Mackensen troude yn 1879 mei Doris (eins Dorothea) von Horn, de suster fan in kammeraat dy't yn 'e striid sneuvele wie. Har heit, Karl von Horn, wie de ynfloedrike Oberpräsident fan East-Prusen, dat it houlik hie gjin ferkearde útwurking foar de militêre karriêre fan Mackensen. Yn 1891 waard er oerpleatst nei de generale stêf yn Berlyn sûnder dat dêr yn syn gefal de wenstige trije jier tarieding oan 'e militêre akademy foar nedich wie. De stêfsjef, Helmuth von Moltke de Aldere, omskreau him yn dy tiid as in "ynnimlik figuer". Under de folgjende stêfsjef, Alfred von Schlieffen, tsjinne Mackensen as persoanlik adjudant. Hy beskôge Schlieffen as syn grutte learmaster op it mêd fan it oanfieren fan grutte legermachten.
Mackensen makke ek in goede yndruk op keizerWillem II fan Dútslân, dy't mids 1893 oardere dat er it befel krije moast oer it 1e Liifhuzarerezjimint. Nei't er yn 1898 by dy ienheid wei oerpleatst waard nei in hegere posysje, behold Mackensen in earelidmaatskip fan it rezjimint, en neitiid droech er sadwaande noch geregeldwei it opfallende swarte militêr unifoarm mei de Totenkopf, in deadskopembleem, op 'e bearemûtse. Syn folgjende funksje wie dy fan adjudant fan Willem II sels, wat foar Mackensen as in ferrassing kaam om't dy posysje noch nea troch immen ferfolle wie dy't net fan adel wie. Fan 1898 oant 1901 gied er oeral dêr't de keizer gie, en ferkearde er sadwaande yn 'e alderheechste fermiddens fan Jeropa en it Heine Easten. Op 'e fjirtichste jierdei fan 'e keizer, dy't foel op 27 jannewaris1899, waard Mackensen yn 'e adelstân ferheft en waard sadwaande it tuskenheakselvon oan syn namme tafoege.
Hoewol't de Dútsers de Russen fier weromsmiten hiene, wisten de Russen yn it súdlike part fan it Eastfront oansjenlik súksessen te boeken yn 'e striid tsjin Eastenryk-Hongarije, dat in bûnsgenoat fan Dútslân wie. Tsjin april1915 hiene se hiel Galysje (no yn súdlik Poalen, de krite om Krakau hinne) op 'e Eastenrikers ferovere. Yn reäksje op 'e wanhopige rop om help fan Eastenrykske side, besleat de Dútske algemien militêr opperbefelhawwer Erich von Falkenhayn dat der in mienskiplik Dútsk-Eastenryksk offinsyf komme moast tsjin 'e Russyske flank, dat út it noarden wei dwers troch Galysje nei Hongarije gean soe. It betingst fan Falkenhayn wie wol dat in Dútser it kommando krije moast oer dy oanfal. Mei tsjinnichheid stimde de Eastenryksk-Hongaarske legerlieding dermei yn dat Mackensen de bêste kar wie om it koälysjeleger oan te fieren.
Sa ûntstie de earste Legergroep Mackensen (Heeresgruppe Mackensen), dy't bestie út it nij gearstalde Dútske 11e Leger, dêr't Mackensen ek it direkte befel oer fierde, en it Eastenryksk-Hongaarske 4e Leger. As stêfsjef waard him Hans von Seeckt tawiisd. Mackensen, dy't op 'e Russen in oerweldigjende oermacht oan artillery hie, teplettere de Russyske linys yn it saneamde Gorlice-Tarnów-offinsyf en dreau de fijân almar fierder nei it easten, wêrby't er derfoar soarge dat er syn tsjinstanners nea de tiid joech om in effektive ferdigeningsliny op te setten. Op dy wize werovere er yn koarte tiid frijwol hiel eastlik Galysje, de wichtige stêdenPrzemyśl en Lemberch (no Lvóv) ynbegrepen. De mienskiplike operaasje wie sadwaande in grut súkses foar de Sintralen, dy't harren linys 310 km nei foarren ta opskood hiene. Koarte tiid letter loeken de Russen harren hielendal út Poalen werom, om in sterkere liny yn harren efterlân yn te nimmen.
