Nashville (útspr.: [ˈnæʃvɪl], likernôch: "nesj-wil") is de haadstêd fan 'e AmerikaanskesteatTennessee en teffens it haadplak fan Davidson County. It leit oan 'e rivier de Cumberland, yn it midden-noarden fan 'e steat, en stiet fral bekend om it grutte tal universiteiten dat der fêstige is, en om't it it sintrum fan 'e Amerikaanske country and western-muzyk is. Nashville is in konsolidearre stêd-county, wat sizze wol dat it stedsbestjoer fan Nashville ek it countybestjoer is fan it omlizzende Davidson County. Dy county omfiemet lykwols njonken Nashville ek noch seis oare, folle lytsere gemeenten, dy't op lokaal nivo selsbestjoer hawwe, lykas Belle Meade en Berry Hill. Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 hie Nashville as stêd doe goed 600.000 ynwenners en as stêd-county krapoan 627.000. Dêrmei is it de twadde stêd fan Tennessee, nei Memfis. As stêdekloft, mei alle foarstêden yn omlizzende countys derby, hie Nashville neffens in offisjele skatting út 2012 in befolking fan rom 1,7 miljoen minsken.
Skiednis
Nashville waard yn 1779 stifte, en ferneamd nei Francis Nash, in held út 'e Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch. Fanwegen syn strategyske lizzing, syn tagonklikens as rivierhaven en syn lettere funksje as spoarknooppunt groeide de delsetting fluch. Yn 1806 krige it offisjeel de status stêd, en waard it it haadplak fan Davidson County. Yn 1843 waard it foargoed de haadstêd fan Tennessee.
Tsjin 1860, oan 'e foarjûn fan 'e ôfskieding fan it Suden en it útbrekken fan 'e Amerikaanske Boargeroarloch, wie Nashville in tige woltierige stêd. Mar deselde faktoaren dy't Nashville ryk makke hiene, syn rivierhaven en it spoar, makken it ek tige begearlik foar de beide stridende partijen. Yn 1861 skate Tennessee him mei de measte oare súdlike steaten ôf fan 'e Amerikaanske Uny. Kentucky, dat benoarden Tennessee leit, en yn 'e regel ek ta it Suden rekkene wurdt, bleau de Uny lykwols trou (sy it fierhinne ûnder twang), en sadwaande kaam Nashville yn noardlik Tennessee fuort oan it front te lizzen. Yn febrewaris 1862 waard it de earste Súdlike steatshaadstêd dy't yn Noardlike hannen foel. Op 15 en 16 desimber1864 waard yn 'e omkriten fan 'e stêd de Slach by Nashville útfochten, wêryn't de Noardliken ien fan 'e meast oerweldigjende oerwinnings fan 'e oarloch behellen.
Nei de oarloch wûn Nashville binnen in pear jier syn âlde status fan wichtige rivierhaven en hannelsstêd werom, en teffens waard der yn dy snuorje de basis lein fan in eigen yndustry. In protte fan 'e tsjintwurdige histoaryske gebouwen yn 'e binnenstêd datearje út dizze nei-oarlochske perioade fan woltier.
Yn 1963 smieten de stêd Nashville en it omlizzende Davidson County op bestjoerlik mêd de lapen gear, en waard de konsolidearre stêd-county foarme. Sûnt de 1970-er jierren hat de stêd in ûnbidige groei trochmakke, yn 't bysûnder yn 'e jierren njoggentich, ûnder it bestjoer fan 'e doetiidske boargemaster (en lettere gûverneur fan Tennessee) Phil Bredesen, dy't fan stedsfernijing syn heechste prioriteit makke. Bredesen wie ek foar in part ferantwurdlik foar de bou of renovaasje fan ferskate yn it each springende gebouwen yn Nashville, lykas de Country Music Hall of Fame and Museum en de Iepenbiere Bibleteek fan Nashville.
