It Inkhústersk of Inkhuzersk (Inkhústersk: Enkhúzers; Westfrysk: Henkhúzers) is it Hollânskedialekt dat fan âlds sprutsen wurdt yn 'e WestfryskehavenstêdInkhuzen. Troch de iuwenlange oriïntaasje fan Inkhuzen op 'e see wykt dit dialekt yn frij sterke mjitte ôf fan it Lânwestfrysk of "echte" Westfrysk dat yn it omlizzende gebiet sprutsen wurdt. It dielt lykwols ferskate behâldende skaaimerken mei it Tekselsk, it Wieringsk en it no útstoarne Flylânsk, en wurdt sadwaande ta de Elânwestfryske dialekten rekkene.
Skiednis
As in âlde, omwâle stêd wie Inkhuzen yn 'e Midsiuwen al in sletten sintrum, dat fral yn 'e Gouden Iuw ta grutte bloei kaam. Geandewei de achttjinde iuw rekke it mei it stedsje lykwols yn it neigean. It behold syn âlde bân mei de see, en kearde him fan it lân ôf, wêrmei't it net wanlyk is oan oare eigensinnige fiskersplakken, lykas Urk en Foalendam (en yn sekere sin ek Harns), dêr't har ek dialekten ûntjoegen dy't frij sterk ôfwieken fan har taalkundige omkriten. Sa ûntwikkele Inkhuzen him troch histoaryske redens ta in soarte fan stedseilantsje, dat net folle kontakt mei it efterlân hie.
Hjoeddeistige sitewaasje
Tsjintwurdich wurdt it Inkhústersk net mear sa'n hiel protte mear sprutsen, wat mei komt om't in soad lju fan bûten Inkhuzen har yn 'e stêd nei wenjen set hawwe, en it Standertnederlânsk of it Lânwestfrysk meinommen hawwe. Sadwaande rekket it âlde stedsdialekt oan 'e ien kant yn ûnbrûk, wylst it oan 'e oare kant ferwetteret trochdat de Eilânwestfryske foarmen stadichoan ferkrongen wurde troch de algemienere klanken fan 'e Lânwestfryske omgongstaal.
Yn 1983 waard it leksikon fan it Inkhústersk troch Sjoerd Spoelstra fêstlein yn it Enkhuizer Woordenboek, in útjefte fan it Meertens Ynstitút te Amsterdam. Dêroan waard ek in klankynventaris en in beheinde grammatika tafoege. It is net alhiel klear hoefolle sprekkers oft it Inkhústersk noch hat. In skatting út 2004 kaam út op in 1.800 minsken, wat likernôch 10% fan 'e stedsbefolking wêze soe. Wol is dúdlik dat de sprekkers meast ta de âldere generaasjes hearre, sadat it Inkhústersk, lykas sa'n soad Nederlânske dialekten, stadichoan efterútbuorket.
Taaleigenskippen
Klanklear
Krekt as op Teksel en op Wieringen sprekt men yn Inkhuzen fan diek ("dyk") en tied ("tiid") en fan muus ("mûs") en duuf ("do", fûgel), wylst it Lânwestfrysk fan 'e omlizzende doarpen foar dy wurden de foarmen daik (of doik), taid (of toid), muis en duif hat. Dêrmei hinget it Lânwestfrysk dus mear oer nei it Standertnederlânsk, wêryn't de klanken [i] (ie) en [y] (uu) yn sokke wurden yn 'e sechstjinde iuw al ferfongen binne troch de fan oarsprong Brabânsketwalûden [ɛ.i̭] (ij) en [ʌi̭] (ui). It Inkhústersk en de oare Eilânwestfryske dialekten hawwe dêrfoaroer de âldere foarmen beholden. Opmerklik is dêrby dat it Inkhústersk ek yn 'e wurden flute ("fluitsje") en spute ("spuitsje") de âlde foarm bewarre hat, wylst dat yn Tekselsk en it Wieringsk no just útsûnderings binne dy't àl in ui hawwe.
Fierders seit men yn Inkhuzen foar "skiep" en "tsiis" fan skeep en kees, wylst fuort bûten de stêd fan skeip en keis sprutsen wurdt. Ek op dit punt komt it Inkhústersk oerien mei de oare Eilânwestfryske dialekten en ûnderskiedt it him fan alle oare Westfryske dialekten op it fêstelân. Lykwols binne der ek foarbylden te neamen wêrby't it Inkhústersk in gruttere ynfloed fan it Hollânsk sjen lit as de eilândialekten, wat fansels ek net sa nuver is, de folle súdliker lizzing fan 'e stêd yn acht nommen. Sokke Hollânske ynfloeden sjocht men bgl. yn wurden as pijp ("piip"), vijf ("fiif") en wijf ("wiif"), dêr't him yn it Inkhústersk de lange ij oppenearret, wylst it Tekselsk en it Wieringsk ek yn dizze gefallen de ie oanhâlde.
Opfallend is fierders dat men yn Inkhuzen fan dorp ("doarp") en vork ("foarke") seit, wylst frijwol alle oare Westfryske dialekten dêr durp en vurk foar hawwe. Dochs blykt de foarm vurkie oant it begjin fan 'e tweintichste iuw wol yn gebrûk west te hawwen yn Inkhuzen, doe't er dêr optekene waard troch de taalkundigeG.G. Kloeke. In oar yn it each springend skaaimerk fan it Inkhústersk is it weifallen fan 'e h as dy oan it begjin fan in wurd stiet. Sadwaande seit men fan uus ("hûs") ynstee fan huus. Dit ferskynsel ûntbrekt yn it Tekselsk en it Wieringsk, mar kaam wol foar yn it útstoarne Flylânsk, en docht him ek foar yn it Wetterlânske dialekt fan Foalendam. It behâld fan 'e konsonantekluster [sk] (sk fan "skoalle"), dy't yn 'e measte Hollânske dialekten ferfongen is troch de [sx] (sch fan school) dielt it Inkhústersk wol wer mei alle oare Westfryske dialekten.
Oarstalige ynfloeden
Op guon punten wykt it Inkhústersk sadanich fan alle oare Westfryske dialekten ôf, dat taalkundigen in ynfloed fan bûtenôf fermoedzje. Dêrby wurdt fral tocht oan it Nedersaksyske taalgebiet yn eastlik Nederlân, dêr't mooglik yn 'e tiid fan 'e Hânze, yn 'e Midsiuwen, doe't plakken as Kampen, Dimter en Sutfen wichtige hannelsstêden wiene, in protte kontakt mei bestien hat. De skaaimerken dy't dy teory fuortbrocht hawwe, binne:
de e-klank fan wurden as breg ("brêge"), reg ("rêch") en pet ("put");
de ú-klank fan vuur ("fjoer") wylst besibbe dialekten dêrfoar de foarm vier hawwe;
de foarm nij ("nij") dêr't de oare Westfryske dialekten nuw ([nœṷ]) hawwe;
de foarm veur ("foar") dy't earder Nedersaksysk is as Westfrysk (hoewol't it Drechterlânsk, dat sprutsen wurdt tusken Inkhuzen en Hoarn yn, ek de foarm veur hat, tinkt men dêrfoar oan ûntliening út it Inkhústersk).
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Berns, Jan, en Steusel, Sanne, Noord-Hollands, De Haach, 2004 (Sdu Uitgevers), ISBN 978-9 01 20 97 161.