It ierste gebrûk fan 'e namme 'Oregon' datearret teminsten fan 1765, doe't it noch stavere waard as Ouragon, en ferwiisde nei de yn dy tiid mytyske "Rivier fan it Westen" (de Kolumbia). De ierst bekende fermelding wie yn in ferslach fan 'e BritskemajoarRobert Rogers, dy't yn 1765 skreau: "De rûte [...] rint fan 'e Grutte Marren nei de bopperin fan 'e Mississippy, en dêrwei nei de rivier dy't de Yndianen de Ouragon neame." Tsjin 1778 dominearre de hjoeddeistige stavering. Neffens ien teory soe de namme weromgean op it Frânskewurdouragan ("orkaan"), dat sels wer fia it Spaansk út 'e taal fan 'e Taïno-Yndianen fan Porto Riko komt. Dêrmei soe ferwiisd wêze kinne nei de krêftige Chinookwinen oan 'e ûnderrin fan 'e Kolumbia.
Yn 1904 brocht Joaquin Miller lykwols in oare teory op 't aljemint. Neffens him wie 'Oregon', mooglik fia de tuskenfoarm Oragua, in ferbastering fan it Portegeeskeaure il agua ("hear de wetters"). Hy stelde dat de namme wierskynlik oan 'e rivier de Kolumbia taparte wie troch in iere Portegeeskeûntdekkingsreizger, dy't dermei ferwiisde nei de streamfersnellings yn 'e rivier. Wer in oare teory giet derfan út dat it oarspronklik om in staveringsflater gie, mei't op in Frânske lânkaart út 'e iere achttjinde iuw de rivier de Wiskonsin (doe stavere as Ouisconsink) misstavere wie as Ouaricon-sint, wêrby't de namme ôfbrutsen wie mei -sint ûnder Ouaricon skreaun, sadat it liek as streamde der út 'e krite fan 'e Grutte Marren in rivier nei it westen ta dy't de Ouaricon hiet.
Oregon wurdt fierhinne behearske troch in stikmannich berchtmen, wêrfan't de Cascades, dy't de skieding tusken westlik en eastlik Oregon foarmje, it heechst binne. Dêr lizze de Mount Hood en ferskate oare promininte bergen, lykas de Mount Jefferson, de Trije Susters en de Mount Thielsen, dy't allegear yn in fier ferline foarme waarden troch fukanyske aktiviteit. Fierder nei it westen ta strekt it legere Kustberchtme him út by de kust fan 'e Stille Oseaan lâns. It Klamath-berchtme leit yn it súdwesten, op 'e grins mei Kalifornje, wylst de Blauwe Bergen de noardeasthoeke fan Oregon behearskje. Tusken de Cascades en it Kustberchtme yn leit de tichtbefolke Delling fan de Willamette. Fierders heart it uterste easten fan 'e steat ta it Kolumbiaplato, wylst de woastinige súdeasthoeke ûnderdiel útmakket fan 'e Grutte Dobbe. Ta dy lêste kriten heart ek de Grutte Sânwoastyn. De eastlike helte fan Oregon leit yn it reinskaad fan it Cascades-berchtme, en is dêrom tige drûch. Bewesten de bergen falt krekt in oerstjalpjende protte rein, mei as gefolch dat der yn en deunby it Kustberchtme in wier reinwâld groeit.
De grutste rivier fan Oregon is de Kolumbia, dy't foar in grut part de noardgrins mei Washington foarmet. De Kolumbia en de Klamath, dy't yn it súdlike part fan 'e steat streamt, binne de iennichste rivieren dy't dwers troch de Cascades snije om út te mûnjen yn 'e Stille Oseaan. Oare wichtige rivieren binne de Snake, dy't yn it noardeasten de grins mei Idaho foarmet, en de Willamette, dy't troch it tichtstbefolke diel fan Oregon streamt. De rivier de D soe neffens it regear fan Oregon de koartste rivier fan 'e wrâld wêze, mar it regear fan Montana beweart itselde oer de rivier de Roe. De Kratermar, dy't sa'n seistûzen jier lyn út 'e krater fan 'e fulkaan de Mount Mazama ûntstie, is mei in djipte fan 592 m de djipste mar fan 'e Feriene Steaten. It omlizzende Nasjonaal Park de Kratermar is it iennichste nasjonaal park yn Oregon. Oare gruttere marren yn 'e steat binne de Malheurmar en Boppe-klamathmar.
Under de Oarloch fan 1812 feroveren de Britten alle hannelsposten fan 'e Pasifyske Pelzekompanjy, en ferdreaune dêrmei de Amerikanen út Oregon. Yn it Ferdrach fan 1818 waard lykwols fêstlein dat Grut-Brittanje en de Feriene Steaten it bestjoer oer en de fruchten fan it saneamde Oregon-territoarium diele soene. Ta dat gebiet hearde net inkeld de hjoeddeistige steat Oregon, mar ek de steaten Washington en Idaho en de Kanadeeske provinsjeBritsk-Kolumbia. Nettsjinsteande it mienskiplike bestjoer waard Oregon yn 'e 1820-er en 1830-er jierren dominearre troch de Britske Hudsonbaaikompanjy, dêr't de Noardwestlike Kompanjy tsjin dy tiid yn opgien wie. Fan likernôch 1842 ôf brocht it ferneamde Oregon Trail, in rûte oer de prêrjes en troch de bergen en woastinen yn it binnenlân fan Noard-Amearika, in oanhâldende tafloed fan kolonisten út it eastlike part fan 'e Feriene Steaten nei Oregon, dy't har dêr fêstigen.
