It beweitsjen en beskriuwen fan it Standertnederlânsk is troch Nederlânske, Flaamske en Surinaamske oerheid tabetroud oan de Nederlânske Taaluny. De Taaluny publisearret wurk dêr't de noarmen fan it Standertnederlânsk yn fêstlein binne.
It Standertnederlânsk is meast fan it Hollânsk beynfloede, om't dat de taal fan it al iuwenlang machtichste goa yn Nederlân wie. Fan de dialekten fan oare goaen fynt men net folle werom yn it moderne Standertnederlânsk. Wol hat it Hollânsk eartiids in soad ynfloed ûndergien fan it Brabânsk en it Flaamsk.
It begryp Standertnederlânsk
It wurd Standerdnederlânsk stiet sa stavere (en net as Standert-Nederlânsk, standert-Nederlânsk of standertnederlânsk) yn it Griene Boekje. Benammen offisjele ynstellingen, dêr't somtiden de Taaluny ek ûnder is, skriuwe ek standert Nederlânsk (mei in spaasje). De Taaluny hat it ek oer de Nederlânske Standerttaal.[1]
Eartiids, en noch wol, waard sprutsen fan ABN, de ôfkoarting fan Algemien Beskaafd Nederlânsk. Doe wienen der ek saneamde ABN-rûnten, stúdzjegroepen op skoallen dy't súver taalgebrûk foarstienen en wolsprekkendheidskrigen organisearren. Der wie in ABN-sintrale dy't allerhande inisjativen naam, sa as it útbringen fan in film "Moeder, wat zijn we rijk" yn 1957.
De oantsjutting ABN is yn de faktaal ferfongen troch oare benammingen, foaral omdat it wurd beschaafd opfette wurde koe as soene minsken dy't oare farianten fan it Nederlânsk sprekke net beskaafd wêze soene. Oant de staveringsherfoarming fan 1995 waard fral de term Algemeen Nederlands (AN) brûkt. Yn Flaanderen is dy beneaming noch altyd gongber.