Altai (republyk)

Republyk Altai

Республика Алтай

flagge wapen
polityk
soarte gebiet autonome republyk
lân Ruslân
federaal distrikt Sibearje
ekonomyske regio West-Sibearje
haadplak Gorno-Altaisk
grutste plak Gorno-Altaisk
taal Russysk, Altai,
lokaal ek: Kazachsk
Etnyske groepen Russen (56,6%)
Altai (33.9%)
Kazachen (6,2%) 2010
sifers
ynwennertal 221.559 (2022)
oerflak 92.903 km²
befolkingstichtens 2,38 ynw. / km²
oar
stifting 25 oktober 1990
tiidsône UTC+7 MSK+4
koördinaten 50° 55' N 86° 55' E
webside altai-republic.ru

Altai (Russysk: Алтай; Altai) is in autonome republyk yn de Russyske Federaasje. De republyk is ferneamd nei it berchtme mei deselde namme.

Geografy

Lânskip yn it Kosj-Agatsjski rajon

De republyk grinzget yn it noarden oan de oblast Kemerovo en oan de republyk Chakasje en yn it easten oan Tûva. Westlik leit de kraj Altai. Yn it suden dielt de republyk in lange lânsgrins oan (fanút it westen nei it easten) Kazachstan, Sina en Mongoalje.

It lânskip fan Altai bestiet út it heechlân fan it Altaiberchtme. De Sibearyske taiga, de steppes fan Kazachstan en de healwoastinen fan Mongoalje komme hjir byinoar. De republyk is mei likernôch 25% oerdutsen fan bosk.

De heechste berch fan de republyk

Grutste rivieren yn de republyk binne de Katûn en de Bieja, dy't by it gearrinnen ien fan de grutste rivieren fan Sibearje foarmje: de Ob. Yn de republyk lizze 7.000 marren mei in totaal oerflak fan mear as 700 km². De grutste mar is de Teletskojemar, dy't 80 km lang en 5 km breed is en in oerflak fan 230,8 km² in maksimale djipte fan 325 meter hat. In oare bekende mar is de Dzjûlûkûlmar yn it súdeasten, dy't troch de lokale befolking as hillich beskôge wurdt. De berchmarren fan de republyk hawwe ûnbidich grutte reserves swiet wetter fan de heechste kwaliteit. De Teletskojemar hat allinne al 40 km³ suver wetter.

Fanwegen de bergen en de marren en rivieren waard de regio ek 'Russysk Tibet' neamt. Oan de grins mei Kazachstan leit de berch Belûcha, de heechste fan de republyk mei in hichte fan 4.506 m. De grutste gletsjers binne de Bolsjoj Taldûrinski (35 km²), de Mensû (21 km²), de Sofiski (17 km²), en de Bolsjoj Maasjej (16 km²).

Der binne minerale boarnen yn de bergen fan de republyk dy't as geneeskrêftich beskôge wurde.

De republyk hat in tuskenbeide kontinintaal klimaat mei relatyf koarte en hite simmers en lange, kâlde winters.

Skiednis

Sûnt 1756 heart it gebiet by it Russyske Ryk.

Op 1 july 1922 waard de Oirotske Autonome Oblast stifte (de bewenners fan it gebiet waarden eartiids 'Oiroten' neamd). Nei't it nasjonalisme fan de Altai ferbean waard en harren beweging fan pro-Japanske sentiminten yn de Twadde Wrâldkriich beskuldige waard, krige it gebiet op 7 jannewaris 1948 de nije namme 'Gorno-Altaiske Autonome Oblast'. Op 25 oktober 1990 krige it de status fan in autonome sosjalistyske sovjetrepublyk en in jier letter waard dat de 'Gorno-Altaiske Autonome Sosjalistyske Sovjetrepublyk', sûnt 7 maaie 1992 de 'Sovjetrepublyk Gorno-Altaj' en yn 1993 de 'Autonome Republyk Altai'.

Befolking

Ynlânske man (± 1911)

Neffens de sifers fan 2020 foarmje etnyske Russen de mearderheid fan de befolking (56,6%). De lânseigen minderheid fan de Altai meitsje 34,5% út fan de bewenners. In tredde, relatyf grutte befolkingsgroep foarmje de Kazachen (6,2%). Fierder binne der noch oare groepen, dy't lykwols net mear as 0,5% fan de befolking útmeitsje.

Grutste religy yn de republyk is de russyske otterdoksy. De twadde religy yn de republyk is it siberyske sjamanisme. Dêrnjonken is der ek in islamityske minderheid.

