk .
1 april - It Feriene Keninkryk rjochtet in apart loftwapen op: de Royal Air Force (RAF).
5 april - Britske en Japanske troepen lânje yn Vladivostok , yn it Fiere Easten fan Sibearje , om oan 'e kant fan 'e Witen te ynterveniëarjen yn 'e Russyske Boargeroarloch .
9 april - Roemeenje beslút ta de anneksaasje fan Bessaraabje , dat foarhinne ta Ruslân hearde.
24 april - Yn Ierlân brekt in algemiene staking út tsjin 'e tsjinstplicht .
7 maaie - Roemeenje en de Sintrale Machten slute de Frede fan Boekarest , wêrby't Roemeenje grutte territoriale en ekonomyske konsesjes dwaan moat.
15 maaie - De Finske Boargeroarloch einiget mei in oerwinning foar de konservativen (Witen). De kommunisten (Readen) binne beslissend ferslein.
25 maaie - It Tsjechoslowaakske Legioen , in legerûnderdiel dat yn Ruslân meifocht tsjin 'e Sintrale Machten , ynterveniëarret yn it Sibearyske Tsjeljabinsk oan 'e kant fan 'e Witen yn 'e Russyske Boargeroarloch nei ûnthjitten fan 'e Alliëarden om 'e ûnôfhinklikheid fan Tsjechoslowakije te stypjen.
26 maaie - Georgje ropt de ûnôfhinklikheid út as de Demokratyske Republyk Georgje .
28 maaie - Armeenje ropt de ûnôfhinklikheid út as de Demokratyske Republyk Armeenje .
28 maaie - Azerbeidzjan ropt de ûnôfhinklikheid út as de Azerbeidzjaanske Demokratyske Republyk .
30 juny - Yn it ramt fan 'e Russyske Boargeroarloch ferslacht it Reade Leger de opstannige Don-kozakken .
3 july - It oerbefel fan 'e Dútske striidkrêften , de Oberste Heeresleitung , nimt ûnder lieding fan maarskalk Paul von Hindenburg op ynformele wize alle foech oer fan it Dútske regear fan rykskânselier Georg von Hertling .
9 july - De Grutte Treinramp fan 1918 , by Nashville , yn 'e Feriene Steaten , kostet oan 101 minsken it libben.
14 july - Yn Nederlân nimt it regear fan premier Pieter Cort van der Linden it beslút om mei de oanlis fan 'e Suderseewurken te begjinnen.
17 july - Yn it Ipatjevhûs yn Jekaterinburch wurdt Nikolaas II , de lêste tsaar fan Ruslân , mei syn hiele húshâlding fermoarde troch de bolsjewiken .
17 july - Monako wurdt in Frânsk protektoraat .
25 july - Yn it ramt fan 'e Russyske Boargeroarloch beset it Tsjechoslowaakske Legioen de stêd Jekaterineburch .
8 augustus -11 novimber - Yn it Hûndertdeisk Offinsyf brekke troepen fan Frankryk , it Feriene Keninkryk , Britsk-Ynje , Austraalje , Kanada , Nij-Seelân , Nijfûnlân , Súd-Afrika , de Feriene Steaten , Belgje , Portegal , Siam en Itaalje oan it Westfront nei fjouwer jier einlings en te'n lêsten troch de Dútske linys hinne.
16 augustus - Amerikaanske troepen lânje yn 'e stêd Archangelsk , yn it hege noarden fan Jeropeesk-Ruslân , om oan 'e kant fan de Witen te ynterveniëarjen yn 'e Russyske Boargeroarloch .
17 augustus - Britske troepen lânje yn de stêd Bakû , yn Azerbeidzjan , om oan 'e kant fan 'e Witen te ynterveniëarjen yn 'e Russyske Boargeroarloch .
30 augustus - By in oanslach troch de terroriste Franja Kaplan rekket de Russyske bolsjewistyske lieder Vladimir Lenin swierferwûne .
