It Eilânwestfrysk is in groepke dialekten dat ta de gruttere kloft fan 'e Westfryske dialekten heart, dy't op har beurt wer ûnderdiel útmeitsje fan it Hollânsk. De Eilânwestfryske dialekten ûnderskiede har fan it Lânwestfrysk of "echte" Westfrysk troch in stikmannich behâldende skaaimerken.
Yn 'e Eilânwestfryske dialekten ûntbrekt de [ʌi̭] (stavere as ui), lykas yn huis ("hûs"), en ek de typysk Westfryske klanken [ai̭] (ai) en [oi̭] (oi), fan kaike of koike ("sjen"; Nederlânsk: kijken). Yn it Lânwestfrysk, dêr't de ui wol foarkomt, kin dy klank beskôge wurde as in frij resinte oanpassing oan it Standertnederlânsk, wylst ai en oi dêr tuskenfoarmen binne yn 'e rjochting fan dy taal. Yn 'e Eilânwestfryske dialekten binne lykwols de oarspronkliker klanken [y] (uu), fan huus ("hûs"), uut ("út") en ruke ("rûke"), en [i] (ie) fan kieke ("sjen"), diek ("dyk") en tied ("tiid") bewarre.
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Berns, Jan, en Steusel, Sanne, Noord-Hollands, De Haach, 2004 (Sdu Uitgevers), ISBN 978-9 01 20 97 161.
Strategi Solo vs Squad di Free Fire: Cara Menang Mudah!