Ekonomy

De basis fan de ekonomy is it hâlden fan fee, de hertefok en it ferwurkjen fan de hoarnen. It toerisme foarmet tsjintwurdich ek in wichtige pylder foar de ekonomy. Alle jierren wurde sa'n miljoen toeristen ferwolkomme en der is tsjintwurdich in goede toeristyske ynfrakstruktuer. Fierder folje houtferwurking, de ymkerij en de ferbou fan genêskrêftige krûden de ekonomy oan.

It belang fan de winning fan goud, sulver, izererts en litium is minder wichtich as eartiids.

Bestjoerlike yndieling

De republyk Altai is ferdield yn 1 stedsdistrikt en 10 rajon's (aimak's) mei yn totaal 91 doarpen.

stêd en bestoersdistrikten
Wapen Namme Russyske namme Altaisk Ynwennertal (2022 (*)/2021) Oerflak km² Bestjoerlik sintrum (Russysk) Koördinaten
Gorno-Altaisk Горно-Алтайск Туулу Алтай 64.558* 0,096 51° 57' N 85° 58' E
Коsj-Agatsjski rajon Кош-Агачский район Кош-Агаш аймак 19.906 20,0 Коsj-Аgаtsj 44° 47' N 44° 08' E
Majminski rajon Майминский район Майма аймак 34.582 1,4 Maima 52° 01' N 85° 55' E
Ongûdaiski rajon Онгудайский район Оҥдой аймак 14.131 11,7 Ongoedaj (Онгудай) 50° 44' N 86° 07' E
Tûrotsjakski rajon Турочакский район Турачак аймак 12.416 11,0 Tûrotsjak (Турочак) 52° 23' N 87° 10' E
Ulaganski rajon Улаганский район Улаган аймак 11.981 18,4 Ulagan (Улаган) 52° 02' N 86° 08' E
Ust-Kanski rajon Усть-Канский район Кан-Оозы аймак 14.758 6,3 Ust-Kan (Усть-Кан) 52° 02' N 86° 08' E
Ust-Koksinski rajon Усть-Коксинский район Кöк-Суу Оозы аймак 15.981 12,9 Ust-Koksa (Усть-Кокса) 50° 16' N 85° 36' E
Sjebalinski rajon Шебалинский район Шебалин аймак 13.714 3,9 Sjebalino (Шебалино) 51° 18' N 85° 40' E
Tsjemalski rajon Чемальский район Чамал аймак 10.985 3,0 Tsjemal (Чемал) 51° 24' N 86° 00' E
Tsjojski rajon Чойский район Чой аймак 7.996 4,5 Tsjoja (Чоя) 51° 43' N 86° 33' E

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Republik Altai

  • Ynwennertallen binne ôfkomstich fan it Russysktalige lemma, oproppen op 26 augustus 2022

Dielgebieten fan Ruslân
Republyk AdygeäAltaiBasjkortostanBoerjaasjeChakasjeDagestan • (Donjetsk) • IngûsjeesjeKabardino-BalkaarjeKalmukjeKaratsjai-TsjerkjesjeKareeljeKomi • (Krim) • (Lûhansk) • Mari ElMordoovjeNoard-Osseesje-Alaanje • Oedmoersje • Sacha • Tatarstan • Tsjetsjeenje • TsjûvasjeTûva
Kraj AltaiChabarovskKamtsjatkaKrasnodarKrasnojarskPermPrimorjeStavropolTransbaikal
Oblast AmoerArchangelskAstrachanBelgorodBrjansk • (Cherson) • IrkûtskIvanovoJaroslavlKaliningradKalûgaKemerovoKirovKoerganKoerskKostromaLeningradLipetskMagadanMoermanskMoskouNizjni NovgorodNovgorodOarenburchOmskOrjolPenzaPskovRjazanRostovSachalinSaratovSmolenskSverdlovskTambovTjûmenTomskTsjeljabinskTûlaTverUljanovskVladimirVologdaVoronezjWolgograd • (Zaporizja)
Autonome oblast Joadske Autonome Oblast
Autonoom distrikt Chanto-MansjeJamalo-NenetsjeNenetsjeTsjûkotka
Federale stêd MoskouSint-Petersburch • (Sebastopol)
N.B.: de gebieten tusken heakjes wurde ynternasjonaal net erkend as diel fan Ruslân, mar as diel fan de Oekraïne
· · Berjocht bewurkje

Strategi Solo vs Squad di Free Fire: Cara Menang Mudah!