Op 6 oktober begûn Mackensen mei syn Dútske en Eastenryksk-Hongaarske troepen in nij offinsyf út it noarden wei, wylst in stikmannich dagen letter de Bulgaren Servje yn 'e rêch oanfoelen. Mei dy fjildtocht fermoarzele er it ferset fan 'e Serven. Dêrby spile beslist mei dat de fijân troch in fol oarlochsjier ferswakke rekke wie, mar it súkses fan Mackensen hie wierskynlik ek te krijen mei it feit dat hy de Serven net ûnderskatte en sels utering joech oan syn respekt foar harren militêre kinnen, wylst de measte Eastenrikers inkeld op harren delseagen.
Nettsjinsteande dat reizge Mackensen nei syn súksesfolle offinsyf as in grut oarlochsheld nei de Eastenrykske haadstêdWenen, dêr't er in persoanlike audiïnsje hie mei keizer Frâns Joazef. Hy waard ûnderskaat mei it Eastenrykske Militêr Krús fan Fertsjinste earste klasse mei diamanten, wat noch nea in bûtenlanner oerkommen wie.
Roemeenske Fjildtocht
Nei't Roemeenje op 15 augustus1916 oan 'e kant fan 'e Alliëarden begûn mei te fjochtsjen yn 'e Earste Wrâldoarloch, krige Mackensen it befel oer in trêde Legergroep Mackensen, dy't bestie út Dútske, Eastenryksk-Hongaarske, Bulgaarske en Osmaanske troepen. As stêfsjef krige er generaal Emil von Hell tawiisd. Hy sammele syn legermacht yn noardlik Bulgarije, en teach doe op nei de Súd-Dobroedsja, in gebiet oan 'e Swarte See dat de Bulgaren oan 'e ein fan 'e Twadde Balkanoarloch, yn 1913, oan Roemeenje ôfstean moatten hiene. Tsjin 8 septimber hied er twa wichtige Roemeenske fêstings oan 'e súdlike igge fan 'e Donau ferovere.
Om dyselde tiid hinne briek in twadde Dútske en Eastenryksk-Hongaarske legergroep ûnder Falkenhayn yn Transsylvaanje troch de berchpassen yn 'e Karpaten, wylst Mackensen mei syn troepen fia in pontonbrêge de Donau oerstiek en djipper Roemeenje ynkrong. It Roemeenske leger en syn Russyske bûnsgenoaten rekken yn 'e knipe tusken de opmars fan Falkenhayn út it noarden en dy fan Mackensen út it suden. Mackensen joech lieding oan 'e Slach om Boekarest, de Roemeenske haadstêd, en dy foel op 6 desimber, syn 67e jierdei, yn syn hannen. Hy ried dy deis op in wyt hynder de stêd binnen en naam syn yntrek yn it keninklik paleis. Oan 'e ein fan desimber litten de Roemenen in nije nederlaach yn 'e Slach by Râmnicu Sărat. De Roemeenske ferdigening stoarte dêrnei yn, sadat de Sintralen it hiele lân ûnder de foet rinne koene.
De lêste militêre kampanje dêr't Mackensen by belutsen wie, kaam del op in besykjen om foargoed ôf te weven mei it Roemeenske Leger, dat him nei it Russyske Kerensky-offinsyf wergroepearre hie. Yn 'e Slach by Mărăşeşti litten beide kanten swiere ferliezen, mar de oerwinning gie nei de Roemenen, hoewol't Mackensen dat oars seach. Hy hold fol dat er nea ferslein wie en dat er de meast konsekwint súksesfolle legeroanfierder fan 'e hiele oarloch wie. Tsjin desimber1917 wie it Russyske Leger útinoar fallen fanwegen de Oktoberrevolúsje, mei as gefolch dat de Roemenen gjin bûnsgenoaten mear hiene oan it Eastfront. Se wiene dêrom twongen om mei de Sintrale Machten it Bestân fan Focşani te sluten, yn 1918 folge troch de Frede fan Boekarest.
