De namme 'Gallipoli' is de feritaljanisearring fan it Grykske Καλλίπολις, Kallípolis, dat "Moaie Stêd" betsjut. Dat wie de oarspronklike namme fan 'e stêd Gelibolu.
It lange, smelle Gallipoliskiereilân mjit 83 km fan it noardeasten oant de súdwestlikste punt. De breedte fariëarret fan 21 km oant 5,5 km. It hiele skiereilân hat in oerflak fan 900 km². It makket diel út fan 'e Turkske provinsjeÇanakkale en heart ta de distriktenGelibolu (dat rûchwei de noardeastlike helte foarmet) en Eceabat (de súdwestlike helte). It grutste plak op it skiereilân is de stêdGelibolu, dy't foarhinne ek wol Gallipoli neamd waard, en dêr't it skiereilân eins syn namme oan ûntlient.
Neffens Herodoatus soe de Trasyskestamme fan 'e Dolonsy it skiereilân bewenne hawwe ear't it yn 'e sânde iuw f.Kr.kolonisearre waard troch etnyskeGriken fan Ioanysk en Eoalyskkomôf, dy't der tolve stêden stiften. Yn 'e Grykske Aldheid stie it Gallipoliskiereilân bekend as Trasysk Chersonisos (Gryksk: Θρακική Χερσόνησος, Thrakiké Chersónesos), fan it Grykske wurd χερσόνησος, chersónisos, foar "skiereilân". De namme betsjut dus eins simpelwei "it Trasyske Skiereilân". Yn Trasysk Chersonisos leine in tal promininte Grykske stêden, wêrûnder Kardia, Paktya, Kallipolis, Sestos, Madytos en Elaios. It gebiet stie yn 'e Aldheid bekend om it weet dat der ferboud waard. In oansjenlik diel fan syn wolfeart hie it skiereilân dêrnjonken te tankjen oan it feit dat it op in krúspunt fan hannelsrûtes lei: de stêd Sestos wie it oerstekpunt oer de Hellespont nei Lyts-Aazje, wylst troch de Hellespont de skipfeartrûte nei de Grykske koloanjes op 'e Krim rûn.
De AteenskesteatsmanMiltiades de Aldere stifte omtrint 560 f.Kr. op Gallipoli in Ateenske koloanje en naam neitiid it bestjoer oer it hiele skiereilân oer. Om it gebiet te beskermjen tsjin ynvaazjes oer lân liet er de Lange Muorre bouwe, in ferdigeningsmuorre dy't by de âlde stêd Agora dwers oer ien fan 'e smelste parten fan it skiereilân rûn. Dy muorre wie 6,5 km lang, en beskerme it grutste part fan it skiereilân (likernôch 77,5 km). Neitiid waard it gebiet fan likernôch 524 f.Kr. ôf bestjoerd troch Miltiades syn omkesizzerMiltiades de Jongere. Nei't yn 499 f.Kr. de Perzyske Oarloggen útbrieken, waard it skiereilân yn 493 f.Kr. troch de Griken evakuëarre en oan 'e opmarsjearjende Perzyske legers oerlitten.
Nei't dat konflikt yn 478 f.Kr. einige mei in Grykske oerwinning, waard it skiereilân op 'e nij troch de Griken kolonisearre. It kaam stevich yn 'e Ateenske ynfloedssfear en waard noch datselde jier as bûnsgenoat fan Atene lid fan it Attysk-Delysk Seebûn. Under de Peloponnezyske Oarloch tusken Atene en Sparta kaam Trasysk Chersonisos nei de Ateenske nederlaach fan 404 f.Kr., yn 'e Slach by Aigospotami, ûnder Spartaansk bestjoer, mar neitiid wisten de Ateners it werom te winnen. Yn 'e fjirde iuw f.Kr. waard it skiereilân ûnderwerp fan in bitter skeel tusken de Ateenske Republyk en keningFilippus II fan Masedoanje, dy't fûn dat it fan natuere ta Masedoanje hearde. Uteinlik stie Atene it skiereilân yn 338 f.Kr. ûnder swiere druk oan Masedoanje ôf.
Nei de dea fan Aleksander de Grutte, de soan fan Filippus, yn 323 f.Kr., makken ferskaten fan syn opfolgers oanspraak op Trasysk Chersonisos. Uteinlik wie it Lysimachus dy't syn haadstêdLysimachia der boude. Yn 278 f.Kr. waard it skiereilân oerweldige en kolonisearre troch de KeltyskeGalaten, dy't letter fierder tsjen soene nei it nei harren ferneamde Galaasje yn it sintrum fan Lyts-Aazje. Yn 196 f.Kr. naam de Seleusidyske kening Antiochus de Grutte besit fan Trasysk Chersonisos. Dêrmei makke er de Griken yn Grikelân sa benaud, dat dy it Romeinske Ryk om help fregen. De Romeinen feroveren it skiereilân yn 188 f.Kr. en joegen it oan harren bûnsgenoat, kening Eumenes II fan Pergamon. Nei't dy syn Attalidyske dynasty yn 133 f.Kr. útstoar, kaam it wer yn besit fan it Romeinske Ryk. Fan 129 f.Kr. ôf hearde it ta de Romeinske provinsje Asia. Letter waard it in gebiet yn steatsbesit (ager publicus), en ûnder it regear fan keizerAugustus wie it keizerlik eigendom.
