Alan Rickman

Alan Rickman
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte namme Alan Sidney Patrick Rickman
nasjonaliteit Britsk
berne 21 febrewaris 1946
berteplak Londen (Ingelân)
stoarn 14 jannewaris 2016
stjerplak Londen (Ingelân)
etnisiteit Ingelsk
Iersk
Welsk
jierren aktyf 19782016
prizen BAFTA 1991
Emmy Award 1996
Golden Globe 1996
offisjele webside
Alan Rickman yn 'e IMDb

Alan Rickman (folút: Alan Sidney Patrick Rickman; Londen, 21 febrewaris 1946 – dêre, 14 jannewaris 2016) wie in Britsk akteur en regisseur, dy't in protte op 'e planken stie, mar by it grutte publyk benammen bekend waard mei syn filmrollen. Dêrby spile er faak de smjunt, lykas de oer liken geande dief Hans Gruber yn 'e aksjefilm Die Hard, de sheriff fan Nottingham yn 'e aventoerefilm Robin Hood: Prince of Thieves en Severus Sneep yn 'e Harry Potter-filmrige. Yn oarsoartige rollen wie Rickman te sjen yn û.m. it kostúmdrama Sense and Sensibility, de histoaryske tillefyzjefilm Rasputin: Dark Servant of Destiny en de mozaykkomeedzje Love Actually. Hy wûn yn 1991 in BAFTA en yn 1996 in Emmy Award en in Golden Globe. Rickman kaam begjin 2016 te ferstjerren oan kanker.

Libben en karriêre

Jonkheid en oplieding

Rickman waard yn 1946 berne yn in arbeidersfermidden yn 'e Londenske wyk Acton, as de soan fan Bernard Rickman, in fabryksarbeider, en dy syn frou Doreen Rose Bartlett. Hy wie fan mingd etnysk komôf, mei Ingelske, Ierske en Welske foarâlden. Syn heit wie roomsk en syn mem metodistysk. Hy hie in âldere broer, David (1944), in grafysk ûntwerper, en in jongeren-ien, Michael (1947), in tennistrainer, en ek in jongere suster, Sheila (1950). Rickman folge de legere skoalle oan 'e Derwentwater Primary School, dêr't de Montessori-lesmetoade brûkt waard. Doe't er acht jier wie, kaam syn heit te ferstjerren, wêrnei't syn mem him en syn bruorren en suster fierder allinne grutbrocht. Hja wertroude neitiid, mar liet har al nei trije jier wer fan har twadde man skiede.

Alan Rickman yn 2007.

Oan 'e middelskoalle yn Acton wûn Rickman in stúdzjebeurs om fierder te learen oan 'e Latymer Upper School yn Londen, dêr't er foar it earst yn 'e kunde kaam mei toanielspyljen. Mei't er útblonk yn kalligrafy en skilderjen, learde Rickman letter fierder oan it Chelsea College of Art and Design, dêr't er wei trochstreamde nei it Royal College of Art. Neitiid fûn er wurk as grafysk ûntwerper foar de krante de Notting Hill Herald, wat him mear fêstichheid bea as aktearjen. Koart nei syn ôfstudearjen begûn Rickman in ûntwerpstudio dy't er 'Graphiti' neamde. Hoewol't dy saak goed rûn, kaam er trije jier letter ta de konklúzje dat às er noch ea in aktearkarriêre prebearje woe, dat it dan no wêze moast. Dat, fan 1972 oant 1974 folge er kolleezjes oan 'e Royal Academy of Dramatic Art (RADA), wylst er himsels ûnderhold as assistint fan grutte toanielakteurs lykas Nigel Hawthorne en Ralph Richardson.

Karriêre

Nei't er ôfstudearre wie oan 'e RADA, wurke Rickman yn 't earstoan frijwol útslutend as toanielakteur. Hy sleat him oan by ferskate toanielselskippen efterinoar, dy't har taleine op Britsk repertwaar of op eksperiminteel toaniel. Yn dy jierren spile Rickman rollen yn û.m. De Miuw, fan Tsjechov, en yn Shakepeariaanske stikken as Romeo en Julia en Nei Jim Beleavjen. Hy naam trije kear diel oan it Ynternasjonaal Festival fan Edinburgh. Yn 1980 makke er syn debút op 'e tillefyzje mei in gastrol yn in ôflevering fan 'e searje Shelley. Yn 1982 wied er te sjen as dûmny Obadiah Slope yn in BBC-adaptaasje fan The Barchester Chronicles fan Anthony Trollope.

