Volodymyr Zelensky

Volodymyr Zelensky
politikus
Volodymyr Zelensky yn 2024
Volodymyr Zelensky yn 2024
echte namme Volodymyr Oleksandrovytsj Zelensky
nasjonaliteit Oekraynsk
bertedatum 25 jannewaris 1978
berteplak Kryvy Rih Oekraynske SSR (Sovjet-Uny)
etnisiteit Oekraynsk
partij Tsjinner fan it Folk
Presidint fan Oekraïne
amtsperioade 2019 - no
foargonger Petro Porosjenko
offisjele webside
president.gov.ua/en

Volodymyr Oleksandrovytsj Zelensky (Oekraynsk: Володимир Олександрович Зеленський) (Kryvy Rih, 25 jannewaris 1978) is in Oekraynsk politikus, komyk, akteur en auteur. Sûnt 20 maaie 2019 is er de sechsde presidint fan 'e Oekraïne. Ear't er him kandidaat stelde foar it presidintskip, wie er net aktyf yn 'e polityk.

Biografy

Jonkheid

Zelensky waard berne yn in Russysk-Joadske famylje yn Kryvy Rih yn de oblast Dnjepropetrovsk, yn it súdeasten fan Oekraïne. Syn pake, dy't yn it Reade Leger tsjinne hie, ferlear trije bruorren yn de Holokaust. Syn heit is heechlearaar oan de fakulteit foar cybernetika en kompjûterhardware fan it Ekonomysk Ynstitút yn Kryvyi Rih, syn mem is yngenieur. As bern wenne er mei syn âlden fjouwer jier yn Mongoalje. Nei it weromkommen yn 'e Oekraïne die Zelensky it gymnasium, dêrnei folge er in stúdzje rjochten.

Akteur en komediant

Yn syn skoaltiid hold Zelensky him al dwaande mei komeedzje. Yn 1997 rjochte er kabaretgroep Kwartal 95 op (Wenblok 95). Ut Moskou wei, dêr't er fiif jier lang wenne, toerde er mei syn kabaretprogramma it Russyske diel fan de eardere Sovjet-Uny. Yn 2006 krige Zelensky lanlike bekendheid troch syn dielnimming oan de Oekraynske ferzje fan Dancing with the Stars. Fierders spile er yn ferskate komeedzjes. Mei de kollega's út de kabaretgroep rjochte Zelensky ek in produksjebedriuw op foar it meitsjen fan telefyzjeprogramma's wêrmei't syn films, kabaretoptredens en telefyzjesearjes nei 21 lannen ferkocht waarden. Dat makke Zelensky ta miljonêr.

De grûnslach foar syn lettere presidintskandidatuer waard lein yn 2015. Yn dat jier sette de telefyzjesatire Tsjinner fan it Folk útein, wêryn't krityk jûn waard op de korrupsje en it minne funksjonearjen fan 'e oerheid. Yn dy searje spile er Wassil Holoborodko, in skiednislearaar dy't ta presidint fan it lân útroppen wurdt, nei 't in filmke fan him online firaal gie dêr't er him yn útlit oer de korrupsje yn de Oekraynske polityk.

Zelensky spruts de stim yn fan Bearke Paddington yn it Oekraynsk. Dat die er sawol yn Paddington as yn it ferfolch Paddington 2.

Presidintskip

Offisjeel portret fan Zelensky yn 2019

Ferkiezingen

Op 31 desimber 2018 makke Zelensky wrâldkundich dat er him út namme fan in nije partij mei de namme Tsjinner fan it Folk (Slûha Narodû) ek echt kandidaat stelde foar de presidintsferkiezingen yn 2019. Yn dy ferkiezingen naam er it ûnder oaren op tsjin de sittende presidint Petro Porosjenko, dy't sûnt 2014 oan ’e macht wie, en âld-premier Jûlia Tymosjenko. Nei syn winst yn 'e earste omgong fan 'e ferkiezingen op 1 april 2019 waard Zelensky de favoryt foar it presidintskip.

Zelensky hie by syn ferkiezingen gjin dúdlik ôfbeakene programma. Kalm en hoeden presintearre er himsels by de ferkiezingen as immen dy't korrupsje bestride woe en partijen byinoar bringe woe. Hy wie benammen populêr ûnder kiezers út de legere middenklasse, dy't fanâlds net bot belutsen wienen by de polityk. Wol waard der yn Oekraïne spekulearre oer mooglike bannen fan Zelensky mei de kontroversjele oligarch Ihor Kolomojsky. Zelensky ferklearre lykwols dat hy nea troch Kolomojsky beynfloede wie.

De twadde ferkiezingsomgong op 21 april 2019 wûn Zelensky mei grutte oermacht; hy krige 73% fan de stimmen. Zelensky lei op 20 maaie de eed ôf as presidint.

