Pas sûnt de njoggentjinde iuw binne der lykwols gruttere boerebedriuwen ûntstien dy't har folslein op 'e melkfeehâlderij talizze. Yn 'e tiid foar't moderne konservearringsmetoaden fan molke útfûn waarden, wie grutskalige melkfeehâlderij inkeld útfierber as der grutte hoemannichten molke nedich wiene foar de produksje fan langer hâldbere foarmen fan suvel, lykas tsiis en bûter, of as der deunby in grutte merk bestie fan lju dy't op deistige of semy-deistige basis molke nedich wiene mar sels gjin kij holden. Yn 'e earste helte fan 'e njoggentjinde iuw riddenearre de foaroansteande DútskeekonoomJohann Heinrich von Thünen dat der in straal fan likernôch 160 km om in grutte stêd hinne bestie dêr't sa'n befoarrieding mei farske molke ekonomysk libbensfetber wie.
Melken waard tûzenen jierren lang mei de hân dien. Dêrfoar pleatste de melker, yn 'e regel de boer, in boere-arbeider of in saneamde komelker, in melkamer ûnder it jaar fan 'e ko, wêrnei't er njonken de ko sitten gie yn 'e hoksen, op in los, leech, houtenmelkerskrukje of op in saneamde tuolle, in soarte fan ienpoats krukje dat mei in rym om 'e mul gaspe wurde koe. Hy naam dan in oer fan 'e ko yn eltse hân en kniep de fingers ien foar ien gear, fan boppen nei ûnderen, dus begjinnend mei de wiisfinger en einigjend mei de pink. Troch dy beweging waard in strieltsje molke út it oer yn 'e amer knypt. Dy beweging waard oanhâldend en yn heech tempo werhelle oant de beide fearnen fan it jaar leech wiene, wêrnei't de oare beide oeren oan 'e beurt wiene. Om sa te melken wie tige arbeidsyntinsyf, wat skaalfergrutting yn 'e melkfeehâderij lange tiid tsjinhold, ek nei't der metoaden útfûn wiene om 'e molke langer goed te hâlden, lykas pasteurisaasje.
Yn 'e iere tweintichste iuw kamen yn 'e Feriene Steaten de earste melkmasines yn gebrûk. Yn Fryslân waard de melkmasine pas foar it earst yn 'e 1950-er jierren yntrodusearre. De earste melkmasines wiene elektryskeapparaten dy't op melkamers pasten en oer fakuumsûgers beskikten dy't om 'e oeren fan 'e ko hinne dien waarden. De molke waard dan troch it apparaat út 'e ko sûgd en kaam yn 'e amer telâne, dy't neitiid hânmjittich yn in molktank lege waard. In folgjende stap wie in apparaat mei in eigen molkereservoir, dat oan in learene bân om 'e rêch fan 'e ko hongen waard, sadat it bist him ûnder it melken frij bewege koe sûnder dat er de melkamer omskoppe koe. It molkreservoir moast nei it melken noch altyd hânmjittich yn 'e tank lege wurde.
Dêrnei waard de melklieding útfûn, in metalenebuis dy't oer de kowestâlen hinne rûn, en dêr't it melkapparaat mei in rubberne slang oan befêstige wurde koe. De molke waard doe streekrjocht fan 'e ko fia de melklieding nei de molktank ta pompt. It wie dit systeem dat de measte Fryske boeren yn 'e 1970-er jierren oanskaften. Dit soarge foar in grutte arbeidsbesparring en makke, yn 'e mande mei ekonomyske faktoaren, in hommelse skaalfergrutting fan 'e melkfeehâlderij mooglik. Wylst de kij foarhinne yn it bûthús op in tradisjonele gropstâl holden waarden, begûn men tsjin 'e ein fan 'e 1970-er jierren yn Fryslân foar it earst saneamde lisboksstâlen te setten. Dat binne frijsteande stâlgebouwen, yn 'e regel efter in pleats, dêr't de kij frij omrinne kinne op in flier fan roasters mei skreven dêr't de dong en jarre trochhinne falle yn in djippe jarrekolk dêrûnder. Yn lisboksstâlen koene folle mear kij holden wurde, en yn 'e ynboude of oanboude melkstâl koene se flugger molken wurde.
De melkstâl hie faak de foarm fan in melkput, wêrby't de kij oan wjerskanten op 'e 'normale' flier stiene om molken te wurden, wylst yn 'e midden de flier in meter leger wie, sadat de melker op 'e hichte fan 'e jaren stie en him by it melken net mear allegeduerigen hoegde te bûgen. In oare ûntwikkeling wie de draaimelkstâl of melkkarûssel, wêrby't de kij op in stadich draaiende skiif stappe om molken te wurden en by de boer lâns draaie, sadat dy gjin tiid mear ferdocht mei hinne en wer rinnen. In folgjende logyske stap wie de útfining fan 'e melkrobot, wêrmei't ek it skjinmeitsjen fan it jaar foar it melken en it ûnderhingjen en ôfheljen fan 'e sûgers automatisearre waard.
Yn Nederlân wiene yn 2009 likernôch 20.000 melkfeehâlders aktyf. Der wurdt rûsd dat dêrfan yn 2019 troch oanhâldende skaalfergrutting en automatisearring noch mar sa'n 10.000 oer binne. It Holstein-Friesian-koweras is wrâldwiid fierwei it meast brûkte melkfeeras. Ek de Jersey wurdt in soad molken, mar kij fan dat ras hawwe in heech fetgehalte en binne dêrom yn Jeropa minder populêr. Beide rassen binne lykwols 'melktypysk'; d.w.s. dat se in meagere lichemsbou hawwe en in genetyske oanlis om in soad molke te produsearjen.