Yn 1985 waard Rickman de manlike haadrol fan 'e boarchgreve fan Valmont taparte yn 'e opfiering troch de Royal Shakespeare Company fan it stik Les Liaisons Dangereuses, fan Pierre Choderlos de Laclos. Dy rol betsjutte foar Rickman de trochbraak. Nei't it selskip dêr yn 1987 mei de Atlantyske Oseaan oerstutsen wie om it op Broadway op 'e planken te bringen, waard er foar de rol fan Valmont nominearre foar sawol in Tony Award (de wichtichtste Amerikaanske toanielpriis) as in Drama Desk Award.

Rickman mei Kate Winslet yn 2014 op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Toronto.

Rickman rekke yn 1988 ferneamd by in breder publyk doe't er de rol fan 'e dief Hans Gruber fertolke yn 'e Hollywood-aksjefilm Die Hard, as tsjinspiler fan Bruce Willis en Bonnie Bedelia. Dat wie teffens syn filmdebút, al hied er earder al wol rollen yn tillefyzjefilms hân. Rickman waard neitiid gauris yn 'e rol fan 'e antagonist cast. Sa spile er yn 'e western yn Austraalje Quigley Down Under, mei Tom Selleck en Laura San Giacomo, de Aboriginal-haatsjende grutgrûnbesitter Elliot Marston. Ek fertolke er yn 'e aventoerefilm Robin Hood: Prince of Thieves (1991) de rol fan 'e sheriff fan Nottingham as tsjinspiler fan Kevin Costner (Robin Hood) en Mary Elizabeth Mastrantonio (de frouwe Marian). Dy lêste rol smiet him sawol in BAFTA as in Saturn Award op yn 'e kategory bêste byrol fan in akteur.

Yn 1996 hie Rickman fierders de titelrol fan 'e 'mâle mûnts' Grigorij Raspûtin, yn it histoaryske tillefyzjedrama Rasputin: Dark Servant of Destiny. Dêrfoar waard him in Golden Globe, in Emmy Award (de wichtichtste Amerikaanske tillefyzjepriis), in Satellite Award en in Screen Actors Guild Award takend, allegear yn 'e kategory bêste akteur. Hoewol't Rickman der oanstjit oan naam om aloan en alwer mar yn 'e smjunterol cast te wurden, spile er fannijs in soartgelikense rol yn 'e achtdielige Harry Potter-filmrige (2001-2011), as prof. Severus Sneep.

Fierders ferfolle Rickman lykwols ek oare rollen. Sa fertolke er de manlike haadrol yn romantyske films as Truly, Madly, Deeply (1991) en Sense and Sensibility (1995). Ek wied er te sjen as de Ierske frijheidsstrider en politikus Éamon de Valera yn 'e biografyske film Michael Collins (1996). En teffens hied er in komyske rol yn 'e Star Trek-parody Galaxy Quest (1999), mei Tim Allen en Sigourney Weaver. Rickman wie op syn bêst yn 'e tragikomyske rol yn 'e krystfilm Love Actually (2003) as de man fan Emma Thompson, dy't troch syn sekretaresse op 'e doele brocht wurdt. Foar syn rol as de sjirurch Alfred Blalock yn Something the Lord Made (2004) waard er nominearre foar in Emmy. Fierders liende er as stimakteur syn stim oan Marvin de Paranoïde Androïde yn The Hitchhiker's Guide to the Galaxy (2005), en oan Absolem de Rûp yn Alice in Wonderland (2010).

Ek spile Rickman de egosintryske, Nobelpriiswinnende heit yn Nobel Son (2007). Yn Sweeney Todd: The Demon Barber of Fleet Street (2007) fertolke er de rol fan 'e boasaardige rjochter Turpin. Behalven yn films wie Rickman ek allegeduerigen yn it teäter te sjen. Sa spile er yn 1998 Markus Antonius yn Shakespeare syn Antonius en Kleopatra, as tsjinspiler fan Helen Mirren, en hied er yn 2010 de titelrol yn it stik John Gabriel Borkman, fan Henrik Ibsen.

