In park is in ûnbeboud gebiet binnen de beboude kom fan almeast in gruttere stêd, dat reservearre is foar natoer en minsklikerekreaasje en ferdivedaasje.
Parken omfetsje almeast beammen en strewelleguod, mar ek iepen, mei gers, begroeide fjilden dy't wol wat wei hawwe fan greiden. Ek rotspartijen en fivers en oare wettereleminten meitsje gauris ûnderdiel út fan parken. Guon binne strang oardere, yn 'e foarm fan Ingelske of Frânske tunen, wylst oaren wol hast noch yn har natuerlike steat lykje te ferkearen. Frijwol alle parken binne lykwols troch de minske ûntwurpen. It binne faak oäzes fan rêst yn drokke stêden, dêr't behalven minsken ek alderhanne floara en fauna gearkloftet.
Der besteane ek nasjonale parken (en, yn it ferlingde dêrfan, subnasjonale parken, lykas provinsjale en steatsparken). Dat binne beskerme natoergebieten dy't faak fier fan 'e grutte stêden ôf lizze, en net folle gemien hawwe mei gewoane parken, of it moat wêze dat minsken de rekreëarje kinne.