In spear is in âld gefjochtswapen dat net allinnich foar de jacht mar ek foar oarlochsfiering geskikt is. De spear bestiet út in skaft (meastal fan hout) en hat in skerpe punt. Dizze punt kin in oanskerpe diel fan de skaft wêze óf ut in oar materiaal bestean dat op de skaft fêstmakke is.
Yn de prehistoarje waard foar spearpunten bien of fjoerstien brûkt, letter waarden dizze materialen ferfongen troch brûns of izer. Ek lang foardat der fjoerstiennen punten brûkt waarden wienen der ek al spearen; Yn Dútslân (Schöningen, by Hannover) binne inkele smytspearen opgroeven yn marsedimint yn in brúnkoallaach dy't datearre binne op 380.000-400.000 jier âld, hielendal fan hout makke, net fan in tûke, mar fan it kearnhout fan in beam, útbalânsearre foar smiten. Dêrmei binne it de âldst bekende kompleet fûne (jacht) wapens fan de minsk.
Iere modellen spearen wienen makke om te smiten, lykas no noch dien wurdt by de sport spearsmiten. Oare modellen wienen bedoeld as stekwapen. De Romeinen brûkten in model smytspear dat se pilum neamden. Dizze spear hie yn fergeliking mei oare modellen in relatyf koarte skaft mei dêrop in langere tinne izeren stêf mei dêrop de punt.
De spear is as stekwapen de foarrinder fan de lâns, de helleburd, en de pyk.
Mei in spearsmiter of atlatl kin de spear mei mear krêft goaid wurde. (Mei spearsmiter wurdt tsjintwurdich ferwiisd nei atleten (m/v) fan it atletykûnderdiel spearsmiten.)