Wetterlânsk

Wetterlânsk
algemien
eigen namme Waoterlands
lânseigen yn Nederlân
tal sprekkers 20.000 (2009, skatting)
skrift Latynsk alfabet
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk
  ● Germaansk
    ● Westgermaansk
      ● Súdwestgermaansk
        ● Nederfr.-Nedersaks.
          ● Nederfrankysk
            ● Nederlânsk
              ● Hollânsk
                ● Wetterlânsk
dialekten Foalendamsk, Markersk,
Mûntsjedamsk, Purmereinsk

It Wetterlânsk (Wetterlânsk: Waoterlands) is it Hollânske dialekt dat fan âlds sprutsen wurdt yn 'e lânstreek Wetterlân, de krite oan 'e Noardhollânske Iselmarkust tusken Skarwâld en Durgerdam. De súdgrins fan it dialektgebiet wurdt oanjûn troch it IJ. Krekt as de noardliker sprutsen Westfryske dialekten is dit in Hollânske taalfoarm op in Frysk substraat. Behalven mei it Westfrysk is it Wetterlânsk ek nau besibbe oan it fierder it binnenlân yn sprutsen Saansk.

Subdialekten

It bekendste Wetterlânske ûnderdialekt is it Foalendamsk, dat oant op 'e dei fan hjoed de normale omgongstaal foarmet yn it eardere fiskersdoarp Foalendam. Dêrby moat opmurken wurde dat it Foalendamsk foar it Wetterlânsk no krekt in protte atypyske skaaimerken hat, dy't feroarsake binne troch ferskate faktoaren. Sa wie Foalendam as roomsk doarp yn in protestantske streek foarhinne sterk isolearre yn syn kontakten mei it efterlân, en dêr kaam noch by dat it troch de fiskerij dochs al yn hege mjitte op 'e see oriïntearre wie. Boppedat ûndergie it yn 'e njoggentjinde iuw in sterke ynfloed fan it Skokkersk, it Nedersaksyske dialekt fan it Sudersee-eilân Skoklân, mei't in protte fan 'e bewenners fan Skoklân har yn Foalendam nei wenjen setten doe't harren eilân ûntromme waard.

De lokaasje fan it Wetterlânsk yn it gruttere Hollânske taalgebiet.
Terreinferlies fan it Frysk yn Nederlân troch de iuwen hinne.

In oar Wetterlânsk dialekt dat in beskate bekendheid hat, is it Markersk, fan it eardere eilân Marken, dat ek al in frij isolearre ûntwikkeling trochmakke hat. Represintativer foar it Wetterlânsk as gehiel is it Mûntsjedamsk, fan it havenstedsje Mûntsjedam. Tsjintwurdich steane krekt as yn 'e rest fan Nederlân ek yn Wetterlân de âlde dialekten ûnder swiere druk fan it Standertnederlânsk, wat makket dat se hast oeral sterk yn it neigean rekke binne. Allinnich yn sletten mienskippen as Foalendam wurde se noch algemien sprutsen, ek troch de jongerein.

Yn it suden fan it dialektgebiet hat it Wetterlânsk fierders ek noch te krijen mei de druk dy't útgiet fan it stedsdialekt fan Amsterdam. Troch de grutte migraasje út 'e haadstêd wei nei Purmerein hat fan 'e ûnderskate Wetterlânske dialekten fral it Purmereinsk dêrûnder te lijen; taalkundigen ferwachtsje dat it Amsterdamsk it eigen dialekt yn Purmerein mei koarten folslein ferkringe sil.

Taaleigenskippen

It Wetterlânsk hat krektlyk as de Westfryske dialekten in Frysk substraat. Hoewol't it grutste part fan it gebiet tusken 1300 en 1600 ûntfryske rekke is, waard op Seefang, in earder eilân mei û.m. de plakken Edam en Foalendam, dat fierhinne fan 'e rest fan Wetterlân skaat waard troch de Beemstermar en de Purmermar, noch lange tiid in eigen foarm fan Frysk sprutsen, mooglik oant yn 'e achttjinde of njoggentjinde iuw. Sadwaande lykje de tsjintwurdige Wetterlânske dialekten sterk op it Westfrysk, en is yn it Foalendamsk (mar net yn it Markersk) de konsonantekluster [sk] (sk fan "skaad") bewarre bleaun, wylst it Hollânsk en it Standertnederlânsk dêr de kluster [sx] (sch fan school) hawwe (ferlykje Foalendamsk skaip ("skiep"), Markersk scheep, Nederlânsk schaap).

