Nei in referindum, weryn't de yn mearderheid Russyske befolking foar oansluting keas by Ruslân, waard iensidich keazen foar in brek mei de Oekraïne. Sebastopol waard ûnderdiel fan de Ryssyske Federaasje en krige de status fan federale stêd, in status dy't dield wurdt mei Moskou en Sint-Petersburch. Oekraïne en de ynternasjonale mienskip erkenne de anneksaasje fan de Krim troch Ruslân net.
Sebastopol stiet los fan de Republyk fan de Krim. Beide binne neffens de Russyske bestjoerlike yndieling ûnderdiel fan it Federaal Distrikt Súd. Ek ûnder Oekraynsk bestjoer hie de stêd in aparte status.
Skiednis
Eartiids bewennen Skyten en Sarmaten de iggen fan de Swarte See. Argeologen fûnen delsettings dy't op 1000 f.Kr. werom gyngen. Op it plak fan it hjoeddeiske Sebastopol stiften Griken út Heraclea yn de 6e iuw f.Kr. Chersonesos, dat yn de 9e iuw by it Byzantynske Ryk foege waard. Yn it jier 988 liet grutfoarst Vladimir him yn Chersonesos dope. Dat wie it begjin fan de fersprieding fan it kristendom oer it Kiëvske Ryk. De Gouden Horde ferneatige by harren rôftochten yn de 13e en 14e iuw de stêd en dy rekke doe ûntfolke. It gebiet kaam yn de 15e iuw ûnder Osmaansk bestjoer.
Russyske troepen wisten yn de Russysk-Turkske Kriich (1768-1774) it gebiet te oermasterjen. Yn 'e hjerst fan 1782 gyngen de Russyske fregatten Chrabry en Ostrorógny foar anker by de Krimtataarske delsetting Achtiar en op 19 april 1783 waard de Krim troch it Russyske Ryk anneksearre. Op dat plak waard op 3 juny 1783 troch de Russen de stêd stifte. Ynearsten hiet de fêsting noch Achtiar, mar in jier letter waard yn opdracht fan Katarina de Grutte in begjin makke mei it oanlizzen fan in marinebasis. It plak krige doe de Grykske namme Sebastopol (fan σεβαστος, sevastos, "earbiedweardich" en πολις, polis, "stêd"). Tusken 1797 en 1826 hiet de stêd wer Achtiar en yn 1804 waard it de thúshaven fan de Swarte Seefloat.
Oan de flugge groei fan Sebastopol is de namme Michail Petrovitsj Lazarev (1788-1851) ferbûn. Hy waard yn 1832 beneamd ta stêfsjef fan de Swarte Seefloat en wie letter opperbefelhawwer fan de float en haven en militêre gûverneur fan de stêd. Hy boude in admiraliteit mei skipsreparaasje en -boubedriuwen oan de kanten fan de Jûzjnaja-baai en de Karelbelnaja-baai en gyng nei it lizzen fan in basis foar de bou fan de float fierder mei de weropbou fan de stêd.
De stêd spile in kaairol yn de Krimkriich (1854-1856) doe't yn septimber 1854 troepen fan Ingelân, Frankryk en Turkije by Jevpatorija lannen op wei nei Sebastopol. De oanfal wie massyf en de Russen wiene yn it neidiel. Dêrom waard ek besletten om ferâldere Russyske marineskippen yn it soal sinke te litten, sadat de tagong foar de fijân ta de baai fan Sebastobol blokkearre wie. In lange ferdigening folge, dy't 349 dagen duorre. De marinefêsting waard lykwols nea ynnommen en by it weromlûken nei it noarden fan de stêd lieten de Russen allinne ruïnes efter foar de fijân. De besetting fan Sebastopol duorre oant 23 juny 1856.
Mei it akseptearjen fan de Fredesferdrach fan Parys fan 1856 krigen de Russen de stêd werom. Fan de stêd wie net in soad oer. Mark Twain skreau by in besite yn 1867 dat nei oardel jier kriich yn Sebastopol de ruïnestêd Pompeï der neffens de púnbulten fan Sebastopol noch kreas hinne lei.[1] It Ferdrach fan Parys ferbea de Russen en Turken om in marine op de Swarte See te hawwen en Sebastopol ferlear dêrom foar in skoft syn strategysk belang, allinne bûtenlânske keapfardijskippen hiene noch tagong ta de haven.
