It Ierske eilân hat likernôch 84,421 km², dêr't fan 70,280 km² by de republyk Ierlân heart. It binnenlân fan Ierlân is in ridlik flak plato mei dêromhinne nei de see ta in heuveleftich gebiet. De heechste berch is mei 1.041 m de Carrauntoohil, dy't yn it súdwesten fan it lân leit.
De IRA dy't meidie oan de Ierske ûnôfhinklikenskriich bleau fjochtsjen tsjin de Britten en hat as doel de Britten út Noard-Ierlân te reagjen. Yn 'e twadde helte fan de njoggentiger jierren is de striid tusken it Britsk regear en de IRA belune.
Demografy
Yn it tiidrek 1850 oant 1950 wie der in delgong yn ynwennertal fan sân nei trije miljoen, de haadreden dêrfoar wie de minne ekonomyske situaasje. Underwilens hat Ierlân 4.2 miljoen ywenners [1].
BYP per persoan is $46.600 (2007). Gearstalling fan BYP per sektor is 5% lânbou, 46% yndustry en 49% tsjinsten.
Militêr
Struktuer
De Ierske definsje hat in lânmacht (ynklusyf loftmacht en marine).
Mankrêft
Yn 2008 wienen der 1.024.635 Ierske manlju fan tusken de 16-49 jier.
Dêrfan wienen 854.982 fit foar militêre tsjinst.
Dy groep wurdt alle jierren oanfold mei manlju dy't sechtjin jier wurde, yn 2008 wienen dat der 28.610.
Budzjet
Militêr budzjet $700 miljoen (fiskale jier 2000/01).
Persintaazje fan it BYP 0,9 % (fiskale jier 2000/01).
Transport
Wichtichste havens binne Cork, Dublin en Shannon Foynes. Dublin hat it grutste fleanfjild fan Ierlân. De maksimum snelheid op de autodyk is 120 km/h.
Ierlân hat (2006):
96.602 km ferhurde dyk.
3.237 km spoardyk.
956 km farwetter.