Fierders hat it Wetterlânsk mei it Westfrysk gemien dat de Nederlânske twalûden [ɛ.i̭] (ij fan "bij") en [ʌi̭] (ui fan "bui") der net algemien yn trochkrongen binne. Sa seit men foar it Nederlânske blijven ("bliuwe") yn it Foalendamsk fan blaive en yn it Markersk fan blieve, en foar Nederlânske huis ("hûs") yn it Foalendamsk wol fan uis, mar yn it Markersk fan ois. Oan dit lêste foarbyld is daliks ek in oare skaaimerk te sjen dat it Wetterlânsk mei alteast guon Westfryske dialekten mienskiplik hat, nammentlik it fuortfallen fan 'e h oan it begjin fan wurden. Foar it Nederlânske hersens ("harsens") jout it Foalendamsk sadwaande arses en it Markersk arsens, sa't it Westfryske Inkhústersk dêr ek de foarm òrses foar hat, en it Egmondsk arsens.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Berns, Jan, en Steusel, Sanne, Noord-Hollands, De Haach, 2004 (Sdu Uitgevers), ISBN 978-9 01 20 97 161.
  • Ginneken, Jac. van, Drie Waterlandse Dialecten, Alfen oan de Ryn, 1954 (N. Samsom N.V.), sûnder ISBN, 2 dielen.

Read other articles:

يفتقر محتوى هذه المقالة إلى الاستشهاد بمصادر. فضلاً، ساهم في تطوير هذه المقالة من خلال إضافة مصادر موثوق بها. أي معلومات غير موثقة يمكن التشكيك بها وإزالتها. (ديسمبر 2018) 171° خط طول 171 شرق خريطة لجميع الإحداثيات من جوجل خريطة لجميع الإحداثيات من بينغ تصدير جميع الإحداثيات من كي

 

Le informazioni riportate non sono consigli medici e potrebbero non essere accurate. I contenuti hanno solo fine illustrativo e non sostituiscono il parere medico: leggi le avvertenze. Sindrome di GilbertBilirubinaSpecialitàepatologia e medicina generale Classificazione e risorse esterne (EN)ICD-9-CM277.4 ICD-10E80.4 OMIM143500 e 143500 MeSHD005878 MedlinePlus000301 eMedicine178841 SinonimiSindrome di Gilbert-MeulengrachtSindrome di Gilbert-LereboulletMorbo di Gilbert EponimiAugustin Nicolas...

 

ПрюнеPrunet Країна  Франція Регіон Овернь-Рона-Альпи  Департамент Ардеш  Округ Ларжантьєр Кантон Ларжантьєр Код INSEE 07187 Поштові індекси 07110 Координати 44°35′53″ пн. ш. 4°15′41″ сх. д.H G O Висота 376 - 1 193 м.н.р.м. Площа 8,81 км² Населення 136 (01-2020[1]) Густота 15,78 ос./км²...

De FDGB-Pokal 1976–1977 was de 26ste editie van de strijd om de Oost-Duitse voetbalbeker. De beker werd voor de derde keer in de clubgeschiedenis gewonnen door SG Dynamo Dresden, dat in de finale met 3-2 won van 1. FC Lokomotive Leipzig. Schema kwartfinale halve finale finale                                        BSG Stahl Riesa 1 1 2    FC Carl Zeiss Jena 0 3 3      ...