14 septimber - Oan it Balkanfront begjint it Alliëarde Leger fan de Oriïnt , ûnder lieding fan 'e Frânske generaal Louis Franchet d'Espèrey , mei it grutte Vardaroffinsyf tsjin 'e Bulgaren .
15 septimber - Oan it Balkanfront ferslane Frânske , Servyske en Senegaleesk-koloniale troepen de Bulgaren yn 'e Slach by Dobro Polje .
18 septimber - Oan it Balkanfront ferslane Britske en Grykske troepen de Bulgaren yn 'e Slach by Dojran .
18 septimber - Oan it Palestynske Front iepenet de Britske generaal Edmund Allenby in nij offinsyf .
23 septimber - Oan it Palestynske Front feroverje Britske troepen de stêden Akko en Haifa op 'e Osmanen .
25 septimber - Oan it Palestynske Front feroverje Britske troepen de stêd Amman op 'e Osmanen .
28 septimber - Oan it Balkanfront feroverje Frânske koloniale troepen de Servyske stêd Skopje op 'e Bulgaren .
30 septimber - Bulgarije kapitulearret en slút it Bestân fan Thessaloniki mei de Alliëarden . Britske troepen tsjogge de Bulgaarske haadstêd Sofia yn.
2 oktober - Oan it Palestynske Front feroverje Britske troepen de stêd Damaskus op 'e Osmanen .
7 oktober - De Frânske marine feroveret de stêd Beirût op 'e Osmanen .
9 oktober - Oan it Westfront feroverje de Alliëarden de stêd Kameryk .
19 oktober - Oant it Westfront befrije Belgyske en Britske troepen de Flaamske stêd Brugge .
20 oktober - Dútslân beëiniget syn dûkboatoarloch , wat in betingst is fan 'e Amerikaanske presidint Woodrow Wilson foar it oanknoopjen fan fredesûnderhannelings .
24 oktober - Itaalje begjint oan 'e rivier de Piave in nij offinsyf tsjin Eastenryk-Hongarije .
28 oktober - Tsjechoslowakije ropt de ûnôfhinklikheid út.
30 oktober - It Osmaanske Ryk kapitulearret en slút it Bestân fan Moudros mei de Alliëarden .
30 oktober - Italjaanske troepen bringe it Eastenryksk-Hongaarske leger in ferpletterjende nederlaach ta yn 'e Slach by Vittorio Veneto .
30 oktober - It Keninkryk Jemen (it lettere Noard-Jemen ) wurdt ûnôfhinklik fan it Osmaanske Ryk .
1 novimber - Oan it Balkanfront wurdt de Servyske haadstêd Belgrado befrijd troch Frânske troepen ûnder befel fan generaal Louis Franchet d'Espèrey .
3 novimber - Eastenryk-Hongarije kapitulearret en slút in wapenstilstân mei de Alliëarden . It regear fan Hongarije fielt him dêr lykwols net oan bûn.
4 novimber - De Dútske stêd Kiel falt yn 'e hannen fan opstannige matroazen . Dit is it begjin fan 'e Dútske Revolúsje , dy't him fluch útwreidet him nei oare Dútske stêden.
7 novimber - Hongarije kapitulearret en slút it Bestân fan Belgrado mei de Alliëarden .
9 novimber - Troch de Dútske Revolúsje wurdt it regear fan rykskânselier prins Maksimiliaan fan Baden ûnder fuotten helle. Keizer Willem II is twongen om troansôfstân te dwaan.
10 novimber - De ôfsette Dútske keizer Willem II nimt de wyk nei Nederlân , dêr't er asyl kriget en te Doorn komt te wenjen.
11 novimber - Dútslân kapitulearret en slút mei de Alliëarden it Bestân fan Compiègne .
11 novimber - Yn it ramt fan 'e Eastenryksk-Hongaarske Revolúsje docht keizer Karel I ôfstân fan 'e troan .
11 novimber - Poalen (eins: de Twadde Poalske Republyk ) wurdt oprjochte út gebietsdielen fan Dútslân , Ruslân en Eastenryk-Hongarije .
