Westfryske dialekten

Westfryske dialekten
algemien
lokaasje West-Fryslân, Wieringen, Teksel,
Flylân
tal sprekkers ±37.000 (1999, skatting)
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk
  ● Germaansk
    ● Westgermaansk
      ● Súdwestgermaansk
        ● Nederfr.-Nedersaks.
          ● Nederfrankysk
            ● Hollânsk
              ● Westfryske dialekten
subgroepen Eilânwestfrysk
Lânwestfrysk

De Westfryske dialekten foarmje in groep nau besibbe Hollânske dialekten yn it noarden fan 'e provinsje Noard-Hollân, dy't fuortkommen binne út in ferminging fan it Frysk dat oarspronklik yn 'e lânstreek West-Fryslân en op 'e omlizzende eilannen sprutsen waard, en it Hollânsk dat dy taal dêr fan 'e ein fan 'e trettjinde iuw ôf ferkrong. Hoewol't dizze dialektgroep dúdlik ûnderdiel foarmet fan it bredere ferbân fan it Hollânsk, binne der noch altyd spoaren fan it Fryske substraat yn werom te finen.

De lokaasje fan 'e Westfyske dialektgroep yn 'e Noard-Hollân.

Dialekten

De Westfryske dialekten falle útinoar yn twa lytsere kloften. Oan 'e iene kant is der it Lânwestfrysk, of "echte" Westfrysk. Dat is it dialekt dêr't men it oer hat as men fan "it Westfrysk" sprekt. It taalgebiet fan it Lânwestfrysk omfiemet grutdiels de Kop fan Noard-Hollân, dêrby de lânstreek West-Fryslân en de Noardseekust fan Den Helder oant Kastrikum ynbegrepen, mar de stêd Inkhuzen net. De pas yn 1930 drûchmakke Wieringermarpolder wurdt yn 'e regel likemin ta it Westfryske gebiet rekkene, al hat de útspraak fan it Standertnederlânsk troch in diel fan 'e befolking (±20%) fan dat gebiet wol Westfryskige skaaimerken, om it foarsichtich út te drukken.

It Lânwestfrysk bestiet sels ek wer út ferskate subdialekten, te witten it Drechterlânsk of Eastlik Westfrysk, dat sprutsen wurdt yn 'e krite tusken Inkhuzen en Hoarn; it Midden-Westfrysk, in brede bân fan noard nei súd begjinnend op 'e hichte fan Hoarn en Medemblik en dêrwei nei it westen ta; it Westlik Westfrysk, fan 'e Noardseekust oant de omkriten fan Skagen; en it Egmondsk of Derpers, fan Egmond oan See. Dêrfan wike it Drechterlânsk en benammen it isolearre Egmondsk it measte ôf fan de noarm. Oer it algemien kin steld wurde dat it Lânwestfrysk taalkundich sjoen fan âlds dochs al frij ticht by súdliker Hollânske dialekten as it Saansk en it Wetterlânsk stie.

Oan 'e oare kant binne der de Eilânwestfryske dialekten: it Tekselsk fan it Waadeilân Teksel, it Wieringsk fan it eardere eilân Wieringen, en foarhinne ek it Flylânsk, dat no útstoarn is. Ta dizze groep wurdt op grûn fan beskate taalkundige skaaimerken ek it Inkhústersk rekkene, it stedsdialekt fan Inkhuzen. Dizze dialekten ûnderskiede har fan it Lânwestfrysk trochdat se folle behâldender fan aard binne, en dêrtroch fierder fan 'e súdliker Hollânske dialekten en it Standertnederlânsk ôf steane.

De lokaasje fan 'e Westfryske dialekt-groep yn it gruttere Hollânske taalgebiet.