 

Higuera brootando las yemas La parábola de la higuera, o parábola de la higuera brotando las hojas, es una parábola de Jesucristo contada en los tres Evangelios sinópticos: Mateo,[1]​ Marcos,,[2]​ y Lucas.[3]​ No tiene que confundirse con la parábola de la higuera estéril recogida en san Lucas.[4]​ A esta parábola le sigue inmediatamente una exhortación a la vigilancia. Texto Y díjoles una parábola: Mirad la higuera y todos los árboles: 30 Cuando ya brotan, vi

 

Sebuah bom surat yang disimpan di National Postal Museum Bom surat, yang juga disebut bom parsel, bom kiriman atau bom pos, adalah sebuah alat ledak yang dikirim melalui layanan pos, dan dirancang untuk melukai atau menewaskan penerima saat dibuka. Barang tersebut digunakan dalam pembunuhan yang menargetkan Israel dan dalam serangan teroris. Beberapa negara memiliki badan yang tugasnya menjinakkan bom surat dan penyelidikan pengeboman surat. Bom surat telah digunakan hampir selama layanan pos...

American coffee brand Eight O'Clock CoffeeProduct typeCoffeeOwnerTata Consumer Products (The Eight O'Clock Coffee Company)CountryUSAIntroduced1859MarketsUSAPrevious ownersThe Great Atlantic & Pacific Tea Company (1859–2003)Gryphon Investors (2003–2006)TaglineFor Those Who Put Coffee FirstWebsiteeightoclock.com Eight O'Clock Coffee is an American brand of coffee products currently manufactured by the Eight O'Clock Coffee Company, of North Bergen, New Jersey, a subsidiary of Tata Co...

 

Novel series by F. Sionil José The Rosales Saga Book covers for F. Sionil José's novel series The Rosales Saga.AuthorF. Sionil JoséCountryPhilippinesLanguageEnglishGenreFictionPublisherSolidaridad Publishing House, Inc. (Philippines) The Rosales Saga, also known as the Rosales Novels, is a series of five historical and political novels written by National Artist of the Philippines F. Sionil José. Chronologically, it is composed of five interconnected novels, namely Po-on (written in 1984)...

 

Taekwondo nosJogos Pan-Americanos de 2019 Masculino Feminino –58 kg –49 kg –68 kg –57 kg –80 kg –67 kg +80 kg +67 kg Poomsae masculino feminino duplas mistas equipes mistas A competição até 57 kg feminino do taekwondo nos Jogos Pan-Americanos de 2019 ocorreu no dia 28 de julho, no Polideportivo Villa El Salvador em Callao, Lima.[1] Medalhistas Ouro USA Anastasija Zolotic Prata CAN Skylar Park Bronze CRC Nishy Lee LindoCHI Fernanda Aguirre Resultados [2] Chave principal   O...

Human settlement in EnglandRoxbourneRoxbourne Park West boundary line.RoxbourneLocation within Greater LondonPopulation12,828 (2011 Census. Ward)[1]OS grid referenceTQ128873London boroughHarrowCeremonial countyGreater LondonRegionLondonCountryEnglandSovereign stateUnited KingdomPost townHARROWPostcode districtHA2Post townPINNERPostcode districtHA5Dialling code020PoliceMetropolitanFireLondonAmbulanceLondon UK ParliamentHarrow WestL...

 

Welcome! Hello, Legoines, and welcome to Wikipedia! Thank you for your contributions. I hope you like the place and decide to stay. Unfortunately, one or more of the pages you created, such as North Jetty, may not conform to some of Wikipedia's guidelines, and may soon be deleted. There's a page about creating articles you may want to read called Your first article. If you are stuck, and looking for help, please come to the New contributors' help page, where experienced Wikipedians can answer...

 

American businessman (born 1962) Mark WilfWilf in 2013Born1962 (age 60–61)NationalityAmericanEducationPrinceton University (BA)New York University School of Law (JD)OccupationReal estate developerKnown forCo-owner of Minnesota Vikings & Orlando City SCSpouseJane E. FriederChildren4Parent(s)Joseph Wilf and Elizabeth WilfFamilyZygi Wilf (brother) Leonard Wilf (cousin) Mark Wilf (born 1962) is an American businessman who is the president and co-owner of the Minnesota Vikings,...

