De Skyten wienen in Yndo-Jeropeeske nomadysk folk fan Iraanske komôf dat eartiids (7e iuw f.Kr.- 4e iuw f.Kr.) libbe op de flakten fan Sintraal-Aazje en dy't fan dêrút nei de gebieten oan de Swarte See ta setten. Sy waarden letter troch de Sarmaten ferdreaun. It gebiet dêr't sy setelen rikte oant en mei Lyts-Aazje en it suden fan Palestina.
It meastepart fan de ynformaasje oer de Skyten dêr't wy oer beskikke komt fan de Grykske histoarikus Herodotus (± 440 f.Kr.) yn syn History, en fan archeologyske fynsten dien yn Oekraïne en it suden fan Ruslân.