Midsiuwen
Nei it útinoarfallen fan it Romeinske Ryk waard Trasysk Chersonisos ûnderdiel fan it Eastromeinske of Byzantynske Ryk. Yn 443 foel Attila de Hun mei syn troepen it skiereilân binnen, dêr't er sawol Kallipolis as Sestos ferovere yn it lêste stadium fan syn fjildtocht fan dat jier. Ofsjoen fan in perioade fan goed tweintich jier tusken 1204 en 1235, doe't it in koloanje fan 'e Republyk Feneesje wie, bleau Trasysk Chersonisos oant 1354 in Byzantynske besitting. Yn maart fan dat jier foel it skiereilân yn 'e hannen fan 'e OsmaanskeTurken, foar wa't it harren earste ferovering yn Jeropa wie. De Savoaiske Krústocht wûn it gebiet yn 1366 werom foar it Byzantynske Ryk, mar dat wie te swak om it te behâlden, en moast it yn septimber1376 wer oan it Osmaanske Ryk ôfstean.
Under de Earste Balkanoarloch fan 1912-1913 fûn op it Gallipoliskiereilân de Slach by Bulair plak tusken Osmaanske en Bulgaarske troepen. Mei't Grikelân in bûnsgenoat fan 'e Bulgaren wie, waarden de etnysk Grykske bewenners fan it skiereilân yn dy tiid troch it Osmaanske leger ferfolge. Harren doarpen waarden platbaarnd en harren besittings plondere. Guon Griken waarden fermoarde.
De Gallipolikampanje rûn foar de Alliëarden lykwols út op in fiasko. De Britske, Frânske, Australyske, Nijseelânske, Britsk-Yndyske en Nijfûnlânske soldaten kamen fêst te sitten yn harren brêgehaden op 'e kust, wylst it binnenlân behearske waard troch Osmaanske troepen. It ûntaarde yn in bloedige rinfuorgestriid, dy't hast acht en in heale moanne duorre, oant de lêste Alliëarden begjin jannewaris1916 fan it skiereilân evakuëarre waarden. It wie in pynlike nederlaach foar de Alliëarden en in grutte oerwinning foar de Turken. Ien fan harren oanfierders wie Mustafa Kemal Atatürk, dy't letter de earste presidint fan it moderne Turkije wurde soe.
Foarôfgeande oan 'e Alliëarde lânings, wêrfoar't de plannen net geheim holden wiene, hie it Osmaanske regear de deportaasje oardere fan 'e etnysk Grykske befolking fan Gallipoli en de eilannen yn 'e See fan Marmara. Hja waarden yn it binnenlân fan Lyts-Aazje fêstholden, dêr't se oan 'e fijannige Turkske befolking oerlevere wiene. In soad Griken kamen fan 'e honger om, wylst jonge manlju twangarbeid ferrjochtsje moasten foar it Osmaanske Leger en froulju en famkes gauris ferkrêfte waarden. Ek wiene der gefallen fan twongen bekearing ta de islaam. Nei de kapitulaasje fan it Osmaanske Ryk yn 1918 waard it Gallipoliskiereilân ûnder de ôfspraken fan 'e Wapenstilstân fan Moudros ûnderdiel fan Grikelân. Nei de foar Grikelân desastreus ferrûne Gryksk-Turkske Oarloch fan 1919-1922 moast it de oarlochsbút by de Wapenstilstân fan Mudanya lykwols wer opjaan en kaam Gallipoli op 26 novimber1922 foargoed yn Turkske hannen. By de Gryksk-Turkske Befolkingsruil fan 1923 waarden de oarspronklike, Grykske bewenners fan it skiereilân, ynsafier't dy noch libben, nei Grikelân deportearre, wylst it gebiet werbefolke waard troch etnyske Turken dy't út Grikelân ferdreaun wiene.
Fan 1923 oant 1926 foarme Gallipoli mei omlizzende gebieten in Turkske provinsje, Gelibolu. Yn 1926 waard it gebiet lykwols yndield by de provinsje Çanakkale, wêrfan't de haadstêd Çanakkale fuort oarekant de Dardanellen leit.