Skematyske opbou fan 'e dialektgroep

De skematyske opbou fan 'e Westfryske dialektgroep is sa:

Westfryske dialekten
Lânwestfrysk ("Westfrysk") Eilânwestfrysk
Egmondsk Westlik Westfrysk Midden-Westfrysk Drechterlânsk Inkhústersk Wieringsk Tekselsk Flylânsk

Besibskip

De Westfryske dialekten binne nau besibbe oan it Saansk fan 'e Saanstreek en oan it Wetterlânsk fan 'e Noardhollânske Iselmarkust tusken Skarwâld en Durgerdam, mar yn folle mindere mjitte oan it Kennemerlânsk fan Alkmaar en omkriten.

Hjoeddeistige sitewaasje

Troch de grutte ynfloed fan it Nederlânsk binne de Westfryske dialekten sûnt it begjin fan 'e njoggentjinde iuw sterk yn it neigean rekke. Op in soad plakken wurde dizze dialekten no allinnich noch mar yn 'e lichtste foarm sprutsen, wêrby't men suver better sprekke kin fan in regionaal kleure Nederlânsk (in regiolekt) as fan in dialekt. Boppedat ferlieze se ûnder de jongere generaasjes almar mear terrein. It echte dialekt wurdt fral noch sprutsen op Teksel en Wieringen, troch de âldere generaasjes yn 'e stêden en troch de befolking fan 'e bûtengebieten, de min ofte mear (fan ymport út oare kontreien wei) isolearre lytse doarpkes op it plattelân. Yn dit ferbân moat opmurken wurde dat de fêstiging yn it gebiet troch in protte (âld-)marinelju (fanwegen de marinehaven fan Den Helder) yn beskate kriten in tige neidielich effekt op it trochjaan fan it dialekt oan 'e jongere generaasjes hân hat.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Berns, Jan, en Steusel, Sanne, Noord-Hollands, De Haach, 2004 (Sdu Uitgevers), ISBN 978-9 01 20 97 161.
  • Scholtmeijer, Harrie, Utrechts, Veluws en Flevolands, De Haach, 2002 (Sdu Uitgevers), ISBN 978-9 01 20 90 087 (oer it taalgebrûk yn 'e Wieringermarpolder).

Read other articles:

Artikel bertopik layanan kereta api ini berisi jadwal perjalanan kereta api yang suatu saat dapat berubah. Informasi tentang jadwal perjalanan kereta api ini dapat berubah sewaktu-waktu. Wikipedia tidak bertanggung jawab atas validitas data yang terdapat dalam jadwal perjalanan kereta api. Silakan hubungi operator kereta api yang bersangkutan untuk informasi lebih lanjut. Peringatan pandemi COVID-19: Kereta api ini mungkin tidak dijalankan pada masa normal baru. Calon penumpang dimohon memeri...

 

  Hoplobatrachus rugulosus Estado de conservaciónPreocupación menor (UICN 3.1)[1]​TaxonomíaReino: AnimaliaFilo: ChordataClase: AmphibiaOrden: AnuraFamilia: DicroglossidaeGénero: HoplobatrachusEspecie: Hoplobatrachus rugulosus(Wiegmann, 1834)Sinonimia Rana tigrina ssp. pantherina Steindachner, 1867 [editar datos en Wikidata] Hoplobatrachus rugulosus es una especie de anfibio anuro de la familia Dicroglossidae. Se encuentra en Camboya, China, Hong Kong, Laos, Macao...

 

Vista de la central nuclear de Monticello La central nuclear de Monticello es una instalación generadora de electricidad situada en Monticello, Minnesota a las orillas del río Misisipí. El emplazamiento, que empezó a funcionar en 1970, tiene un solo BWR) de General Electric diseño BWR-3 que genera 553 megavatios. Es propiedad de la Northern States Power Company (NSP), hoy una subsidiaria de Xcel Energy, y su funcionamiento corre a cargo de Nuclear Management Company (NMC). El 9 de noviem...

العربي نصرة معلومات شخصية الميلاد 15 يناير 1947 (العمر 76 سنة)تونس مواطنة الحماية الفرنسية في تونس (–20 مارس 1956) تونس (20 مارس 1956–)  الحياة العملية المهنة سياسي،  ورجل أعمال  تعديل مصدري - تعديل   العربي بن الحبيب نصرة (1947-)، رجل أعمال تونسي ورئيس حزب صوت شعب تونس وباعث قنا...

