Oekraïne

Україна
Flagge fan Oekraïne Wapen fan Oekraïne
Flagge Wapen
Lokaasje fan Oekraïne
Offisjele taal Oekraynsk
Haadstêd Kiev
Steatsfoarm Republyk
Gebiet
% wetter
603.700 km²
0­%
Ynwenners (2020) 41.830.619 (sûnder Krim)
Munt Hryvnia (UKH)
Tiidsône UTC +2
Nasjonale feestdei -
Lânkoade UKR
Ynternet .ua
Tillefoan 380

Oekraïne is in lân yn East-Jeropa. De haadstêd is Kiev. Benoarden Kiev leit Tsjernobyl, dêr't yn 1986 in kearnramp wie. Yn 2014 waard de Krim troch Ruslân ferovere, yn 2022 waard de rest fan Oekraïne oanfallen troch Russyske rebellen yn it easten fan it lân en it Russyske leger. Volodymyr Zelensky is sûnt 20 maaie 2019 presidint fan it lân.

Geografy

Lizzing

Oekraïne wurdt begrinzge troch:

Lânskip

Oekraïne is it twadgrutste lân fan Europa nei Ruslân. It lân hat in oerflak fan 603.7000 km² en in kustline by de Swarte See is 2.782 km lang.

De Binnen Westlike Karpaten

It lânskip is meast flak mei de fruchtbere Pontyske steppe yn it suden en hat ferskillende plato's. De wichtichste dêrfan is it Donets(Donbass)plato yn it uterste easten fan it lân.

In part fan de Karpaten rint troch it westen fan Oekraïne. De heechste berch yn dat gebiet is de Hoverla (2.061 m). Yn it easten binne noch wat hichen. It heechste punt op it skiereilân Krim is de berch Roman Kosch (1.545 m). It wetter fan de rivieren Dnjepr en Desna komt út it noarden wei en streamt fia Kiev nei de Swarte See. Troch it westen streame Dnjestr, Proet, Westlike Boech en Súdlike Boech. Yn it easten is de Siwerskyj Donez in sydrivier fan de rivier de Don dy't troch Ruslân streamt. De kust fan de Swarte See hat in protte riviermûnings, wylst de kust by de Krim just rotseftich is.

Oekraïne hat in tuskenbeiden klimaat. De Krim hat in Middellânske seeklimaat. Yn it noarden en westen falt mear rein as yn it easten en súdeasten. Yn de winter wurdt it op de Krim net sa kâld. Nei it noarden ta wurdt it winterdeis in stik kâlder. Yn de simmer is de temperatuer yn it hiele lân frij heech.

Fan de befolking wennet 67% yn de stêden, de oare 33% op it plattelân. De fiif grutste stêden binne Kiëv (de haadstêd), Kharkiv, Donetsk, Dnipro en Odesa, dy't allegear mear as 1.000.000 ynwenners ha.

Skiednis

Sûnt de âldheid hat it steppegebiet fan Oekraïne bewenne west troch hieltyd oare folken: de Skyten (7e iuw f.Kr. - 3e iuw f.Kr.), Goaten en Hunnen (4e iuw - 5e iuw), Slaven (6e iuw) en Mongoalen (13e iuw).

Yn de 8e iuw fearen Wytsingen oer de rivieren yn East-Europa en setten har nei wenjen yn Oekraïne. De Wytsingen fermongen har mei de oarspronklike Slavyske befolking. De Wytsingen kamen foar in grut part út Sweden. Der wienen twa groepen Wytsingen, de Wareger en de Rus. Dy twa groepen wienen beskiedend foar de stifting fan de earste Eastslavyske steat, it Kievske Ryk. Om 1200 hinne rekke de ienheid yn dat ryk wei. Om 1240 oerweldigen de Mongoalen it Oekraynske part fan it eardere ryk.

Kearpunt yn de skiednis fan Oekraïne hat west de ynliving fan Galysje-Wolynje, steatkundich sjoen de opfolger fan Kiev, troch Poalen (1340-1349). Nei de personele uny tusken beide lannen (1386) rekke Oekraïne stadichoan hieltyd fierder ûnder Poalske ynfloed. In protte boeren flechten wei nei de kozakken dy't harren selsstannige posysje wol tsjinoer Poalen yn stân hâlde koenen.