Mackensen behold de post fan militêr gûverneur yn Roemeenje oant de ein fan 'e Earste Wrâldoarloch, en wie yn dy tiid de de facto hearsker oer it grutste part fan it suden fan dat lân. Nei't Dútslân him by it Bestân fan Compiègne, op 11 novimber1918, feitlik oan 'e Alliëarden oerjûn hie, fierde Mackensen 200.000 Dútske soldaten oan op in weromtocht út Roemeenje nei Dútslân. Yn Hongarije waarden hy en syn hiele leger kriichsfinzen nommen troch de Alliëarde troepen fan 'e FrânskegeneraalLouis Franchet d'Espèray, dy't yn it neijier fan 1918 in trochbraak oan it Masedoanyske Front forsearre hie. Mackensen bleau in fol jier yn kriichsfinzenskip, oant er yn novimber1919 frijlitten waard. Hy wie ien fan 'e 896 Dútsers op in Alliëarde list fan mooglike oarlochsmisdiedigers, mar de strafrjochtlikeferfolging waard net trochset.
Yn 'e Weimarrepublyk
Under de Weimarrepublyk, dy't yn Dútslân oprjochte waard nei't keizer Willem II by de Dútske Revolúsje ôfset wie, tsjinne Mackensen noch in jier yn 'e Reichswehr. Yn 1920, doe't er ûnderwilens 71 jier wie, swaaide er earfol ôf út militêre tsjinst. Hoewol't er poer tsjin wie op 'e Frede fan Versailles en it nije systeem fan parlemintêredemokrasy dat yn 'e Weimarrepublyk ynfierd wie, hold er him de earste jierren stil.
Nei't Hitler ein jannewaris1933rykskânselier waard, ûntjoech Mackensen him ta in sichtbere, sij it symboalyske, oanhinger fan it nazy-rezjym. Dat feroare net nei it ferstjerren fan Hindenburg yn augustus1934, doe't Hitler alle macht nei himsels ta loek. It wie Mackensen syn ferskining yn syn swarte huzare-unifoarm mei bearemûts mei Totenkopf-embleem dat der oanlieding ta joech dat twa organisaasjes út it Trêde Ryk datselde deadskopsymboal oernamen: de Panzerwaffe, dy't himsels as opfolger fan 'e keizerlike kavalery seach, en Hitler syn eigen liifgarde, de SS. Yn oktober1935 krige Mackensen by wize fan tank foar syn stipe fan it nazy-rezjym it lângoedBrüssow, yn 'e provinsjeBrandenburch.
Mackensen bleau oant op it lêst in oertsjûge monargist, en wenne yn july1941 yn fol keizerlik unifoarm de begraffenis fan keizer Willem II by yn dy syn ballingsoardDoorn, yn besetNederlân. Yn 1944 feroardiele er publyklik de mislearre moardoanslach op Hitler fan in groep Dútske ofsieren ûnder lieding fan greveClaus Schenk von Stauffenberg. Mids april1945 waard Mackensen yn syn wenplak yn it hjoeddeistige Nedersaksen in lyts skoftke kriichsfinzen holden, doe't dy krite ferovere waard troch soldaten fan it Britske 2e Leger. Neffens it offisjele ferslach soed er, doe't de Britten syn hûs binnenfoelen, gjin oarlochssuchtige útspraken útslein hawwe, sa't miskien fan him ferwachte wurde koene, mar inkeld it fersyk dien hawwe dat de soldaten tsjinkeare soene dat de krekt befrijde bûtenlânske twangarbeiders noch mear fan syn hinnenstielen.
Yn 1905 waard Mackensen widner nei it ferstjerren fan syn earste frou. Hy wertroude yn 1908 mei Leonie von der Osten (1878-1963), dy't 22 jier jonger wie as hy. Ut syn twadde houlik kamen gjin bern fuort.