Dizze side giet oer de Amerikaanske steat Teksas. Foar oare betsjuttings, sjoch: Teksas (betsjuttingsside).
Teksas (Ingelsk: Texas; útspr.: ['tɛksəs], likernôch "teksus"; Spaansk: Tejas of Texas; útspr. beide kearen ['texas], likernôch "teechas"), offisjeel de Steat Teksas (Ingelsk: State of Texas), is ien fan 'e fyftich steaten dy't mei-inoar de Feriene Steaten fan Amearika foarmje. Teksas, byneamd de Lone Star State, leit yn it suden fan 'e Feriene Steaten, oan 'e kust fan 'e Golf fan Meksiko en tsjin 'e grins mei Meksiko oan. Histoarysk heart it ta de regio fan it Amerikaanske Suden. De haadstêd is Austin, mar de grutste stêd is Houston. Neffens in skatting út 2015 hie de steat doe krapoan 28 miljoen ynwenners, wêrmei't it kwa befolkingsgrutte de 2e steat fan 'e Feriene Steaten is, nei Kalifornje. Oangeande oerflak is Teksas mei goed 696.000 km² ek de 2e steat, nei Alaska. Teksas stiet bekend om syn cowboykultuer, syn ierdoaljeyndustry en in 'eigenheid' dy't gjin inkele oare steat belykje kin en dy't troch de Teksanen koestere wurdt.
Etymology
De namme Teksas is in ferfrysking fan it IngelskeTexas (útspr.: ['tɛksəs], likernôch "teksus"), dat wer ôflaat is fan 'e Spaanske foarm Tejas of Texas (útspr. beide kearen ['texas], likernôch "teechas"). Uteinlik giet de namme tebek op it wurd táyshaʔ, dat ôfkomstich is út 'e YndiaanskeKeddo-taal, mei de betsjutting "freonen" of "bûnsmaten". Oarspronklik wie it in oantsjutting dy't troch de Spaanskekolonisators brûkt waard foar de Keddo (Caddo), dy't harren, oars as in protte oare Yndiaanske folken, tagedien wiene. De offisjele bynamme fan Teksas is Lone Star State, de "Steat fan 'e Iene Stjer", in oantsjutting dy't op 'e Teksaanske flagge slacht.
De Spanjerts, dy't Teksas as ûnderdiel fan harren koloanje Nij-Spanje (it lettere Meksiko) beskôgen, waarden har om dyselde snuorje hinne bewust fan 'e bedriging dy't de Frânsen foarmen, en stiften yn 1690 ferskate missyposten yn eastlik Teksas om harren oanspraken krêft by te setten. Tagelyk waard Teksas doe ta in provinsje fan Nij-Spanje útroppen. Doe't Frankryk oan it begjin fan 'e achttjinde iuw it gebiet kolonisearre dat letter de steat Louisiana wurde soe, wie dat foar Spanje oanlieding om yn 1716 in nije rige missyposten yn eastlik Teksas op te rjochtsjen, en yn 1718 stiften se boppedat San Antonio, de earste permaninte delsetting op it grûngebiet fan Teksas.
In byld út 'e begjintiid fan El Paso, dat yn 1680 troch de Spanjerts stifte waard.
Troch de fijannige hâlding fan in protte Yndianestammen en teffens fanwegen de ôfstân ta it sintrum fan Nij-Spanje loek Teksas yn 't earstoan mar in bytsje Spaanske kolonisten en bleau it lange tiid ien fan 'e tinst befolke provinsjes. Yn 1749 sleaten de Spanjerts in ferdrach mei de Lipan-Apachen, dat in protte oare stammen tsjin harren yn it harnas jage, yn 't bysûnder de Komantsjen en de Tonkawa. Yn 1785 waard der in ferdrach sletten tusken Spanje en de Komantsjen, wêrnei't dy de kolonisators holpen om 'e Lipan-Apachen en de Karankawa te ferslaan. Underwilens waarden de sedintêre folken, lykas de Pueblo-Yndianen, troch Spaanske misjonarissen ta it kristendom brocht. Tsjin 'e ein fan 'e achttjinde iuw wiene inkeld de nomadyske stammen noch net bekeard.