By it Bestân fan Androesjovo fan 1667 waard it gebiet fan Oekraïne troch Poalen en Ruslân ferparte. Yn 1764 waard de lêste hetman ôfsetten en yn 1783 waard it liifeigenskip ynfierd. Nei de Poalske dielingen fan 1772, 1793 en 1795 wie it grutste part fan Oekraïne ûnder Russysk bewâld kaam. De 19e-iuwske opposysjebeweging tsjin it tsarisme krige yn Oekraïne al gau in nasjonalistysk krakter en rûn yn maart 1917 yn Kiev út op de foarming fan in sintrale Rada (Ried) as fertsjintwurdiging fan Oekraynske politike streamingen. It útroppen fan Oekraïne ta Folksrepublyk yn novimber 1917 late ta in konflikt mei de sintrale bolsjewistyske regearing, dy't wegere om de oerwegend linksdemokratyske Rada te erkennen. Yn jannewaris 1918 folge de proklamaasje fan Oekraïne as soevereine steat. Dêrop bruts yn Kiëv in troch de bolsjewisten stipe opstân út. De Rada koe har hanthavenje troch frede te sluten mei de Sintralen en dêrnei mei help fan Dútske troepen de oarder werstelle.

Nei de boargeroarloch en de Fyfde Poalsk-Russyske Oarloch slute Oekraïne yn desimber 1922 it steatsferdrach ta konstituearring fan de Sowjet-Uny. Besikingen nei 1939 troch Oekraynske nasjonalistyske aktivisten om de Dútske besetting yn de Twadde Wrâldkriich foar eigen doelen te brûken, rûnen fêst op de politike belangen en de rasistyske foaroardielen fan de Dútsers, dy't in grouwélich skrikbewâld fierden. Nei de Twadde Wrâldkriich bleaunen oant en mei it begjin fan de jierren '50 yn de westlike Oekraïne kloften partisanen aktyf.

Yn de twadde helte fan de 20e iuw ûntwikkele Oekraïne har ta ien fan de wichtichste en wolfarrende Sowjetrepubliken fan de Sowjet-Uny. Yn 1954, ûnder it bewâld fan Chroesjtsjov, waard it skiereilân de Krim oerhevele fan Ruslân nei Oekraïne.

Nei de steatgreep yn Moskou ferkleare it Oekraynske parlemint har op 24 augustus 1991 ûnôfhinklik.

Nei de ûnôfhinklikheid wie Oekraïne in grutte kearnmacht en beskikte oer in arsenaal fan kearnwapens. Begjin 1994 waard de ynternasjonale ôfspraak makke dat Oekraïne binnen trije jier 1800 raketten foar ferneatiging oan Ruslân ôfdraget. It ferrike uranium út de kearnkoppen wurdt dêrnei mei Amerikaanske finansjele stipe omset yn brânstof foar kearnsintrales. Yn it Boedapestmemorandum fan 1994 waard fêstlein dat it lân yn ruil foar de kearnwapens in soevereiniteitsgarânsje krige fan de Feriene Steaten, Grut-Brittanje en Ruslân. Oekraïne ûndertekene ek it non-proliferaasjeferdrach fan kearnwapens.

Yn novimber 2013 ûntstie der yn de haadstêd Kiev in protestbeweging nei oanlieding fan it net tekenjen fan in assosjaasjeferdrach mei de Europeeske Uny. De Russysk gesinde presidint Viktor Janûkowytsj flechte nei oanlieding fan dizze protesten nei Ruslân. Underwilens waard der yn Kiev in nije regear foarme, it regear-Jatsenjuk. Yn de benammen Russysk pratende dielen fan Oekraïne brutsen protesten út tsjin dit nije regear, wêrnei Ruslân it skiereilân Krim besette. Op 18 maart 2014 anneksearre Ruslân de Krim, nettsjinsteande swier protest fan ûnder mear de FS en de EU.