11 novimber - Yn Nederlân ropt SDAP -lieder Piter Jelles Troelstra op ta revolúsje , mar dêr wurdt fan suver alle kanten ôfwizend op reägearre.
12 novimber - In Britske floatienheid fart de haven fan 'e Osmaanske haadstêd Konstantinopel yn om besit fan 'e stêd te nimmen.
18 novimber - Letlân ropt de ûnôfhinklikheid út.
18 novimber - Alliëarde troepen befrije de Belgyske haadstêd Brussel .
29 novimber - It Keninkryk Servje anneksearret it buorlân Montenegro .
desimber - De ferovering fan Wyt-Ruslân troch it Reade Leger wurdt foltôge: ein fan 'e ûnôfhinklike Wytrussyske Folksrepublyk .
1 desimber - It Keninkryk fan Serven, Kroäten en Slovenen (letter koartwei Joegoslaavje neamd) wurdt oprjochte út 'e earder ûnôfhinklike keninkriken Servje en Montenegro en gebietsdielen fan Eastenryk-Hongarije .
1 desimber - Op in gearkomste yn Alba Iulia sprekke de lieders fan 'e etnyske Roemenen yn Transsylvaanje , dat ûnderdiel útmakket fan it Keninkryk Hongarije , harren mei oerweldigjende mearderheid út foar de oansluting fan dat gebiet by Roemeenje .
1 desimber - Iislân wurdt ûnôfhinklik fan Denemark yn 'e foarm fan it Keninkryk Iislân , dat yn in personele uny regearre wurde sil troch de Deenske Kroan .
5 desimber - De Letske Unôfhinklikheidsoarloch tsjin Ruslân brekt út.
9 desimber - Frânske troepen besette it Saarlân .
De lieders fan de Alliëarden op 'e Fredeskonferinsje fan Parys , 27 maaie 1919 . F.l.n.rj.: de Britske premier David Lloyd George , de Italjaanske premier Vittorio Orlando , de Frânske premier Georges Clemenceau en de Amerikaanske presidint Woodrow Wilson .
In etno -linguïstyske kaart fan it útinoar fallende Eastenryk-Hongarije .
De Dútske ôffurdige Johannes Bell ûndertekenet it Ferdrach fan Versailles , wylst de leden fan 'e Alliëarde delegaasjes tasjogge.
1919
1 jannewaris - It Dútske Spartakusbûn ropt himsels út ta de KPD , de Kommunistische Partei Deutschlands .
2 jannewaris - Yn Ierlân brekt in anty-Britske opstân út, dy't letter it begjin fan 'e Ierske Unôfhinklikheidsoarloch blike sil te wêzen.
5 -11 jannewaris - Yn 'e Dútske haadstêd Berlyn wurdt de kommunistyske Spartakusopstân fan it Spartakusbûn (no de KPD ) mei ynset fan it leger bloedich ûnderdrukt troch it sosjalistyske regear fan rykskânselier Friedrich Ebert .
11 jannewaris - It Keninkryk Roemeenje anneksearret Transsylvaanje , dat ûnderdiel útmakket fan it Keninkryk Hongarije .
15 jannewaris - Yn 'e Dútske haadstêd Berlyn wurde de KPD -lieders Karl Liebknecht en Rosa Luxemburg nei harren arrestaasje yn ferbân mei de mislearre Spartakusopstân troch it leger stânrjochtlik eksekutearre .
15 jannewaris - Yn 'e Argentynske haadstêd Buenos Aires iepenet de plysje it fjoer op in demonstraasje fan arbeiders . It bloedbad dêr't mooglik mear as tûzen minsken by omkomme, makket ûnderdiel út fan 'e saneamde Tragyske Wike (Semana Trágica ).
18 jannewaris - Begjin fan 'e Fredeskonferinsje fan Parys , ûnder foarsitterskip fan 'e Frânske premier Georges Clemenceau .
