Noard-Osseesje-Alaanje (Russysk: Респу́блика Се́верная Осе́тия–Ала́ния, Respûblika Severnaja Osetia-Alania; Ossetysk: Цӕгат Ирыстоны Аланийы Республикӕ) is in autonome republyk yn de Russyske Federaasje. De republyk leit yn de noardlike Kaukasus en de tafoeging Alaanje ferwiist nei it histoaryske keninkryk Alaanje.
Geology
De republyk leit op de noardlike hellingen fan de Grutte Kaukasus. Wat minder as de helte fan it grûngebiet bestiet út berchlân, de rest bestiet út leechlân en flakten mei tusken it berchlân in heuveleftige strook. It heechste punt fan de berch is de Kazbet (5033 meter).
Yn it gebiet lizze in soad rivieren. De belangrykste is de Terek, dy't bûten de republyk syn boarne hat op in hichte fan 2713 meter yn de gletsjers fan de Zilgachochiberch. De likernôch 600 kilometer lange rivier rint 110 kilometer troch Noard-Osseesje. Oare grutte rivieren binne û.o. de Oerûch (104 km), de Ardon (101 km), de Kambileevka (99 km) en de Gizeldon (81 km).
Skiednis
Yn de 7e iuw f. Kr. kolonisearren Skyten it gebiet en yn de 9e iuw n. Kr. wennen Alanen yn it gebiet, de foarfaars fan Osseten. Ut dy tiid binne noch wat bouwurken bekend lykas de wartuorren.
Ik keninkryk Alaanje waard yn de 13e iuw troch de Mongoalen ferneatige. Letter hie de regio te lijen fan de driging fan Osmanen en Tataren. Stadichoan socht Alaanje dêrom mear en mear kontakt mei it Russyske Ryk en yn 1776 gyng it dêr frijwillich yn op. Dêrmei wie it gebiet fan de Osseten ien fan de earste regio's fan de Kaukasus dy't ûnder Russysk bewâld kaam. Yn de tsaretiid hearde it gebiet by de nei de rivier de Terek ferneamede oblast Terek, dêr't ek it hjoeddeiske Tsjetsjeenje, Kabardino-Balkaarje en Ingûsjeesje by hearde.
De fêsting Vladikavkas, tsjintwurdich de haadstêd, wie ien fan de earste Russyske militêre bûtenposten fan Osseesje.
Yn de tiid fan de Sovjet-Uny waard Noard-Osseesje oant 1924 ûnderdiel fan de autonome Sovjetyske Sosjalistyske Berchrepublyk. Op 7 july 1924 waard it de Noard-Ossetyske Autonome Oblast en mei de grûnwet fan 5 desimber 1936 waard de oblast omneamd yn de Noard-Ossetyske Autonome Sosjalistyske Sovjetrepublyk.
It konflikt tusken Ruslân en Tsjetsjeenje yn de jierren 1990 en oan it begjin fan de 20e iuw waard oanlieding ta it útfieren fan ferskillende grutte terroristyske oanslaggen op it grûngebiet fan Noard-Osseesje. Besjoersorganen, fleanfjilden en legerbasissen dy't te meitsjen hiene mei de fijannelikheden yn Tsjetsjeenje wiene doelwit, mar ek de pro-Russyskke befolking fan Noard-Osseesje.
Oarspronklik foarme it oan de rjochter kant fan de Terek lizzende Prigorodni-rajon ûnderdiel fan Ingûsjeesje. Nei de deportaasje fan de befolking troch Stalin nei Sintraal-Aazje waard dat diel yn 1944 oan Noard-Osseesje tawiisd. Fral de gizeling fan 1100 skoalbern en folwoeksenen yn de stêd Beslan yn 2004 troch Tsjetsjeenske terroristen krige in soad ynternasjonaal omtinken. 334 minsken kamen by de gizeling om it libben, wêrûnder 186 bern.
Súd-Osseesje, dat oant de ûntbining in diel fan Georgje en net by Georgje bliuwe woe, rekke yn it begjin fan de jierren 1990 yn konflikt mei Georgje. In soad Súd-Osseten flechten doe nei it noarden nei Noard-Osseesje. Tagelyk krige de Noard-Osseesje te meitsjen mei etnyske spanningen tusken Osseten en de islamityske Ingûsjen yn it Prigorodni-rajon. Yn de simmer fan 2004 besocht it Georgyske regear Súd-Osseesje wer ûnder kontrôle te krijen, mar dat mislearre.
Ossetyske lieders stribje al langer nei de ferieniging fan Noard-Osseesje mei Súd-Osseesje en dêrmei ek de opname fan Súd-Osseesje yn de Russyske Federaasje. Op 31 maart 2022 ferkundige de Súd-Ossetyske president Antoli Bibilov dat Súd-Osseesje mei Noard-Osseesje ien wurde kin as it diel útmeitsje soe fan de Russyske Federaasje. Dyselde deis rôp ek president Sergei Ivanovitsj Menjailo fan Noard-Osseesje op ta ienwurding fan it Ossetyske folk. Ruslân stiet dêr posityf foar oer, mar lei de klam op de needsaak fan in referindum om de winsken fan it Ossetyske folk fêst te lizzen.[1][2] Op 7 april 2022 sette Bibilov in proseduere op gong foar it hâlden fan twa refinda: ien oer in anneksaasje troch Ruslân en ien oer gearfoeging mei Noard-Osseesje.
Befolking
De mearderheid fan de ynwenners bestiet út Osseten, dy't likernôch twatredde fan 'e befolking útmeitsje. De Osseten kinne opdield wurde yn Digoren (minderheid) en Ironen (mearderheid). De Ossetyske standertaal is op it Ironyske dialekt basearre. De mearderheid fan de Osseten is otterdoks-kristlik, in folle lytsere minderheid is islamitysk, mar de oarspronklike Ossetyske folksreligy is oant hjoeddedei noch net folslein ferdwûn. Njonken Russysk is it Ossetysk de taal yn it offisjele ferkear. Ossetysk heart ta de Iraanske taalgroep.
De op ien nei grutste groep binne de Russen, mar harren oandiel nimt al in hiel skoft ôf. Russen wenje fral yn it noarden om Mosdok hinne, dêr't hja in mearderheid fan de befolking útmeitsje, en yn de haadstêd Vladikavkas.
Likernôch de helte fan de ynwenners fan de republyk wenje yn de haadstêd Vladikavkas. Oare gruttere stêden binne Mosdok, Beslan en Alagir. Meiïnoar binne yn Noard-Osseesje-Alaanje seis stêden en ien plak mei in stedsk karakter.