High-ranking officer in the Ethiopian Air Force Commander of the Ethiopian Air ForceFlag of Ethiopian Air ForceIncumbentLieutenant General Yilma Merdasasince 21 June 2018[1] Ethiopian Air ForceMember ofEthiopian National Defense ForceReports toChief of General StaffAppointerthe President of EthiopiaFormation1929First holderMischka Babichef The Commander of the Ethiopian Air Force is the chief and highest-ranking officer of the Ethiopian Air Force The current commander is Lie...

 

Best-known high-rise building in the German city of Augsburg Hotel Dorint An der Kongresshalle AugsburgGeneral informationStatusCompletedTypeHotel, ResidentialArchitectural styleHigh-riseLocationAugsburg, GermanyCoordinates48°21′34″N 10°53′09″E / 48.35944°N 10.88583°E / 48.35944; 10.88583Opening1972HeightAntenna spire167 m (548 ft)Roof115 m (377 ft)Technical detailsFloor count35 The Hotel Dorint An der Kongresshalle Augsburg is the best-...

 

Comunicação Tipos Social Massa Interpessoal Intrapessoal Verbal Não verbal Visual Audiovisual Segmentada Redes Ciberespacial Não violenta Meios Cartaz Cinema Correio Fanzine Internet Jornal Livro Outdoor Panfleto Podcast Banda desenhada Rádio Revista Televisão Vídeo Profissões Assessoria Design gráfico Editoração Jornalismo Produção audiovisual Produção cultural Produção editorial Publicidade Radialismo Relações públicas Roteiro Disciplinas Análise do discurso Análise de...

Аварийное переключение (англ. failover) — передача функциональной нагрузки на резервный компонент компьютерной системы или сети (сервер, сетевое устройство, функциональный модуль и т. п.) в случае сбоя или нарушения функционирования основного компонента той же си...

 

Highway in Wisconsin State Trunk Highway 142WIS 142 highlighted in redRoute informationMaintained by WisDOTLength17.69 mi[1] (28.47 km)Major junctionsWest end WIS 11 / WIS 36 / WIS 83 at BurlingtonMajor intersections US 45 in ParisEast end I-41 / I-94 / US 41 / CTH-S in Kenosha LocationCountryUnited StatesStateWisconsinCountiesRacine, Kenosha Highway system Wisconsin State Trunk Highway System Interstate US Sta...

 

Cet article est une ébauche concernant l’Aisne et la conservation de la nature. Vous pouvez partager vos connaissances en l’améliorant (comment ?) selon les recommandations des projets correspondants. Le département de l'Aisne en rouge sur la carte cet article présente les sites classés et inscrits du département de l'Aisne, en France[1]. Liste Sites classés Les critères sur lesquels les sites ont été sélectionnés sont désignés par des lettres, comme suit : TC ...

Ice sport arena in Lappeenranta, Finland Kisapuiston jäähalliSaiPa vs. HIFK at Kisapuiston jäähalli in 2012AddressKisakatu 9LappeenrantaCoordinates61°03′28″N 28°13′44″E / 61.05778°N 28.22889°E / 61.05778; 28.22889OwnerCity of LappeenrantaCapacity4,820Field size60m x 28.5 mConstructionOpened30 September 1972 (1972-09-30)Expanded2004TenantsSaiPa (1972–)RB-93 (1993–)Lappeenrannan Taitoluistelijat (1998–) Lappeenrannan kisapuiston jää...

 

Motor vehicle Aeolus AX7OverviewManufacturerAeolus (marque)Production2014-presentModel years2014–presentAssemblyChina: WuhanBody and chassisClassCompact crossover SUVBody style5-door SUVLayoutfront engine, front-wheel drive / all-wheel drive The Aeolus AX7, previously the Dongfeng Fengshen AX7 is a compact CUV produced by Dongfeng Motor Corporation under the Aeolus sub-brand since 2014. Starting from the 2021 model year, the Aeolus AX7 was sold with the Aeolus name badge instead o...

 

Strategi Solo vs Squad di Free Fire: Cara Menang Mudah!