It wurd 'suvel' is yn it Frysk in resint lienwurd út it Nederlânsk, op basis fan zuivel. De âldste te datearjen boarne foar it wurd, dat yn it Midnederlânsksuvel wie, is in Latynskeoarkunde út 1293, wêryn't it sinsdiel nec vllam zuuel ("noch wat suvel") fermeld wurdt.
De konsumpsje fan suvelprodukten kin liede ta sûnensswierrichheden foar lju dy't laktoaze-yntolerânsje hawwe. Dat betsjut dat se molksûker net ôfbrekke kinne. Laktoaze-yntolerânsje is eins de noarm foar de minske, en it fermogen om molksûker ôf te brekken is fan oarsprong in genetyske mutaasje, dy't lykwols yn 'e Westerske wrâld sa rûnom foarkomt dat lju mei laktoaze-yntolerânsje dêr no in ôfwiking fan 'e noarm lykje. Yn oare parten fan 'e wrâld kin lykwols it meastepart fan 'e befolking net oer suvel. Symptomen fan laktoaze-yntolerânsje binne (nei it konsumearjen fan laktoazehâldende suvelprodukten) pinebúk, blastigens, mislikens, in soad ôfskite moatte en diarree. Der bestiet tsjintwurdich lykwols ek spesjaal foar laktoaze-yntolerante minsken op 'e merk brochte laktoazefrije molke. Los fan laktoaze-yntolerânsje kin oerkonsumpsje fan suvelprodukten sterk bydrage oan ferhege golesterol en oan fersêde fetten yn it itenspatroan, wat wer liede kin ta hertsykten en oare slimme sûnensswierrichheden.
Oare redens om gjin suvel te konsumearjen
Guon lju mije de konsumpsje fan suvel om redens dy't neat mei sûnens te krijen hawwe. Dat kinne religieuze redens wêze, mei't guon godstsjinsten de ynname fan suvelprodukten beheinings oplizze of hielendal ferbiede. Guon liedende jaïnistysketeologen pleitsje bygelyks foar ûnthâlding fan alle suvel om't se melkfeehâlderij beskôgje as in oantaasting fan it lichem fan 'e (hillige) ko. It otterdoks joadendom skriuwt foar dat suvel en fleis strikt útinoar holden wurde moatte. Dy beide soarten iten meie bygelyks net yn deselde kuolkast bewarre wurde en net mei deselde pannen of itselde itensreau tamakke wurde. Boppedat meie ek beslist net beide by itselde miel iten wurde. Dy foarskriften binne basearre op 'e (eins hiel summiere) bibeltekst yn Deuteronomium 14:21. Fierders is suvel ek taboe foar feganisten, dy't alle produkten mije dy't makke binne fan, mei en troch bisten. Foar harren is dêrfoar de reden etysk, nammentlik in ôfkear fan 'e manearen dy't brûkt wurde om sokke dierlike produkten te produsearjen en/of de miening dat de agraryske sektor tefolle bydraacht oan 'e klimaatferoaring en oare miljeuproblemen.