Hyp Hyp Hoera , in skilderij fan Peder Severin Krøyer út 1888 .
In feest (fan it Aldfrânske feste ) is in gearkomste fan in ûnbeskaat tal minsken mei as bedoeling om mei-inoar in heuchlik barren of in hjeldei of offisjele feestdei te fieren. In heuchlik barren kin bygelyks in jierdei , houlik , berte of jubileum wêze. In hjeldei kin it krystfeest of in oare religieuze feestdei wêze. In offisjele feestdei is bygelyks Befrijingsdei of Keningsdei . In feest kin lykwols ek sûnder direkte oanlieding plakfine.
Om it feestlike karakter fan 'e gearkomste oan te jaan, is der faak sprake fan fersiering , lykas slingers en/of lampions . Oare ûnderdielen fan in feest binne gauris it optsjinjen en iten fan taart of oarsoartich gebak (yn Fryslân faak oranjekoeke ); it dragen fan feestklean of alteast ferklaaiersklean troch de gasten, en it draaien fan muzyk of it fersoargen fan live-muzyk. Op bernefeesten en doarpsfeesten wurde faak âlde spultsjes dien, lykas koekhappen en sekrinnen .
Der besteane in grut tal ferskillende soarten feesten, lykas:
afterparty , in feest nei it haadfeest
babyshower , in feest dat holden wurdt foar in frou dy't swier is, foarútrinnend op 'e berte
bal , in dûnsfeest
brulloft , in feest ta gelegenheid fan in houlik
buertfeest , in feest fan in stedsbuert
cocktailparty , in feest om te sosjalisearjen ûnder it genot fan in drankje
doarpsfeest , in feest fan in hiel doarp
eksamenfeest , in feest ta gelegenheid fan it slagjen foar de middelbere skoalle
festival , in grutskalich feest of grutskalich feestlik evenemint
frijfeintefeest of frijfammefeest , in feest dat koart foar syn of har trouwen holden wurdt foar in frijfeint of frijfaam
fuif , in feestje yn húslik fermidden
fundraisingparty , in feest dat holden wurdt om jild yn te sammeljen
housewarmingparty , in feest ta gelegenheid fan in ferhuzing
jierdeisfeest , in feest om in jierdei te fieren
maskere bal of costumeparty , in feest dêr't de gasten hinne moatte ferklaaid as immen of eat oars
ôfskiedsfeest , in feest om ôfskie fan immen te nimmen
preparty , in feest foarôfgeande oan it eigentlike feest
resepsje , in feest ta gelegenheid fan eat offisjeels, lykas in bedriuwsiepening of in jubileum
soirée , in besletten feest dat op 'e jûn holden wurdt
strjitfeest , in feest fan 'e lju dy't yn deselde strjitte wenje of in oarsoartich feest dat op 'e strjitte holden wurdt
surpriseparty , in feest dat oant op it lêst foar de earegast geheim holden wurdt
túnfeest , in feest dat plakfynt yn 'e tún
wolkomsfeest , in feest om immen wolkom te hjitten
Boarnen, noaten en referinsjes