De Sovjet-Uny waard opgerjochte yn 1922, nei de Russyske revolúsje. De offisjele namme wie Uny fan Sosjalistyske Sovjetrepubliken, ôfkoarte as USSR, yn it Russysk en mei Syrillysk alfabet wie dat СССР (sprek út as SSSR). Yn 1991 waard de uny ûntbûn en krigen alle 15 republiken fan 'e âlde Sovjet-Uny ûnôhinklikens.
Lieders fan it regear
Ideology
De idelogyske begjinsels dy't de bases foarme fan ynlânske en bútenlânske polityk fan 'e Sovjet-Uny en fan it sosjaal-ekonomyske systeem fan it ryk, waard it Marksisme, in wichtige streaming fan it kommunisme. Neffens dy ideology wie it stribjen fia in perfekt sosjalistysk systeem in kommunistyske heilsteat te wurden. Njonken dat soe de Sovjet-Uny bydrage oan de wrâldrevolúsje dêr't it Marksisme fan útgiet. Lenin soarge yn de Sovjet-Uny foar in polityk-ekonomysk systeem wat op dy Marksistyske ideology oanslute moast, it Leninisme.
Militêr
Ut it bolsjewistyske folksleger fan de Russyske Revolúsje groeide letter it Reade Leger. It Reade Leger (nei nammeferoaring yn 1946: Sovjet-leger) omfieme de lânmacht, loftmacht, loftferdigening (fan 1948 ôf) en de Strategyske Rakettroepen (fan 1960 ôf). It Reade Leger foarme mei de Sovjet-marine de definsje fan de Sovjet-Uny.
De KGB soarge dêrneist foar de steatsfeilichheid.
Wichtige dagen
Audio
Sjoch ek