 

Este artigo não cita fontes confiáveis. Ajude a inserir referências. Conteúdo não verificável pode ser removido.—Encontre fontes: ABW  • CAPES  • Google (N • L • A) (Julho de 2020) Hai Duong Hải Dương Capital Hai Duong Região Delta do Rio Vermelho População (censo 1999) 1.650.624 habitantes Área 1.648,4 km² População (est. 2005) 1.711.400 habitantes Densidade (est. 2005) 1.038,22 hab/km² Mapa Hai Duong (vietnami...

 

Neurotoxin BmTx3 is a neurotoxin, which is a component of the venom of the scorpion Buthus Martensi Karsch. It blocks A-type potassium channels in the central nervous system and hERG-channels in the heart. Source/Isolation BmTx3 was originally purified from the venom of the Chinese scorpion, Buthus Martensi Karsch. BmTx3 is a “short-chain” peptide like other potassium channel blockers in the scorpion venom and added to the phylogenetic tree in the subfamily α-KTx15. Its 3D structure has ...

Coordenadas: 32° 24' N, 34° 53' O Localização das planícies de Sharon, na parte noroeste de Israel. Sharon, Sarom ou Sarona (em hebraico: שָׁרוֹן‎‎) é a metade norte da planície costeira de Israel, norte de Gush Dan e sua maior cidade é Netanya. As outras maiores cidades nesta região são Ra'anana, Ramat Hasharon e Kefar Sava. Esta planície situa-se entre o Mar Mediterrâneo a oeste e as colinas de Samaria, a 15 km a leste. Ela se estende a partir de Haifa e do Monte Carm...

 

Portuguese footballer João Paulo Personal informationFull name João Paulo Andrade[1]Date of birth (1981-06-06) 6 June 1981 (age 42)[1]Place of birth Leiria, Portugal[2]Height 1.80 m (5 ft 11 in)[1]Position(s) Centre-backTeam informationCurrent team CastrenseYouth career1992–1994 Portomosense1994–1999 União LeiriaSenior career*Years Team Apps (Gls)1999–2006 União Leiria 131 (16)2000–2001 → União Tomar (loan) 2003 → Sporting C...

 

You can help expand this article with text translated from the corresponding article in Italian. (September 2011) Click [show] for important translation instructions. View a machine-translated version of the Italian article. Machine translation, like DeepL or Google Translate, is a useful starting point for translations, but translators must revise errors as necessary and confirm that the translation is accurate, rather than simply copy-pasting machine-translated text into the English Wi...

1835 highly destructive fire in New York City, United States This article is about the 1835 fire. For the fire during the American Revolution, see Great Fire of New York (1776). For the fire of 1845, see Great New York City Fire of 1845. April 1836 lithograph of the destruction of the Merchant's Exchange Building on Wall Street, during the Great Fire The 1835 Great Fire of New York was one of three fires that rendered extensive damage to New York City in the 18th and 19th centuries. The fire ...

 

أتورفاستاتين أتورفاستاتين الاسم النظامي (3R,5R)-7-[2-(4-fluorophenyl)- تداخل دوائي كولشيسين،  وفينوفايبرات،  وجمفبروزيل،  وسيبروفايبرات،  ودابتوميسين،  وبيزافايبرات،  وإيتراكونازول،  وفينوفايبرات،  وسيكلوسبورين،  وسيكلوسبورين،  وسيبروفايبرات،  وكولشي...

 

Government-aided school in SingaporeWhampoa Secondary School黄埔中学LocationSingaporeCoordinates1°18′52″N 103°52′58″E / 1.3144°N 103.8828°E / 1.3144; 103.8828InformationSchool typeGovernment-AidedCo-educationalMotto德、智、体、群(Towards an all round education)Established1961StatusDefunctClosed1994 Whampoa Secondary School (Chinese: 黄埔中学) (formerly Whampoa Secondary School(Chinese) (Chinese: 黄埔华文中学) ) was a secondary s...

