It Egmondsk wykt yn hege mjitte ôf fan 'e oare Lânwestfryske dialekten, in ûnderskie dat fral karakterisearre wurdt troch ûntrûning fan 'e fokalen. Troch dat ferskynsel binne in protte Westfryske klanken yn dit dialekt ferskood ta [ɛ] (e fan "pet") of [ɪ] (i fan "pit"), lykas it wurdt "doarp", dat yn it Lânwestfrysk durp is, mar yn it Egmondsk derp. In oar taalkundich skaaimerk, dat it Egmondsk dielt mei û.m. it Inkhústersk, it útstoarne Flylânsk en guon (net-Westfryske) Wetterlânske dialekten, is it fuortfallen fan 'e h oan it begjin fan wurden. Foar "hûs" en "harsens" jout it Egmondsk sadwaande òis en arsens (ferlykje Ned. huis en hersens).
Krekt as alle oare Hollânske dialekten is it ek mei it Egmondsk sûnt de midden fan 'e tweintichste iuw sterk yn it neigean rekke. In bykommende faktor is yn dit gefal de rol dy't it toerisme spile hat, mei't Egmond oan See him ta in wichtich baaiplak ûntjûn hat. It dialekt wurdt tsjintwurdich fan gefolgen noch mar sprutsen troch in pear hûndert, meast âldere ynwenners.
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Berns, Jan, en Steusel, Sanne, Noord-Hollands, De Haach, 2004 (Sdu Uitgevers), ISBN 978-9 01 20 97 161.
Pannekeet, Jan, Het Westfries: Inventarisatie van Dialectkenmerken, Wormerveer, 1995 (St. Uitgeverij Noord-Holland), ISBN 9 07 11 23 359.
Strategi Solo vs Squad di Free Fire: Cara Menang Mudah!