In Ultraperifeare regio of ultraperifear gebiet is in gebietsdiel fan in lidsteat fan de Jeropeeske Uny dêr't de wetjouwing fan de Jeropeeske Uny wol fan tapassing is mar de tapassing fan de wetjouwing is troch de grutte ôfstân mei de Jeropeeske Uny beheind. Ultraperifeare regio's hearre wol by de Jeropeeske Uny, oars as lannen en gebieten oersees.