Eartiids waard it gebiet befolke troch Yndianestammen as de Ojibwe en de Sû. Nei de ûntdekking fan Amerika troch Kolumbus kamen de Jeropeanen. Oant it midden fan de 18e iuw hienen yearsten de Frânsken kontrôle, dêrnei kaam it yn Ingelske hannen. Yn 1849 waard Minnesota in territoarium dat ek it grûngebiet fan de lettere steaten Noard en Súd Dakota omfieme. De eastlike helt fan it territoarium waard op 11 maaie1858 de 32e steat fan de Feriene Steaten. Tidens de Amerikaanske boargeroarloch stie it oan de side fan de Uny.
Geografy en klimaat
De steat Minnesota is 225.365 km² grut en leit yn de Sintral-tiidsône. It grinzet yn it noarden oan Kanada, yn it westen oan de steaten Noard Dakota en Súd Dakota, yn it easten oan Wiskonsin en yn it suden oan Iowa.
Yn de Itasca State Park ûntspringt de lange rivier de Mississippy. Fierders telt Minnesota in soad grutere en lytsere marren. It noardeasten fan de steat leit oan de Boppemar. Minnesota is frij flak. It heechste punt is de top van Eagle Mountain (701 meter).
Minnesota stiet bekend fanwege harren barre klimaat. Op 2 febrewaris1996 waard by it plak Tower -51 °C mjitten, wylst der yn de simmers fan 1917 en 1936 temperatueren berikt waarden fan 46 °C.