Doe't de Feriene Steaten yn 1803 de Frânske koloanje Lousianaoankochten, holden se lange tiid fol dat ek Teksas dêrta hearde, wat dúdlik net sa wie. Uteinlik waard yn 1819 in oerienkomst sletten dy't de eastgrins fan Teksas fêststelde as lykfallend mei de rivier de Sabine. In protte Amerikaanske kolonisten negearren dy grins lykwols en setten har dochs yn Teksas nei wenjen. Nei de Meksikaanske Unôfhinklikheidsoarloch makke Meksiko (it eardere Nij-Spanje) him yn 1821 los fan it memmelân. Teksas kaam doe ek ta it nije steatsferbân te hearren, mar om't dêr amper in kop wenne, dielde it Meksikaanske bestjoer it gebiet yn by de dielsteat Koäwila en Teksas (Coahuila y Tejas).
Yn 'e hope dat mear kolonisten de oanhâldende oanfallen fan 'e Komantsjen en Lipan-Apachen tsjinkeare kinne soene, liet Meksiko ta dat har yn 'e desennia dêrnei grutte oantallen Amerikanen yn Teksas nei wenjen setten. Dêrmei hellen se lykwols it Hynder fan Troaje binnen. Yn 1825 hie Teksas 3.500 (blanke) ynwenners, wêrfan't fierwei it grutste part út Meksikanen fan Spaanskkomôf bestie. Tsjin 1834 wiene der krapoan 38.000 (blanke) ynwenners, wêrûnder mar 7.800 Meksikanen. In soad fan 'e Amerikaanske nijynkommelingen lapen iepentlik de Meksikaanske wet oan harren lears, ynklusyf it ferbod op slavernij. Dat feit, yn kombinaasje mei it oanhâldende besykjen fan 'e Feriene Steaten om Teksas fan Meksiko te keapjen, wie yn 1830 foar it Meksikaanske regear oanlieding om 'e grins op slot te smiten en gjin nije Amerikanen mear ta te litten.
Tsjin dy tiid wie it lykwols al te let. Nije tolheffings op ynfier en útfier út en nei de Feriene Steaten makken de saak noch helte minder. Yn 1832 fûn de saneamde Opskuor fan Anahuac plak, in rige gearkomsten fan protestearjende Teksanen tsjin it almar autoritêrdere Meksikaanske bewâld yn 'e provinsje, dy't laten ta in stikmannich opstjitsjes en gewelddiedige konfrontaasjes foarôfgeande oan it útbrekken fan 'e eigentlike oarloch. Rebûlje yn súdliker dielen fan syn lân setten de Meksikaanske presidintAntonio López de Santa Anna der omtrint dyselde tiid ta oan om hurd fanwegen te kommen tsjin eltse foarm fan opstannigens. De steat fan belis waard yn it hiele lân útroppen, en de deastraf waard beoardere foar in elk dy't him iepentlik tsjin it Meksikaanske regear kearde.
Yn Teksas, mei syn grutte befolkingsgroep fan Amerikaansk komôf, wie soks krekt oalje op it fjoer. De Amerikanen yn Teksas, dy't kwa leauwe, taal en kultuer frijwol neat gemien hiene mei Meksiko, mar nammenste mear mei de Feriene Steaten, wiene it Meksikaanske regear stadichoan as in útlânske oerhearsking begûn te beskôgjen. De Teksaanske Meksikanen, de saneamde Tejanos, dy't yn Meksiko eins neat yn 'e molke te krommeljen hiene om't se yn Teksas alhiel oan it fuottenein sieten, stiene yn dizze saak foar in grut part oan 'e kant fan 'e Amerikanen. By de Konvinsje fan 1832 easken de Teksanen dat Teksas in selsstannige dielsteat fan Meksiko wurde soe, los fan Koäwyla. It jiers dêrop werhellen se harren easken by de Konvinsje fan 1833.
Unôfhinklik Teksas
Begjin 1835 begûnen de Teksanen 'komitees foar korrespondinsje en feilichheid' te foarmjen, wat delkaam op in soarte fan boargerwacht. Yn it neijier briek einlings en te'n lêsten in iepentlike striid út doe't de Slach by Gonzales plakfûn tusken Teksaanske opstannelingen en Meksikaanske troepen. Dat wie it begjin fan 'e Teksaanske Unôfhinklikheidsoarloch, wêrby't de Teksanen ûnder oanfiering fan foaroanmannen as Stephen F. Austin en Henry Smith binnen in fearnsjier alle Meksikaanske troepen yn 'e provinsje fersloegen en nei it suden ta ferdreaune. Neitiid fûn der in ferkiezing plak fan ôffurdigen nei de saneamde Konsultaasje, dy't in provysjoneel regear ynstallearre dat lykwols al rillegau te sink gie oan ynterne deilisskippen. Sadwaande bestie der de earste pear moannen fan 1836 gjin dúdlik bestjoer yn Teksas.