Nashville hjoed de dei
Hjoed-de-dei is Nashville in krúspunt fan 'e Amerikaanske kultuer, en boppedat ien fan 'e fluchst groeiende stêden yn it Hegere Suden. Teffens is it in sintrum foar sûnenssoarch, de útjouwersbrâns, it bank- en fersekeringswêzen en frachtferfier. Wat transport oangiet, wurdt de stêd betsjinne troch de Ynternasjonale Lofthaven fan Nashville.
Mei bynammen as The Home of Country Music en Music City is Nashville boppedat in grutte spiler yn 'e Amerikaanske muzykyndustry, benammen op it mêd fan 'e country and western-muzyk. Sûnt de sechstiger jierren is Nashville útgroeid ta de op ien nei grutste muzykproduksjestêd fan 'e Feriene Steaten (nei New York), en neffens sifers út 2006 wiene doe yn Nashville 19.000 minsken wurksum yn 'e muzykyndustry. Lykwols is mei 200.000 banen de sûnenssoarch yn Nashville en omkriten noch in maatsje grutter.
Op it mêd fan toerisme en besjensweardichheden stiet de stêd fral bekend om 'e Grand Ole Opry (Súdlik Amerikaansk-Ingelsk foar "Grutte Alde Opera"), in konsertgebou dat it Mekka fan 'e country and western-muzyk is. Dêrnjonken is der ek de Country Music Hall of Fame and Museum fêstige, dêr't grutte nammen fan 'e country and western-muzyk en de skiednis fan it sjenre sels beljochte wurde. Elts jier yn novimber wurde op in galajûn yn 'e Bridgestone Arena yn Nashville de Country Music Association Awards útrikt, in evenemint dat live op 'e Amerikaanske tillefyzje útstjoerd wurdt, en dêr't miljoenen minsken nei sjogge.
Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 (dy't fan tapassing binne op Nashville as stêd-county, en dus hiele Davidson County beslane) wie doe fan 'e befolking fan 11% âlder as 65 jier en 22% jonger as 18 jier. Fierders bestie 44,4% fan 'e húshâldings út ien persoan, wylst 16,2% fan 'e befolking ûnder de earmoedegrins libbe. Tusken 1990 en 2010 wie it ynwennertal fan 'e stêd-county omheech gien fan 488.000 nei 636.000. Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 56,3% blanken; 28,4% swarten; 10,0% Latino's; 3,1% Aziaten; 0,3% Yndianen; 1,9% oaren of fan mingd etnysk komôf.
Fanwegen syn relative goedkeapens as wenplak en syn grutte banemerk is Nashville in populêre stêd wurden foar ymmigranten om harren nei wenjen te setten. Sa binne der yn 'e stêd grutte mienskippen Fjetnamezen, Laotianen, Kmer, Arabieren en Bûtanezen fêstige. Fierders wennet yn Nashville de grutste Koerdyske mienskip yn 'e Feriene Steaten, besteande út likernôch 11.000 minsken. De skiednis fan 'e Amerikaanske Joadske mienskip yn 'e stêd (besteande út sa'n 6.500 leden) giet mear as oardel iuw werom.
Nashville hat in fochtich subtropyskklimaat, mei oer it algemien hjitte fochtige simmers en koele oant tuskenbeiden kâlde winters. Yn july, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 31,8 °C, en yn jannewaris, de kâldste moanne, is dat 8,3 °C. Rekôrtemperatueren wiene 43 °C op 29 juny2012 en –27 °C op 21 jannewaris1985. De hjerst en maityd binne yn Nashville yn 'e regel waarm, mar bringe gauris slim swierwaar, dêr't dan út en troch tornado's út fuortkomme. Resint is de stêd noch troffen troch lichte tornado's (wynhoazen) yn 1998, 2006, 2008, 2009 en 2010. De lange hjersten en maitiden soargje der, yn 'e mande mei it grutte ferskaat oan bloeiende planten, foar dat Nashville gjin geunstige stêd is foar lju dy't oan heakoarts of astma lije. Nashville kriget jiers trochinoar 1.199½ mm delslach, mei dêrûnder oer it hiele winterhealjier ferdield 14,7 sm snie.