25 jannewaris - De Fredeskonferinsje fan Parys akseptearret it plan fan 'e Amerikaanske presidint Woodrow Wilson foar de oprjochting fan in Folkebûn .
31 jannewaris - Op 'e Fredeskonferinsje fan Parys berikke de delegaasjes fan 'e Alliëarde lannen oerienstimming oer it lot fan 'e koloanjes fan Dútslân (dy't de Alliëarden ûnderinoar ferdiele sille).
6 febrewaris - It provysjoneel parlemint fan Dútslân komt byinoar yn 'e Tueringske stêd Weimar , en beslút dêr ta de oprjochting fan 'e nei dat plak ferneamde Weimarrepublyk , dy't yn it plak komt fan it Keizerryk Dútslân .
11 febrewaris - It regear fan Belgje tsjinnet op 'e Fredeskonferinsje fan Parys in noata yn wêryn't de anneksaasje troch Belgje easke wurdt fan 'e Nederlânske gebietsdielen Siuwsk-Flaanderen en Súd-Limburch .
11 febrewaris - De sosjalist Friedrich Ebert wurdt de earste presidint fan Dútslân .
21 febrewaris - De noch mar krekt keazen sosjalistyske premier fan 'e Dútske dielsteat Beieren , Kurt Eisner , wurdt by in oanslach fermoarde troch de ekstreem-rjochtse ealman Anton greve von Arco auf Valley . As pleatsferfangend premier Erich Auer de moard yn 'e Beierske Lândei bekend makket, wurdt hysels fan 'e publike tribune ôf delsketten troch de slachter Alois Linder , wêrby't er swierferwûne rekket.
25 febrewaris - Op 'e Fredeskonferinsje fan Parys wurdt it Hânfêst fan it Folkebûn oannommen.
25 febrewaris -11 maart - De troch de kommunistyske KPD útroppen algemiene staking yn 'e Dútske haadstêd Berlyn , dy't útrûn wie op in wapene rebûlje , wurdt yn bloed smoard as 29 lieders fan 'e staking op befel fan 'e sosjalistyske minister fan Definsje Gustav Noske stânrjochtlik eksekutearre wurde.
1 -6 maart - By oanhâldende massale demonstraasjes yn 'e Koreaanske stêd Seoel tsjin de Japanske oerhearsking fan Koreä , dêr't nei skatting mear as 2 miljoen minsken oan meidogge, grypt it Japanske leger hurd yn. Der falle tûzenen deaden .
4 maart - Yn Moskou wurdt troch ôffurdigen fan 21 kommunistyske politike partijen út Jeropa en Amearika de Trêde Kommunistyske Ynternasjonale oprjochte, better bekend as de Komintern .
21 maart - Béla Kun ropt yn Boedapest de Sovjetrepublyk Hongarije út.
23 maart - Yn noardlik Itaalje rjochtet oarlochsfeteraan Benito Mussolini syn faksistyske knokploegen Fasci di Combattimento op.
23 maart - Op 'e Fredeskonferinsje fan Parys delegearret de ried fan Alliëarde lannen , de saneamde Ried fan X , syn foech oan 'e Grutte Fjouwer : de premiers fan it Feriene Keninkryk , Frankryk en Itaalje , David Lloyd George , Georges Clemenceau en Vittorio Orlando , en de presidint fan de Feriene Steaten , Woodrow Wilson .
30 maart - Yn Britsk-Ynje brekt ûnder lieding fan Mahatma Gandhi ferset út tsjin 'e saneamde Wet-Rowlatt (Rowlatt Act ), dy't de Britske autoriteiten yn de koloanje tenei it foech jout om "ekstremisten" sûnder foarm fan proses fêst te setten .
8 maart - Nei de weromlûking fan 'e Alliëarde troepen dêrwei falt it Reade Leger yn it ramt fan 'e Russyske Boargeroarloch it skiereilân de Krim binnen.
10 maart - Yn Meksiko wurdt de boerelieder Emiliano Zapata yn opdracht fan presidint Venustiano Carranza by in oanslach fermoarde .