Under dy snuorje fan polityk trelit late de Meksikaanske presidint Santa Anna persoanlik in leger nei it noarden ta om foar iens en foar altyd in ein oan 'e rebûlje te meitsjen. Yn 't earstoan wie it Meksikaanske offinsyf súksesfol. GeneraalJosé de Urrea drukte alle Teksaanske ferset by de Golfkust lâns de kop yn, mei as hichtepunt it Bloedbad fan Goliad. By de Slach om de Alamo wist Santa Anna sels op 6 maart, nei in belis fan trettjin dagen, de Alamo te oerweldigjen en yn te nimmen. Dat wie in ta fêsting omboude âlde missypost by San Antonio. By dat barren kamen hast alle 180 oant 260 Teksaanske ferdigeners om, en de inkelingen dy't har oerjoegen waarden neitiid op befel fan Santa Anna eksekutearre. Under de deaden wiene James Bowie en William B. Travis, dy't tegearre it befel oer de fêsting fierd hiene, en teffens de ferneamde TennesseeskefrontiersmanDavy Crockett.
Underwilens hie de mei tûzen hasten gearroppen Konvinsje fan 1836 op 2 maart de Teksaanske Unôfhinklikheidsferklearring útfurdige, mei as gefolch dat de Republyk Teksas as ûnôfhinklik lân ûntstie. Nei't der nije bestjoerders oanwiisd wiene, waard de konvinsje opheft en joech it nije regear him by de oare Teksanen yn in weromtocht mei oanhâldende efterhoedegefjochten dy't bekend waard as de Runaway Scrape. Nei ferskate wiken tebekwykt te wêzen, fersloech it Teksaanske Leger ûnder lieding fan Sam Houston de Meksikanen yn 'e Slach oan de San Jacinto, wêrby't Santa Anna kriichsfinzen nommen waard. Doe't dyselde neitiid twongen wie om 'e Ferdraggen fan Velasco te ûndertekenjen, waard dêrmei de ûnôfhinklikheid fan Teksas feilichsteld, en kaam der in ein oan 'e oarloch.
Teksas waard doe it toaniel fan bittere politike strideraasjes tusken twa partijen binnen de nije republyk. De nasjonalisten, oanfierd troch fise-presidintMirabeau B. Lamar, stiene de trochgeande ûnôfhinklikheid fan Teksas foar, de deportaasje fan alle Yndianen nei it bûtenlân en de útwreiding fan 'e republyk nei it westen oan 'e kust fan 'e Stille Oseaan ta. De federalisten, oanfierd troch oarlochsheld Sam Houston, dy't ûnderwilens ta presidint fan Teksas keazen wie, seagen mear yn oansluting by de Feriene Steaten en freedsum gearlibjen mei de Yndianen. Dit konflikt waard karakterisearre troch in ynsidint dat bekend kommen is te stean as de Teksaanske Argyfoarloch, wêrby't Houston-en-dy in ynfal diene yn it argyf fan 'e nije (troch Lamar-en-dy beävensearre) haadstêdAustin, mei as doel om 'e argyfstikken werom te stjoeren nei eastlik Teksas, dêr't neffens harren de haadstêd bliuwe moast (mar dat waard harren behindere troch de skandalisearre boargerij fan Austin).
Underwilens seach Meksiko Teksas noch altyd as in opstannige provinsje, en die yn 1841 en 1842 ferskate healslachtige ynfallen yn súdlik Teksas, wêrby't de stêd San Antonio twaris yn Meksikaanske hannen foel en de Teksanen ferslein waarden by it Bloedbad fan Dawson. Meksiko sette lykwols net troch, en sadwaande koe de Republyk Teksas bestean bliuwe nettsjinsteande syn dúdlike ûnfermogen om himsels ôfdwaande te ferdigenjen. Dy sitewaasje joech de federalisten ekstra munysje yn harren striid foar oansluting by de Feriene Steaten, dêr't al yn 1837 oer ûnderhannele waard.