De Russysk-Turkske Kriich fan 1877-1878 twong Ruslân lykwols wer om syn seemacht en fêstingwurken oan de Swarte See op oarder te bringen. Sûnt 1890 waard de haven allinne noch as marinehaven brûkt en de hannel ferskode nei Feodosia.
Yn 1905 waard it ferneamde panorama 'Ferdigening fan Sebastopol 1854-1855' iepene, in projekt fan Friedrich Oskar Enberg (1859-1937) en arsjitekt Valentin Feldmann (1864-1928) en de keunstner Franz Roubaud (1856-1928).
Nei de Oktoberrevolúsje gyng de macht yn de stêd oer yn hannen fan de Ried fan Militêren en Arbeidersôffurdigen. De sosjaal-revolúsjonêren en mensjewiken hiene foar in skoftke it foar't sizzen, mar nei ferkiezings krigen de bolsjewiken de mearderheid. Op 15 novimber 1920 moasten de Wite troepen fan Pjotr Nikolajevitsj Wrangel in ein meitsje oan it ferset tsjin de bolsjewiken, hja loeken harren mei help fan de Entente werom nei Konstantinopel. Neffens de skiedkundige Sergei Melgûnov (1880-1956) yn syn 'De Reade Terreur yn Ruslân' wie Sebastopol mei Balaklava ien fan de stêden dêr't de bolsjewiken alderheislikst tekear gyngen. Meiïnoar binne der likernôch 29.000 minsken fermoarde. Lykas Melgûnov skriuwt hiene de boargers fan de stêd neffens de Sovjetautoriteiten gjin rjocht om te kleijen oer de repressy 'om 't hja de Wite Garde holpen'. Njonken soldaten en ofsieren fan it Russyske Keizerlike leger waarden boargers, Reade-Krúswurkers, oerheidsfunksjonarissen, sjoernalisten esfh. delsketten.
Yn de Twadde Wrâldkriich waard de stêd 250 dagen troch de Dútsers belegere. De oanfal sette op 22 juny 1941 mei bombardeminten op de stêd útein. Nei't Dútske en Roemeenske troepen ûnder befel fan Erich von Manstein (1887-1973) op de Krim binnenfoelen, sette de ferdigening fan de stêd útein, dy 't 248 dagen duorre (30 oktober 1941-4 july 1942). Pas doe't der gjin mooglikheden mear wiene om te ferdigenjen, joegen de Sovjet-troepen it ferset op.
De stêd hat slim te lijen hân fan de Dútske besetting. Hast alle fabriken en nutsbedriuwen wiene ferneatige en net mear as 6% fan de foaroarlochske wenningfoarried oerlibbe de striid. Tûzenen boargers waarden foar twangarbeid ôffierd nei Dútslân of fermoarde, wylst de russyske kriichsfinzenen deahongere en fermoarde waarden. De Dútsers wiene fan de doel de stêd de Dútske namme Theodorichhafen te jaan, mar dat plan waard net útfierd. It Reade Leger ferovere nei in koarte striid de stêd op 9 maaie 1944 wer werom. By de befrijing wennen der noch mar 3.000 minsken yn de stêd. De stêd is ien fan de trettjin stêden fan de Sovjet-Uny dy't ûnderskaat waard mei de status fan heldestêd.
Under Nikita Chrûsjtsjov waard de stêd mei de rest fan it skiereilân yn 1954 bestjoerlik yndield by de Oekraynske Sosjalistyske Sovjetrepublyk. Omreden fan de marinebasis waard Sebastopol lykwols oars as de rest fan de Krim yn in apart bestjoersdistrikt yndield as in stêd, dy't streekrjocht ûnder Moskou foel. Fanwegen de basis wie Sebastopol in sletten stêd, dat oant 1996 sa bleau.