13 april - Yn Amritsar , yn Britsk-Ynje , iepenje Britske troepen it fjoer op in freedsume demonstraasje fan 'e lânseigen befolking . By dit Bloedbad fan Amritsar komme teminsten 379 en miskien wol 1.000 ûnwapene minsken om.
6 maaie - De Fredeskonferinsje fan Parys stimt yn mei it plan fan 'e Súdafrikaanske ôffurdige Jan Smuts om 'e eardere Dútske koloanjes as mandaatgebieten ûnder tafersjoch fan it Folkebûn te stellen.
6 maaie - De Trêde Britsk-Afgaanske Oarloch brekt út as Amanûllah Khan , de emir fan Afganistan , mei syn leger Britsk-Ynje binnenfalt.
15 maaie - De Gryksk-Turkske Oarloch brekt út as Grykske troepen op 'e kust fan Lyts-Aazje lânje en fanút de havenstêd Smyrna optsjogge nei it binnenlân.
19 maaie - Begjin fan 'e Turkske Unôfhinklikheidsoarloch , wêryn't de Turkske Nasjonalistyske Beweging stribbet nei de oprjochting fan in sekuliere Republyk Turkije .
26 maaie - De Fredeskonferinsje fan Parys wiist it earder ûnôfhinklike steatsje Neutraal Moresnet en de Dútske gebietsdielen Eupen en Malmédy as oarlochskompinsaasje ta oan Belgje . De saneamde 'Grutte Fjouwer' (it Feriene Keninkryk , Frankryk , Itaalje en de Feriene Steaten ) lizze lykwols it near op 'e Belgyske anneksaasje fan 'e Nederlânske gebietsdielen Siuwsk-Flaanderen en Súd-Limburch .
28 maaie - Belgyske troepen besette Neutraal Moresnet , Eupen en Malmédy .
6 juny - Utbraak fan 'e Earste Finsk-Russyske Oarloch : Finlân ferklearret Ruslân de oarloch en mingt him oan 'e kant fan 'e Witen yn 'e Russyske Boargeroarloch .
16 juny - De ferovering fan 'e Oekraïne troch it Reade Leger wurdt foltôge: ein fan 'e ûnôfhinklike Oekraynske Folksrepublyk .
28 juny - Dútslân slút frede mei de Alliëarden troch it Ferdrach fan Versailles . Dêrby seit it ta swiere ferhelbetellings oan 'e Alliëarden (benammen Frankryk en Belgje ) dwaan te sillen. Fierders rekket it ferskate gebietsdielen kwyt oan Poalen , Frankryk , Denemark , Belgje , Tsjechoslowakije en de Frije Stêd Danzig . Fierders komt it Saarlân yn 'e foarm fan it Protektoraat Saarlân ûnder ynternasjonaal tafersjoch te stean. Ek al syn koloanjes moat Dútslân ôfstean; dat wurde saneamde mandaatgebieten dy't de Alliëarden ûnderinoar ferdiele.
10 july - Nederlân fiert it frouljuskiesrjocht yn. (D.w.s. it rjocht foar froulju om te stimmen; froulju mochten har yn Nederlân sûnt 1917 al wol ferkiesber stelle.)
12 july - De Alliëarden heffe de blokkade fan 'e Dútske havens op en geane wer hannelsbetrekkings mei it lân oan.
6 augustus - It Roemeenske leger (lânmacht)leger beset de Hongaarske haadstêd Boedapest en makket in ein oan 'e Hongaarske Sovjetrepublyk fan Béla Kun .
8 augustus - De Trêde Britsk-Afgaanske Oarloch einiget mei it Ferdrach fan Rawalpindi yn in militêre ympasse. It Emiraat Afganistan boekt lykwols in diplomatike oerwinning as it Feriene Keninkryk yn it ferdrach de folsleine soevereiniteit fan Afganistan erkent.
11 augustus - De nije Dútske grûnwet wurdt fan krêft: formeel begjin fan 'e Weimarrepublyk en ein fan it Keizerryk Dútslân .