De Republyk Teksas fan 1836 oant 1845: gebiet dat Teksas behearske gebiet dêr't Teksas oanspraak op makke (de rest fan) Meksiko de Feriene Steaten
Nei de anneksaasje ferbriek Meksiko de diplomatike relaasjes mei de Feriene Steaten. Noch ôfsjoen fan it feit dat Meksiko Teksas as in opstannige provinsje beskôge, lei de histoaryske súdwestgrins fan Teksas by de rivier de Nueces. De Republyk Teksas hie oanspraak makke op alle gebiet oan 'e Rio Grande ta, en hoewol't de Teksanen net it fermogen hiene om harren oanspraken militêr te ûnderstypjen, hiene de Feriene Steaten dat wol. Sterker noch, presidint Polk hie ek de politike wil om dat te dwaan, en op 13 jannewaris1846 stjoerde er in ôfdieling fan it Amerikaanske Leger ûnder lieding fan generaal Zachary Taylor nei westlik Teksas ta om it hiele grûngebiet fan 'e nije steat oan 'e Rio Grande ta feilich te stellen.
Doe't Meksikaanske troepen in pear moanne letter by de saneamde Thornton-affêre sechstjin leden fan in Amerikaanske kavalerypatrûlje deaden, wie dat it startsein foar de Meksikaansk-Amerikaanske Oarloch. It die al gau bliken dat de Amerikanen de sterkere partij wiene yn dit konflikt. De earste treffens waarden útfochten yn Teksas; by it Belis fan Fort Texas, de Slach by Palo Alto en de Slach by Resaca de la Palma boekte it Amerikaanske Leger klinkende oerwinnings. Neitiid krongen Amerikaanske troepen djip yn Meksiko troch en nei ferrin fan tiid moasten de Meksikanen belies jaan. Uteinlik kaam yn 1848 in ein oan 'e oarloch mei it Ferdrach fan Guadalupe Hidalgo, wêrby't Meksiko yn ruil foar $18.250.000 foargoed ôfstân die fan Kalifornje en frijwol it hiele Amerikaanske Súdwesten.
By dizze saneamde Meksikaanske Sesje waard ek de súdwestgrins fan Teksas by de Rio Grande fêststeld. De oare westlike en noardlike grinzen fan 'e steat Teksas waarden fêstlein by it Kompromis fan 1850, wêrfoar't senatorJames Pearce fan Marylân de úteinlike tekst opstelde. Teksas joech doe syn oanspraken op gebieten op dy't letter de eastlike helte fan Nij-Meksiko, it sintrale diel fan Kolorado en (lytsere) dielen fan Kansas, Oklahoma en Wyoming wurde soene. Yn ruil dêrfoar naam it Amerikaanske regear de $10 miljoen bedragende steatsskuld fan 'e Republyk Teksas oer. Omtrint dyselde tiid woeks de befolking fan fral East-Teksas fluch oan, om't no neat Amerikaanske kolonisten mear yn 'e wei stie om har yn 'e katoenboukrite deunby de grins mei Louisiana en Arkansas te fêstigjen. De plantaazje-eigners brochten ek harren negerslaven mei. Tusken 1850 en 1860 fertrijefâldige it tal slaven yn Teksas fan likernôch 58.000 nei 182.566.
Doe't yn 1860, nei de ferkiezing fan Abraham Lincoln as presidint, de spannings tusken it noarden en it suden fan 'e Feriene Steaten einlings ta útbarsting kamen, skate Súd-Karolina him ôf fan 'e Feriene Steaten, folge troch fiif oare steaten út it Djippe Suden. Yn Teksas waard op 28 jannewaris1861 in steatskonvinsje iepene, wêrfan't de leden op 1 febrewaris mei 166 tsjin 8 stimmen in Ordinânsje fan Sesesje fan 'e Feriene Steaten oannamen. By in referindum dat op 23 febrewaris holden waard, karde it Teksaanske elektoraat dy gong fan saken goed, wêrnei't Teksas him op 4 maart by de nij oprjochte Konfederearre Steaten fan Amearika oansleat en op 23 maart de Konfederearre Grûnwetratifisearre. Net alle Teksanen wiene foar ôfskieding; de bekendste útsûndering wie de eardere presidint Sam Houston, dy't no de gûverneur fan 'e steat wie. Lincoln bea him help fan it Amerikaanske Leger oan om him oan 'e macht te hâlden, mar Houston, dy't it spul net slimmer meitsje woe as it al wie, wegere dat. Nei't er ek wegere hie om trou te swarren oan 'e Konfederearre Grûnwet, waard er ôfset.
