Nederlânske Taaluny

Nederlandse Taalunie
Offisjele taal Nederlânsk
Foarsitter Linde van den Bosch
Stifte yn 1980
Leden flagge fan Nederlân Nederlân
flagge fan Belgje Belgje
flagge fan Suriname Suriname
Kandidaatleden flagge fan de Nederlânske Antillen Nederlânske Antillen
flagge fan Arûba Arûba
Spesjale bannen flagge fan Yndoneezje Yndoneezje
flagge fan Súd-Afrika Súd-Afrika
Haadkertier De Haach
Hiemside www.taalunieversum.org
Blau: Lidsteaten fan de Nederlânske Taaluny.
Ljocht blau: Net-Nederlânsk taalgebiet yn lidsteaten.
Read: Spesjale bannen mei Taaluny.
Giel: Oare gebieten wêr't Nederlânske of Afrikaansk sprutsen wurdt.

De Nederlânske Taaluny (Nederlânsk: Nederlandse Taalunie), gauris ôfkoarte ta NTU, is in ynternasjonaal gearwurkingsferbân dêr't de leden gearwurkje op it mêd fan de Nederlânske taal, taalûnderwiis en letteren. De organisaasje waard nei it ûndertekenjen fan it Taalunyferdrach fan 9 septimber 1980 stifte troch de oerheid fan Nederlân en Flaanderen. De Taaluny is stifte yn it belang fan it mienskiplike belied fan de taal, it ûnderwiis yn it Nederlânsk en de taalbesibbe kultuer. Sûnt 12 jannewaris 2005 is ek Suriname lid fan de Uny.

Taaluny

De Nederlânske Taaluny bestiet út fjouwer organen:

  • It Komitee fan Ministers: Dat komitee bestiet út de ministers fan ûnderwiis en kultuer fan de dielnimmende lannen.
  • De Rie fan Nederlânske Taal en Letteren: Dizze Rie bestiet út kundige adviseurs dy’t ûndersyk dogge en advys jaan oan it Komitee fan Ministers.
  • De Ynterparlemintêre Kommisje: Dizze kommisje kontrolearret it belied fan de NTU en bestiet út parlemintsleden.
  • It Algemiene Sekretariaat: It Algemien Sekretariaat is ferantwurdlik foar de útfiering fan it blied fan de NTU.

De Taaluny hat besletten ta:

  • Ynfiering fan in spelling mei de trije lannen.
  • Yn ‘e mande ûntwikkeling fan (djoere) helpmiddels, bygelyks neislachwurken.
  • Sammelje fan kennis en erfaring rûn Nederlânske ûnderwiis.
  • Byleare fan dosinten Nederlânsk en fan literêre oersetters.
  • Taalbelied yn Jeropeesk Ferbân.

Yn de boppesteande organen wurdt Suriname net fertsjintwurdige, omdat dat lân in assosjaasjelid is.

It Nederlânsktalich ûnderwiis yn West-Dútslân, oarstalich Belgje en Noard-Frankryk krije ûnder oare ek stipe fan de Nederlânske Taaluny. De Uny stribbet nei nauwe bannen mei Súd-Afrika, alhoewol’t dizze nettsjinsteande it grutte tal Afrikaansksprekkenden, gjin lid is fan de Uny. De Taaluny hat ek spesjale bannen mei Yndoneezje, dêr’t Nederlânsk noch ridlik behearske wurdt. De Taaluny hat gjin observaasjelidden, wat in soad oare taalorganisaasjes al hawwe.

Suriname

Op 12 desimber 2003 ûndertekenen de Nederlânske steatssekretaris Medy van der Laan, fan Kultuer, as foarsitter fan it Komitee fan Ministers fan de Nederlânske Taaluny, en Walter Sandriman, de Surinaamske minister fan Underwiis, yn Brussel in assosjaasje-oerienkomst. De ratifikaasje troch it parlemint fan Suriname waard dien yn desimber 2004, en op 12 jannewaris 2005 waard Suriname offisjeel it tredde lid fan de Taaluny.

It Taalunyferdrach

De offisjele titel fan it Taalunyferdrach[1] is:

Verdrag tussen het Koninkrijk België en het Koninkrijk der Nederlanden inzake de Nederlandse Taalunie.

It is ûndertekene yn Brussel, op 9 septimber 1980.

Yn it Taalunyferdrach wurdt de doelstelling fan de Taaluny sa beskreaun:

“De Taalunie heeft tot doel de integratie van Nederland en de Nederlandse gemeenschap in België op het gebied van de Nederlandse taal en letteren in de ruimste zin.”