Underwilens wiene Grut-Brittanje en de Feriene Steaten wer deilis rekke oer it ferrin fan 'e grins yn it Oregon-territoarium, en ferskate jierrenlang hie it der alles fan wei dat it op in nije oarloch útdraaie soe. Mar úteinlings wist men it skeel dochs mei diplomasy op te lossen, dat yn 1846 waard it Ferdrach fan Oregon sletten, wêrby't fêststeld waard dat Grut-Brittanje it diel fan it Oregon-territoarium benoarden de 49e breedtegraad (Britsk-Kolumbia) krige, wylst it part besuden dêrfan (Oregon, Washington en Idaho) by de Feriene Steaten kaam as it nije Territoarium Oregon. Dat waard yn 1848 formeel stifte en krige doe syn earste eigen regear. Doe't fan 1850 ôf de Yndiaanske befolking fan Oregon ûnder twang nei foar dat doel stifte Yndianereservatendeportearre waard, kaam der mear lân frij foar kolonisaasje troch de blanken, en naam de tastream fan kolonisten út it Easten wei navenant ta.
Op 14 febrewaris1859 waard Oregon as de 33e steat talitten ta de Amerikaanske Uny. Dêrby hie it gebiet syn hjoeddeistige grinzen, mei't Washington en Idaho al earder selsstannige territoaria wurden wiene. Mei't men it skeel oer de slavernij bûtendoar hâlde woe, omfieme de oarspronklike steatsgrûnwet in bepaling dêr't yn fêstlein wie dat inkeld blanken har yn Oregon fêstigjen mochten (en dat dy dus gjin negerslaven meibringe mochten). Doe't de Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865) útbriek waarden alle geregelde Amerikaanske troepen út Oregon weromlutsen om yn it Easten yn 'e oarloch ynset te wurden. Yn harren plak kamen ôfdielings frijwillige kavalery dy't yn Kalifornjerekrutearre wiene, en dy't yn Oregon de oarder hanthavenje moasten. It 1e Frijwillige Kavaleryrezjimint fan Oregon tsjinne oant juny1865 yn it Easten yn 'e striid tsjin 'e SúdlikeKonfederearre Steaten fan Amearika.
It politike lânskip fan Oregon wurdt behearske troch de beide grutte Amerikaanske politike partijen, de Demokratyske Partij en de Republikeinske Partij. Alle oare partijen spylje mar in tige beheinde rol. Yn polityk opsjoch bestiet Oregon út in progressyf, yn hege mjitte Demokratysk stimmend diel bewesten de Cascades, en in konservatyf diel oan 'e eastkant fan dy bergen, dat sterk op 'e hân fan 'e Republikeinen is. Om't westlik Oregon in folle gruttere befolking hat as it easten, slacht de Demokratyske Partij yn 'e steat meastal foar master op. Sûnt 1988 hat Oregon by Amerikaanske presidintsferkiezings sûnder útsûndering op 'e Demokratyske kandidaat stimd.
Dy oerhearsking fan konservatyf East-Oregon troch progressyf West-Oregon hat makke dat der yn it easten fan 'e steat in ôfskiedingsbeweging ûntstien is, dy't East-Oregon, mooglik mei East-Washington, dat fierhinne yn deselde posysje ferkeart, as in selsstannige steat opnimme litte wol yn 'e Amerikaanske Uny. Oregon wie yn 1994 de earste Amerikaanske steat dy't eutanasy legalisearre, en yn 2014 waard yn Oregon by in referindum it rekreätyf gebrûk fan marihûana legalisearre.
Oregon hat gjin offisjele taal dy't as sadanich by wet fêstlein is, mar yn 'e praktyk wurdt dy funksje ferfolle troch it Ingelsk. Dat is ek de memmetaal fan de oergrutte mearderheid fan 'e befolking fan Oregon. It twadde plak wurdt datoangeande ynnommen troch it Spaansk.
Oregon bewesten de Cascades hat in myld seeklimaat mei waarme simmers en koele winters en (in protte) delslach frijwol it hiele jier rûn, dat nei it suden ta, justjes benoarden de grins mei Kalifornje, oergiet yn in Mediterraan klimaat mei drûgere en sinnigere winters en hjittere simmers. Eastlik fan 'e bergen hat de noardeasthoeke fan 'e steat in drûchsteppeklimaat, dat mear nei it suden ta oergiet yn in noch drûger woastynklimaat. Alle lân beëasten de Cascades hat kâlde, snieïge winters en hjitte en tige drûge simmers.