Under de Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865) dy't op 'e ôfskieding fan úteinlik alve fan 'e Súdlike steaten folge, waard der net folle yn Teksas fochten, hoewol't Noardlike troepen by de Earste Slach om Galveston koarte tiid Galveston besetten, it wichtichste havenplak yn Teksas. Likegoed droech de steat in protte troepen en materieel by oan 'e oarlochsynset fan 'e Konfederaasje. Fierders stie Teksas bekend as "de efterdoar fan 'e Konfederaasje", om't in protte guod fia de Meksikaanske grins de Konfederaasje berikte nei't de Noardlike float in blokkade foar de Konfederearre kust lein hie. Alle Noardlike krewearjen om dy rûte ôf te snijen waard troch de Súdliken tsjinkeard. Doe't mids 1863 nei de Noardlike oerwinning yn 'e Slach by Vicksburg de hiele rin fan 'e Mississippy yn Noardlike hannen foel en de Konfederaasje dêrmei yn in eastlik en in westlik diel midstwa snien waard, rekke de rol fan Teksas as befoarrieder fan it Suden útspile. Nei't de Konfederaasje him yn april1865 al oerjûn hie, mar foar't dat nijs Teksas berikke koe, waard deunby Brownsville noch de Slach by Palmito Ranch útfochten, de lêste fjildslach fan 'e Boargeroarloch, dy't einige yn in Konfederearre oerwinning.
Nei de Súdlike nederlaach regearre yn Teksas twa moannen lang de anargy, oant de generaal Gordon GrangerGalveston berikte om dêr mei in Noardlike besettingsmacht it bestjoer oer te nimmen. Under it Tiidrek fan de Weropbou ferklearre presidint Andrew Johnson yn 1866 dat it boargerlik regear yn Teksas wer oan 'e macht wie. Op 30 maart1870 waard Teksas as tsiende fan 'e alve Konfederearre steaten wer talitten ta de Amerikaanske Uny, ek al hie de steat doe noch net foldien oan alle easken dy't dêr yn 't foar oan steld wiene. Underwilens groeiden, fral yn East-Teksas, de maatskiplike spannings tusken de (no frije) swarten en de blanken, en hie dat diel fan 'e steat ek te kampen mei in lânboudepresje en arbeidsskelen. Yn West-Teksas bloeide yn 'e perioade nei de Boargeroarloch de feehâlderij, wêrby't it fral gie om in lânseigen koweras, de Texas longhorn. Troch dat diel fan syn skiednis is Teksas foargoed assosjearre rekke mei it byld fan 'e cowboy. Yn dyselde snuorje waarden de Komantsjen, Kajowa, Flakte-Apachen en Lipan-Apachen ferslein en ûnderwurpen. De earste trije folken waarden nei it Yndiaanske Territoarium (it lettere Oklahoma) ta deportearre, wylst de Lipan-Apachen suver hielendal útrûge waarden.
Ek yn 1901 waard troch it troch de Demokraten behearske Steatskongres in wet oannommen dy't belestingheffing oer it kiesrjocht mooglik makke. Yn 'e praktyk waard dêrmei oan 'e measte swarten en oan in protte earmeblanken en Latino's it kiesrjocht ûntnommen om't se dy belesting net opbringe koene. Dat effekt wie fansels ek wêr't it de rike blanke elite yn Teksas om te dwaan wie.
Yn 'e 1930-er jierren hie de Teksaanske ekonomy slim te lijen ûnder de Grutte Depresje sawol as de Dust Bowl, in perioade fan jierrenlang oanhâldende swiere stofstoarmen, feroarsake troch grûneroazje dy't wer in gefolch wie fan ûngaadlike foarmen fan lânbou op 'e Amerikaanske prêrjes. Tusken 1910 en 1940, mar yn 't bysûnder yn 'e tritiger jierren, ferlieten swarte Teksanen by de saneamde Afro-Amerikaanske Folksferhuzing massaal de steat om yn 'e yndustrystêden fan it noarden en Kalifornje in bettere takomst foar harrensels en har bern te sykjen.