Populariteit

Zelensky syn partij wie by syn ferkiezing noch net yn it parlemint fertsjintwurdige. Syn earste died as presidint wie it útskriuwen fan nije ferkiezingen dy't op 21 july 2019 plakfûnen. Syn partij Tsjinner fan it Folk koe by dy ferkiezingen in absolute mearderheid helje. Twa jier letter, ein 2021, waard er noch mar troch 25% fan de befolking stipe. De befolking wie ûntefreden oer it bestriden fan 'e koronapandemy, de ekonomy en de taseine bestriding fan korrupsje. Wat dêrby net holp, is dat syn namme opdûkte yn de Pandora Papers.

Telefoanpetear mei Donald Trump

Op 25 july 2019 fierde de doetiidske Amerikaanske presidint Donald Trump in telefoanpetear mei Zelensky. Yn dat petear frege Trump oan Zelensky om yn 'e Oekraïne ûndersyk te dwaan nei Trump syn politike tsjinstanner foar de kommende ferkiezingen fan 2020, Joe Biden. Biden soe neffens Trump as âld-fise-presidint syn ynfloed brûkt hawwe om foar te kommen dat der yn 'e Oekraïne ferfolging ynsteld wurde soe tsjin in bedriuw dêr't Joe Biden syn soan Hunter Biden by belutsen wie. Om druk op Zelensky út te oefenjen, sei Trump de militêre stipe oan 'e Oekraïne tydlik ho te hâlden.

It petear, dat troch in Amerikaanske klokkelieder nei bûten brocht waard, late ta in ôfsettingsproseduere tsjin Trump. Yn it impeachment-proses dat dêrop folge, waard steld dat Trump yn dat telefoanpetear misbrûk makke hie fan syn machtsposysje troch presidint Zelensky foar kleare persoanlike belangen ûnder druk te setten.

Russysk-Oekraynsk konflikt

By it konflikt droech Zelensky militêre klean ynstee fan pak mei strik

Begjin july 2019 prate Zelensky foar it earst mei de Russyske presidint Vladimir Pûtin oer de oarloch yn East-Oekraïne. Dêrneist soene de twa ek praat hawwe oer it frijlitten fan finzenen en oer it fuortsetten fan de petearen op ekspertnivo. Yn Zelensky syn presidintskip eskalearre de Russysk-Oekraynske Oarloch mei it konflikt yn 2021, dat yn 2022 late ta in ynvaazje fan Oekraïne troch Ruslân. Foarôfgeand oan de ynvaazje, by de opbou fan Russyske troepen om de Oekraynske grins hinne, rôp Zelensky noch op ta kalmte. Hy distansjearre him fan warskôgingen fan it Westen dat der in nije oarloch mei Ruslân komme soe. Wol frege er de NAFO-lannen om wapens te stjoeren. De earste wapenleveringen waarden ûnder oaren dien troch de Feriene Steaten en it Feriene Keninkryk.

Presidint Zelensky yn in militêr hospitaal

Yn 'e moarntiid fan tongersdei 24 febrewaris 2022 kundige presidint Pûtin in 'spesjale militêre operaasje' yn ’e Donbas oan. Russyske raketten troffen ferskate militêre doelen yn 'e Oekraïne. Zelensky kundige de steat fan belis ôf. Hy kundige ek oan dat de diplomatike bân mei Ruslân fuortendaliks ferbrutsen waarden. Letter dy dei kundige er in algemiene mobilisaasje oan. Op freed 25 febrewaris sei Zelensky dat nettsjinsteande de bewearing fan Ruslân dat it allinnich militêre doelen oanfoel, der ek boargerdoelen troffen waarden. Yn in betide taspraak dy deis sei Zelensky dat syn ynljochtingetsjinsten him identifisearre hiene as it wichtichste doel fan Ruslân, mar dat er yn Kiev bliuwe soe. Syn famylje waard op in oar plak yn it lân ûnderbrocht. "Se wolle Oekraïne polityk ferneatigje troch it steatshaad te ferneatigjen", die er te witten.

Zelensky krige erkenning fan oer de hiele wrâld as de oarlochslieder fan 'e Oekraïne yn 'e Russyske ynvaazje. De Harvard Political Review skreau dat Zelensky "de krêft fan 'e sosjale media brûkt hat om de earste echte online oarlochslieder yn 'e skiednis te wurden, dêrby bûten de tradisjonele nijskanalen omgiet en it ynternet brûkt om de minsken streekrjocht oan te sprekken." BBC News en The Guardian berjochten dat Zelensky syn reäksje op de ynvaazje sels troch eardere kritisy priizge waard.

Trije moardoanslaggen op Zelensky waarden behindere troch tips fan Russyske FSB-meiwurkers dy't tsjin de ynvaazje wiene. Twa oanslaggen waarden útfierd troch de Wagnergroep, in Russyske paramilitêre groep, en ien troch de persoanlike garde fan 'e Tsjetsjeenske lieder Ramzan Kadyrov.

Oer in fideoferbining hold Zelensky yn maart en april ferskate koarte taspraken foar oare parleminten, om sa grutter draachflak foar ynternasjonale stipe oan 'e Oekraïne te meitsjen.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Strategi Solo vs Squad di Free Fire: Cara Menang Mudah!