Op 24 febrewaris foel Ruslân op fjouwer fronten Oekraïne binnen. Der wienen ferskate bylden te sjen fan grutte eksploazjes yn ferskillende Oekraynske stêden. As gefolch kundige de Oekraynske presidint Volodymyr Zelensky in steat fan belis oan. Op 25 maart die it Russyske Ministearje fan Definsje te witten dat de "earste fase" fan de "spesjale militêre operaasje yn 'e Oekraïne" dien wie en dat de "befrijïng fan de Donbas" no útein sette koe. It weromlûken fan Russyske militêren yn it noarden fan Oekraïne waard troch Oekraïne as in dieloerwinning beskôge.

Bestjoerlike yndieling

Oekraïne is opdield yn 24 oblasten, ien autonome republyk en twa stêden mei in bysûndere status.

Oblasten:

Demografy

Befolking

Neffens de Oekraynske folkstelling fan 2001, meitsje etnyske Oekraïners 77.8% fan de befolking út. Oare befolkingsgroepen binne Russen (17.3%), Wytrussen(0.6%), Moldaavjers (0.5%), Krim-Tartaren (0.5%), Bulgaren (0.4%), Hongaren (0.3%), Roemenen (0.3%), Poalen (0.3%), Joaden (0.2%), Armeenjers (0.2%), Griken (0.2%) en Tartaren(0.2%). De yndustrialisearre gebieten yn it easten en súdeasten binne it tichtbefolke en 67.2 persint fan de befolking wennet yn stedske gebieten.

Taal

It Oekraynsk is de offisjele taal fan Oekraïne. Dizze taal is nau besibbe oan it Russysk. Fan de befolking hat 67% it Oekraynsk as memmetaal en 24% it Russysk. De lêste neamde taal wurdt benammen sprutsen op de Krim en de eastlike oblasten Donetsk en Loehansk. Yn it westen sprekt in lytse minderheid ek Hongaarsk, Poalsk en Roemeensk. Op de Krim sprekt noch in minderheid it Krimtataarsk.

Doe't Oekraïne noch in part fan de Sowjet-Uny wie, waard kennis fan de eigen taal troch de Kommunisten net oanmoedige, de befolking moast Russysk praten. Nei de ûnôfhinklikens bloeide de taal wer op. Lykwols leit it brûken fan it Oekraynsk noch hieltyd gefoelich by de etnyske minderheden yn it lân, benammen by de 15 miljoen Russen.

Religy

De grutte mearderheid fan de Oekraïners is kristlik. It kristendom is sûnt 988 de oerhearskende godstsjinst fan it lân. Dat jier besleat foarst Fladimir de Grutte him ta it kristendom te bekearen en lit him dopen. Goed trije fearn fan de befolking heart ta de Eastersk-Ortodokse Tsjerke, om-ende-by acht prosint by de Oekraynsk-Katolike Tsjerke en fierders wenje yn it lân 300.000 Joaden en sa'n 500.000 moslims.

Ekonomy

BYP per persoan is $7.000 (2007). Gearstalling fan BYP per sektor is 9% lânbou, 32,2% yndustry en 58,8% tsjinsten.

Jeropeeske Uny
Lidsteaten:
BelgjeBulgarijeDenemarkDútslânEastenrykEstlânFinlânFrankrykGrikelânHongarijeIerlânItaaljeKroaasjeLetlânLitouwenLúksemboarchMaltaNederlânPoalenPortegalRoemeenjeSyprusSloveenjeSlowakijeSpanjeSwedenTsjechje
Ultraperifeare regio's:
Frankryk: Frânsk-GuyanaGûadelûpMajotMartinykReünionSint-Marten
Portegal: AzoarenMadeara
Spanje: Kanaryske Eilannen
Kandidaat-lidsteaten:
AlbaanjeBosnjeGeorgjeMoldaavjeMontenegroNoard-MasedoanjeOekraïneServjeTurkije
· · Berjocht bewurkje

Strategi Solo vs Squad di Free Fire: Cara Menang Mudah!