It politike lânskip fan Teksas wurdt behearske troch de beide grutte Amerikaanske politike partijen, de Demokratyske Partij en de Republikeinske Partij. Alle oare partijen ferfolje mar in hiel marzjinale rol. Teksas is in tige behâldende steat, dy't yn it ferline yn grutte mearderheid op 'e Demokraten stimde. Dat feroare lykwols doe't de Demokratyske Partij yn 'e perioade fan 'e 1950-er oant de 1970-er jierren almar progressiver waard, wylst de Republikeinske Partij krekt feroare yn in tige konservative partij. Dêrfandinne dat de measte Teksanen sûnt likernôch 1980 by ferkiezings op 'e Republikeinen stimme. Dêrby giet it lykwols benammen om blanken, wylst swarten en Latino's oer it algemien Demokratysk binne. Mei't it oandiel fan 'e Latino's yn 'e befolking fan Teksas almar fierder tanimt en dat fan 'e blanken krekt weromrint, wurdt ferwachte dat de Demokraten omtrint 2025 wer in kâns meitsje sille om yn Teksas by presidintsferkiezings mear as de helte fan 'e kiesmannen te winnen, wat nedich is om 'e Teksaanske leden fan it Elektoraal Kolleezje efter harren partij te krijen.
De lânbou spilet yn Teksas noch in wichtige rol, en de steat hat de measte agraryskebedriuwen en de measte hektares lânbougebiet fan alle Amerikaanske steaten. It is de liedende Amerikaanske steat op it mêd fan 'e feehâlderij, wêrby't it noch altyd benammen om kij giet, hoewol't Teksas ek op it earste plak fan 'e ranglist fan Amerikaanske steaten stiet op it mêd fan 'e skieppe- en geitehâlderij. Fierders is Teksas ek de grutste katoenprodusint fan 'e Feriene Steaten, en omfiemet it in oansjenlike nôtproduksje, wylst oan 'e kust in soad oan fiskerij dien wurdt. Ek mynbou op it mêd fan 'e produksje fan semint, kalkstien, sâlt, sân en gravel wurdt yn Teksas in protte oan dien.
Blanke Teksanen binne fierhinne fan Noardwest- en Middenjeropeeske orizjine, mei as grutste oarsprongsgroepen Dútsers (11,3% fan 'e totale Teksaanske befolking), Ingelsen (±10%), Ieren (8,2%), Frânsen (2,5%) en Italjanen (2,0%). Fierders libje der yn Teksas ek 200.000 lju fan Tsjechyskkomôf, wat mear is as yn hokker oare Amerikaanske steat ek.
De measte Latino's yn Teksas binne ymmigranten of neikommelingen fan ymmigranten út 'e tweintichste iuw. Fierwei it meastepart fan harren bestiet út Meksikanen (31,6% fan 'e steatsbefolking). Oare gruttere groepen binne Salvadoranen (0,9%), Portorikanen (0,4%) en Hondoerezen (0,4%). Teksas hat ek in lânseigen Latino-minderheid, de saneamde Tejano's, dy't ôfstamje fan 'e oarspronklike Spaanske kolonisten fan Teksas. (By folkstellings wurde de Tejano's net as in aparte groep beskôge, mar meiteld mei de Meksikanen; se sitte dan ek by it boppeneamde persintaazje fan 31,6% yn.)
Ek de delslachhoemannichten rinne útinoar, wêrby't de woastinige westpunt, de krite om El Paso hinne, jiers mar 220 mm rein kriget, wylst yn dielen fan súdeastlik Teksas wol 1.600 mm falt. Foar sniefal moat men winterdeis yn 'e Panhandle en yn bercheftige kriten fan West-Teksas wêze. Rûchwei de noardlike helte fan 'e steat heart ta Tornado Alley, it diel fan 'e Feriene Steaten dat yn 't bysûnder te lijen hat fan it foarkommen fan tornado's. Mei troch syn grutte hat Teksas de measte tornado's fan 'e hiele Feriene Steaten, yn trochsneed 139 jiers, dy't fral yn april, maaie en juny foarkomme.