De Nederlânske Taaluny hâldt him ek dwaande mei de stavering fan de wurden en jout dêrta it Griene Boekje út. De op ien nei lêste ferzje fan it boek waard útbrocht yn 1995. Yn oktober 2005 is foar it earst in nije ferzje útbrocht fan dat eksimplaar út 1995. It wie de ynstek om alle tsien jierren de stavering nei te sjen, mar begjin juny 2008 makke de Taaluny bekend dat dit yn 2015 net barre sil.

De Taaluny is as yntergûverneminteel orgaan unyk. Nearne oars yn Jeropa binne der fuort fergelykbere ynstellings.

Priisútrikkingen

Fan 1986 ôf is de Prijs der Nederlandse Letteren by de Taaluny ûnderbrocht. Dizze priis bestiet sûnt 1956, en wurdt iens yn de trije jier útrikt foar oarspronklik Nederlânsktalich proaza of poëzy. It Komitee fan Ministers, dat oan it haad fan de Taaluny stiet, beneamd de ûnôfhinklik sjuery dy’t de priis takent. De Taaluny rikt fierder alle jierren de "Taalunie Toneelschrijfprijs" út oan in skriuwer fan in Nederlânsk toanielstik dat yn it teaterseizoen dêrfoar yn premjêre gien is. Op it lêst hat de Taaluny de Inktaap, in literêre priis dy’t elts jier troch skoaljongen en skoalfanken út de boppebou fan it foartset en middelber ûnderwiis útrikt wurdt oan ien fan de troch de Taaluny nominearre boeken.

Literatuerskiednis

Op 23 febrewaris 2006 waarden it earste part (Midsiuwen) en it lêste part (19145-2005) fan in nije 9-dielige skiednis fan de Nederlânsktalige literatuer, skreaun ûnder lieding fan de Taaluny, yn de Grutte Tsjerke yn Breda oanbean oan kroanprinses Maxima Zorreguieta fan Nederlân en prinses Mathilde d’Udekern d’Acoz fan Belgje.

Stipepunt Nederlânsktalige Terminology

It "Steunpunt Nederlandstalige Terminologie" is op 1 april 2007 stifte troch de Nederlânske Taaluny en is yn it earste plak in ynformaasje- en advyspunt foar alle aspekten fan terminology oer it heule Nederlânske taalgebiet. It stipepunt ûnderhaldt yn opdracht fan de Nederlânske Taaluny de hiemside NedTerm, dy’t tsjinst docht as ynformaasjeboarne op it mêd fan Nederlânsktalige terminology. It stipet boppedat it terminologybelied dat de Nederlânske Taaluny fiert mei har Commissie Terminologie (CoTerm) en de warberens fan de Flaamsk-Nederlânske terminologyferiening NL-Term.

Afrikaansk

Omdat it Afrikaansk yn Súd-Afrika ek diel út makket fan de Nederlânske taalfamylje, gean der al mear stimmen op foar oansluting fan Afrikaansk by de Taaluny. Steatssekretaris Frans Timmermans hat yn febrewaris 2008 op besyk west yn Súd-Afrika en hat ferskate petearen fiert mei Súd-Afrikaanske bewâldfierders. Timmermans hat by syn besyk sein dat it Afrikaansk út it ‘ferdomhoekje’ helle wurde moat en dat de posysje fan de taal fersterke wurde moat. Oansluten fan it Afrikaansk by de NTU sil de status fan dy taal fergrutsje, dêrnjonken sil de taal ek stipe krije fan de NTU.

It falt al te betwivelje oft de taal gau by de NTU komme sil. It Súd-Afrikaanske regear sil ûnderhannelje moatte oer ta treden ta de NTU. Dit sil it regear fan dat lân ek jild kostje en it sil de posysje fan it Afrikaansk sterker meitsje. Dit giet yn tsjin it belied fan it Súd-Afrikaanske regear.

In oare mooglikheid is dat de Afrikaanske mienskip harren oanslút by de NTU mei in assosjaasjeferdrach, te fergeliken mei it ferdrach mei Suriname. De ynstânsje dy’t dan yn byld komt is de Suid-Afrikaanse Akademie vir Wetenskap en Kuns (Frysk: Súd-Afrikaanske Akademy foar Wittenskip en Keunst).

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Folsleine tekst fan it Taalunyferdrach

Strategi Solo vs Squad di Free Fire: Cara Menang Mudah!