Slowakije is fan west nei east likernôch 410 km en fan noard nei súd tusken de 100 en 190 km. De Gerlachovský štít 2.655 m is it heechste punt fan Slowakije en leit yn it Tatraberchtme.
It lân bestiet foar it grutste part út berchgebieten, dy't allegearre diel útmeitsje fan de Beskiden en de Karpaten. Allinnich it súdwestlike part en yn it uterste súdeasten binne leechlizzend gebieten, dy't by de Pannonyske flakte hearre.
De berchgebieten kinne rûchwei yn twa kloften ferdield wurde; ten noarden fan de fallei fan de rivieren de Váh en de Hornád, en it gebiet súdlik dêrfan. Yn it noarden lizze fan west nei east; de Lytse Karpaten (op de grins mei Tsjechje), (diels) de Lytse Fatra, de Tatra (op de grins mei Poalen), dy't wer ûnderferdield wurdt yn Westlike, Hege, en de Belianske Tatra. Súdlik fan de fallei lizze (diels) de Grutte Fatra, Lege Tatra en het Slowaaksk Ertsberchtme. Yn protte berchgebieten binne ek populêre wintersportgebieten, fral yn de Hege Tatra. Yn dat berchtme leit ek de heechste berch fan Slowakije; de Gerlachovský štít (2.655 meter) en de Kriváň.
Yn it lân wenje likernôch 5,43 miljoen minsken. 85 % fan de befolking is Slowaaksk. Yn Slowakije wenje Dútske, Tsjechyske, Hongaarske en Roma minderheden.
De offisjele taal fan it lân is it Slowaaksk. De oare talen dy't sprutsen wurde binne it Hongaarsk en it Roeteensk.
BYP per persoan is 20.200 USD (2008). Gearstalling fan BYP per sektor is 2,6% lânbou, 33,5% yndustry en 63,9% tsjinsten.
Oant en mei 2008 brûkte it lân as munt de Koruna (SKK). Op 7 maaie fan dat jier waard it Slowakije goedkard as lid fan de muntuny. De koers fan de Koruna waar oanpast ta 30,126 op 1 Euro, en mei dy koers gong it lân op 1 jannewaris 2009 op de Euro oer.
Militêr
Struktuer
De Slowaakske definsje hat in lânmacht en loftmacht.
Mankrêft
Yn 2008 wienen der 1.420.966 Slowaakske mannen fan tusken de 16-49 jier. Dêrfan wienen 1.166.833 fit foar militêre tsjinst. Dy groep wurdt alle jierren oanfold mei manlju dy't sechtjin jier wurde, yn 2008 wienen dat der 38.183.
Budzjet
It lân hat in militêr budzjet $406 miljoen (2002). Dat is 1,87 % fan it BYP(2005).
Transport
Wichtichste havens binne Bratislava en Komarno. De grutste fleanfjilden binne dy fan Bratislava, Poprad, Sliač en Košice. De maksimum snelheid op de autodyk is 130 km/h.