Yn de Kop fan Noard-Hollân wurdt it West-Frysk dialekt sprutsen. Dat dialekt hat wer ferskaat oan subdialekten; op Teksel it Tessels, op Wieringen it Wieringsk. Dy dialekten hearre ta it Eilân-Westfrysk en yn it oare part fan it gebiet wurde farianten fan it Lân-Westfrysk praat.
Ynfrastruktuer
Autowegen
De Kop fan Noard-Hollân is oer de Ofslútdyk mei de provinsjeFryslân ferbûn. Oer de Ofslútdyk rint de A7, dy't Saandam mei Bad Nijeskâns yn Grinslân ferbynt. It is de iennige autodyk dy't troch de Kop fan Noard-Hollân rint. Oare wichtige diken binne de N302 (Westfrisiaweg) dy't Kop fan Noard-Hollân oer de Houtribdyk ferbynt mei Flevolân, N506, N241, N245, N248, N99 en de N9 dy't fan Helder nei Alkmaar rint en dêr oanslút op de A9.