Nei it útinoar fallen fan de Sovjet-Uny en de ûnôfhinklikheid fan de Oekraïne groeiden de spanningen dy't der yn de tiid fan de Sovjet-Uny net wiene.[2]. Fral it opeaskjen fan de Swarte Seefloat fan de USSR troch de Oekraïne as Oekraynsk eigendom brocht ûnrêst ûnder de Russen. Op 23 augustus 1994 rôp de gemeenteried fan Sebastopol de havenstêd út ta Russysk grûngebiet. De ried motivearre dat beslút mei it útbliuwen fan 'in konkrete beslissing oer de status fan de stêd en fan de Swarte Seefloat'. De Russyske Dûma sette de folgjende stap mei it oannimmen fan in wet, wêryn't Sebastopol ta Russysk grûngebiet ferklearre waard. Yn 1997 namen de spanningen wer ôf mei it beslút om de Swarte Seefloat yn in Oekraynsk en in Russysk diel op te dielen. It waard de Russen tastien om de marinebasis oant 2017 te hieren en yn april 2010 waard it kontrakt mei nochris 25 jier ferlinge.
Sûnt de twadde helte fan de jierren 1990 groeide Sebastopol tanksij it subtropyske klimaat en syn histoaryske monuminten út ta in toeristysk sintrum.
Referindum
Op 16 maart 2014 waard op de hiele Krim in troch Sebastopol en de Autonome Republyk fan de Krim inisjiëarre referindum organisearre oer de takomst fan it skiereilân. De fragen dy't de befolking foarlein waarden wiene:
Binne jo foar in werieniging fan de Krim mei Ruslân mei de rjochten fan in dielgebiet fan de Russyske Federaasje?
Binne jo foar de werynfiering fan de grûnwet fan de Republyk fan de Krim út 1992 en foar in status fan de Krim as diel fan de Oekraïne?
De útslach wie mei in opkomst fan 89.5% yn Sebastopol:
Yn de Autonome Republyk fan de Krim wiene de sifers (mei in opkomst fan 83,1%): foar werieniging mei Ruslân: 96,77%, foar it bliuwen by de Oekraïne 2,51%.[4]
Nei de útslach ûntstiene Folksfeesten op de Krim en Ruslân liet fuort witte it fersyk fan de Krim yn te willigjen.[5][6]
De Europeeske Uny en de Feriene Steaten wegeren de útslach fan it referindum te erkennen, om't dy neffens harren net foldie oan ynternasjonale wetten. Nei in referindum waarden de Krim en Sebastopol troch Ruslân anneksearre en dêrnei as ûnderdiel fan de Russyske Federaasje bestjoerd.
Stedsyndieling
Sebastopol bestiet út 4 distrikten:
Rajon Lenin (sintrum)
Rajon Gagarin (westlik diel)
Rajon Nachimov (eastlik diel)
Rajon Balaklav (súdlik diel)
By Sebastopol hearre njonken de stêd ek wat lytsere plakken, dy't fral ûnder it Balaklavski-rajon hearre.
Befolking
Russen foarmje de mearderheid fan de befolking en fierwei de grutste etnyske groep yn de stêd. Dêrnjonken wenje der Oekraïners en lytsere minderheden lykas Wyt-Russen, Krim-Tataren en Wolga-Tataren.
De belangrykste taal is Russysk, ek fan dyjingen dy't harren net as Rus beskôgje. By in Oekraynske folkstelling fan 2001 joech 90,6% fan de ynwenners fan de stêd it Russysk as memmetaal op en 6,8% Oekraynsk.
It besjen wurdich
In soad minsken bringe in besite oan de ruïnestêd Chersonesos mei de Vladimirkatedraal. Yn Sebastopol binne in hiel grut tal monuminten dy't de ferskillende krigen betinke. In besite wurdich is ek it panoramamuseum út 1905, dat de Krimkriich betinkt. It gebou rekke yn de Twadde Wrâldkriich skeind en in diel fan it 115 meter lange en 14 meter hege keunstwurk fan Franz Roubaud gyng ferlern, mar restauraasje folge nei de befrijing. De stêd hat ferskillende musea, werfan't faaks it Swarte Floatmuseum ien fan de bekenste is.