Noard-Jeropa

Noard-Jeropa

Mei Noard-Jeropa wurdt it noardlike part fan it Jeropeeske kontinint bedoeld. Yn de rin fan de tiid hat it gebiet in ferskaat oan betsjuttings hân. Hjoed de dei wurdt mei Noard-Jeropa bedoeld:

Earst, doe’t Jeropa noch troch it Mediterrane gebiet oerhearske waard, waard alles dat fier fan de Middellânske See ôf lei Noard-Jeropa neamd. Bygelyks Dútslân, in grut part fan Frankryk, Nederlân, Belgje, Lúksemboarch en Eastenryk. Hjoed de dei wurdt dizze betsjutting noch brûkt yn de kontekst fan de Noardlike Renêssânse. Ek yn de kontekst fan de Jeropeeske Uny wurdt faak sprutsen oer Noard-Jeropa mei de lannen Dútslân, Belgje en Nederlân derby.

De ferdieling fan Jeropa troch de Feriene Naasjes.

Der binne meardere kriten dy’t meastal ta Noard-Jeropa rekkene wurde. Wêrûnder:

Ek de Britske Eilannen (Feriene Keninkryk en Ierlân) wurde sa no en dan, bygelyks troch de Feriene Naasjes, ta Noard-Jeropa rekkene.

Sjoch ek

Strategi Solo vs Squad di Free Fire: Cara Menang Mudah!