De Atlantyske Oseaan is op de Stille Oseaan nei de grutste see op Ierde, en hy is likernôch in fiifde fan it gebiet fan de Ierde grut.
Untstean
Pangaea driuwt út inoar en foarmet de hjoeddeiske Atlantyske Oseaan
Nei alle gedachten is de Atlantyske Oseaan earst 150 miljoen jier lyn ûntstien, doe't ferskate parten fan Pangea al wer útelkoar dreaunen. Mooglik is de skuor tusken Amearika en Jeropa/Afrika it gefolch fan it ûntstean fan de Hekla. Ut dy skuor komt de Midatlantyske Rich omheech, ûntstien út omheechkommend magma. De magma komt hieltyd noch omheech, wat betsjut dat de wrâlddielen om de oseaan hinne hieltyd noch fierder útelkoar skood wurde, en dat de Midatlantyske Rich hieltyd noch waakst. Dêr't de rich boppe wetter útkomt, foarmet dy de Midatlantyske eilannen.
Lannen en territoaria oan de Atlantyske Oseaan en syn râneseeën