Fictional character from Days of Our Lives Soap opera character Bo BradyDays of Our Lives characterPeter Reckell as Bo BradyPortrayed by Peter Reckell (1983–1992, 1995–2023) Robert Kelker-Kelly (1992–1995) Duration 1983–1987 1990–2012 2015–2016 2022–2023 First appearanceMay 3, 1983Last appearanceApril 28, 2023ClassificationPast; recurringCreated byMargaret DePriest and Sheri AndersonIntroduced by Betty Corday and Al Rabin (1983) Ken Corday and Al Rabin (...

 

American singer This biography of a living person needs additional citations for verification. Please help by adding reliable sources. Contentious material about living persons that is unsourced or poorly sourced must be removed immediately from the article and its talk page, especially if potentially libelous.Find sources: Cindy Birdsong – news · newspapers · books · scholar · JSTOR (July 2014) (Learn how and when to remove this template message) Cind...

 

Church in Ontario, CanadaBasilica of Our LadyBasilica Our Lady of the Immaculate ConceptionSouthwest view of the basilicaBasilica of Our Lady43°32′35.3″N 80°15′4.2″W / 43.543139°N 80.251167°W / 43.543139; -80.251167LocationGuelph, OntarioCountryCanadaDenominationRoman CatholicWebsitebasilicaofourlady.comHistoryStatusActiveDedication1883ArchitectureFunctional statusMinor basilicaHeritage designationNational Historic Site of CanadaDesignated1990Architect(s)Jo...

For other uses, see Konrad Adenauer (disambiguation). This article has multiple issues. Please help improve it or discuss these issues on the talk page. (Learn how and when to remove these template messages) This article needs additional citations for verification. Please help improve this article by adding citations to reliable sources. Unsourced material may be challenged and removed.Find sources: Konrad Adenauer aircraft – news · newspapers · books ·...

 

Finn Porath Datos personalesNacimiento Eutin, Alemania23 de febrero de 1997 (26 años)Nacionalidad(es) AlemanaAltura 1.79 metrosCarrera deportivaDeporte FútbolClub profesionalDebut deportivo 2015(Hamburgo S.V. II)Club Holstein KielLiga 2. BundesligaPosición Centrocampista defensivo[editar datos en Wikidata] Finn Porath (23 de febrero de 1997) es un futbolista Alemán que se desempeña como centrocampista en el Holstein Kiel de la 2. Bundesliga de Alemania.[1]​ Trayector...

 

Taiwanese actor, singer and producer In this Taiwanese name, the surname is Huo. Wallace Huo霍建華BornHuo Chien-hwa (1979-12-26) 26 December 1979 (age 43)Taipei, TaiwanNationalityTaiwaneseAlma materNan Chiang Industrial and Commercial Senior High SchoolOccupations Actor Singer Producer Years active2002–presentAgentChun Chieh Lien (2011–present) (Huajae Studio (founder))Height1.77 m (5 ft 10 in)Spouse Ruby Lin ​(m. 2016)​Chi...

Series of TV movies This article is about the television film series. For the 1971–1973/2000–2019 theatrical film series, see Shaft (franchise) § Feature films. This article needs additional citations for verification. Please help improve this article by adding citations to reliable sources. Unsourced material may be challenged and removed.Find sources: Shaft 1973 film series – news · newspapers · books · scholar · JSTOR (July 2014) (Lea...

 

Untuk dari segi ketegasan talak, lihat Talak. Talak 3Poster filmSutradaraHanung BramantyoIsmail BasbethProduserHanung BramantyoKaran MathaniSkenarioBagus BramantiCeritaSalman AristoPemeranLaudya Cynthia BellaVino G BastianReza RahadianTika PanggabeanDodit MulyantoPenata musikKrisna PurnaSinematograferSatria KurniantoPenyuntingWawan I. WibowoPerusahaanproduksiMD PicturesDistributorMD PicturesTanggal rilis4 Februari 2016Durasi90 menitNegaraIndonesiaBahasaIndonesia Talak 3 adalah film kome...

 

Strategi Solo vs Squad di Free Fire: Cara Menang Mudah!