31 augustus - Yn it ramt fan 'e Russyske Boargeroarloch nimme de Wite troepen fan generaal Anton Denikin de stêd Kiëv yn.
1 septimber - Op 'e Fredeskonferinsje fan Parys lizze de 'Grutte Fjouwer' (it Feriene Keninkryk , Frankryk , Itaalje en de Feriene Steaten ) it near op 'e yntegraasje fan Dútsk-Eastenryk yn Dútslân .
2 septimber - Itaalje fiert it algemien kiesrjocht en in stelsel fan proporsjonele fertsjintwurdiging yn.
10 septimber - Eastenryk slút frede mei de Alliëarden troch it Ferdrach fan Saint-Germain-en-Laye .
11 septimber - It nasjonalistyske Turkske tsjinregear yn Ankara , dat ûnder lieding stiet fan generaal Mustafa Kemal Pasja , ferbrekt alle bannen mei it regear fan sultan Mehmed VI yn Konstantinopel .
12 septimber - Italjaanske nasjonalisten ûnder lieding fan 'e skriuwer en politikus Gabriele d'Annunzio besette yn striid mei it Ferdrach fan Saint-Germain-en-Laye de Frijsteat Fiume (Rijeka).
22 septimber - De Alliëarden geane diplomatike betrekkings oan mei Eastenryk .
27 septimber - Britske troepen lûke har werom út 'e Russyske stêd Archangelsk .
12 oktober - Britske troepen lûke har werom út 'e Russyske stêd Moermansk .
27 oktober - It Amerikaanske Kongres negearret in feto fan presidint Woodrow Wilson troch mei twatrêde mearderheid de Volstead Prohibition Enforcement Act oan te nimmen. Dêrmei is de Drûchlizzing fan 'e Feriene Steaten in feit.
14 novimber - Yn it ramt fan 'e Russyske Boargeroarloch feroveret it Reade Leger de Sibearyske stêd Omsk op 'e Wite troepen fan admiraal Aleksander Koltsjak .
18 novimber - Foar de Dútske parlemintêre ûndersykskommisje dy't him dwaande hâldt mei de skuldfraach oangeande de Earste Wrâldoarloch presintearret maarskalk Paul von Hindenburg syn Dolkstjit-leginde : de Dútsers soene de oarloch wûn hawwe as se net troch sosjalisten út eigen lân mei in dolk yn 'e rêch stutsen wiene.
19 novimber - De Amerikaanske Senaat fersmyt mei 39 tsjin 55 stimmen it Ferdrach fan Versailles , dat de frede mei Dútslân regelet. Dêrmei wurde de Feriene Steaten it iennichste Alliëarde lân dat dat ferdrach net ratifisearret . Der sil no in aparte frede tusken Dútslân en de Feriene Steaten komme moatte.
25 novimber - De regearings fan Poalen en Dútslân slute in ferdrach oer de Dútske ûntromming fan West-Prusen , dat neffens it Ferdrach fan Versailles diel fan Poalen wurde sil.
27 novimber - Bulgarije slút frede mei de Alliëarden troch it Ferdrach fan Neuilly-sur-Seine . Dêrby moat it hiel West-Traasje ôfstean oan Grikelân , en ferskate lytsere gebietsdielen oan it nij-foarme Joegoslaavje .
9 desimber - Under swiere druk fan 'e Alliëarden en nei earst in yngeande plondering útfierd te hawwen, lûkt it Roemeenske leger him werom út 'e Hongaarske haadstêd Boedapest .
9 desimber - Roemeenje slút fredesferdraggen mei Eastenryk en Bulgarije .
16 desimber - It Dútske leger lûkt him tebek út Letlân en Litouwen .
22 desimber - As ûnderdiel fan 'e Earste Reade Panyk yn 'e Feriene Steaten wurde op it skip de Buford 250 linkse Amerikaanske steatsboargers , ûnder wa de anargistyske liedster Emma Goldman , nei Ruslân deportearre .
Boarnen, noaten en referinsjes