Rickman posearret yn 2011 foar in fan nei in opfiering fan it toanielstik John Gabriel Borkman.

Njonken syn aktearwurk wie Rickman ek aktyf as toanielregisseur. Yn 1995 regisearre er it stik The Winter Guest yn it Londenske Almeida Theatre, en yn 1997 regisearre er de ferfilming fan dat toanielstik ûnder deselde titel, mei yn 'e haadrollen Emma Thompson en dy har (wiere) mem Phyllida Law. Yn 2005 regisearre Rickman it stik My Name is Rachel Corrie, dat er tegearre mei Katharine Viner gearstald hie. Dêrfoar wûn er de Theatre Goers' Choice Award, in publykspriis, yn 'e kategory bêste regisseur. It jiers dêrop waard it stik lykwols fan Broadway ward út eangstme foar protesten fan lju dy't it as anty-Israel-propaganda sjen soene. Rickman spuide yn 'e media raar guod oer sokke "sensuer berne út skiterigens".

Priveelibben

Yn 1965, doe't er njoggentjin jier wie, kaam Rickman yn 'e kunde mei de doe achttjinjierrige Rima Horton, mei wa't er syn earste serieuze relaasje krige. Hja wennen gear fan 1977 oant syn ferstjerren. Harren relaasje bleau sûnder bern. Horton is in dosinte ekonomy oan 'e Londenske Kingston Universiteit en wie fan 1986 oant 2006 gemeenteriedslid foar de Labourpartij yn 'e dielgemeente Kensington en Chelsea. Yn 2015 befêstige Rickman dat hy en Horton yn 2012 by in privee-seremoanje yn New York troud wiene. Rickman wie fierders de peteheit fan akteur Tom Burke. Hy wie aktyf yn ferskate nasjonale en ynternasjonale akteurs- en artyste-organisaasjes, en sei fan himsels dat er "berne wie mei in lidmaatskipskaart fan 'e Labourpartij yn 'e bûse".

Ferstjerren

Yn augustus 2015 waard Rickman troffen troch in lytse oerhaal. Medysk ûndersyk wiisde dêrnei út dat er alfleisklierkanker hie dy't al net mear te genêzen wie. Rickman ferburch it feit dat er terminaal siik wie fan eltsenien útsein syn alderneisten. Hy ferstoar op 16 jannewaris 2016 yn 'e âlderdom fan 69 jier yn in Londensk sikehûs, yn it bywêzen fan freonen en famyljeleden.

Filmografy

Filmografy as akteur
jier titel rol of funksje opmerkings
tillefyzje
1978 Romeo and Juliet Tybalt BBC-registraasje fan in toanielstik fan William Shakespeare
1980 Shelley Clive gastrol; ôfl. Nowt So Queer
1980 Thérèse Raquin Vidal weromkearende rol; 3 ôfl.
1982 Busted Simon tillefyzjefilm
1982 Smiley's People Brownlow gastrol; 1 ôfl.
1982 The Barchester Chronicles Obadiah Slope minysearje
1985 Summer Season Croop gastrol; ôfl. Pity in History
1985 Girls on Top Dmitri weromkearende rol; 3 ôfl.
1989 Revolutionary Witness Jacques Roux koarte tillefyzjefilm
1989 ScreenPlay Israel Yates gastrol; ôfl. The Spirit of Man
1993 Fallen Angels Dwight Billings gastrol; ôfl. Murder, Obliquely
1996 Rasputin: Dark Servant of Destiny Grigorij Raspûtin tillefyzjefilm;
wûn de Golden Globe foar bêste akteur yn in minysearje of tillefyzjefilm
wûn de Emmy Award foar bêste akteur yn in minysearje of film
wûn de Satellite Award foar bêste akteur yn in minysearje of tillefyzjefilm
wûn de Screen Actors Guild Award foar bêste akteur yn in minysearje of tillefyzjefilm
2002 King of the Hill kening Philip as stimakteur, gastrol; ôfl. Joust Like a Woman
2004 Something the Lord Made Alfred Blalock tillefyzjefilm;
nominearre foar de Emmy Award foar bêste akteur yn in minysearje of film
nominearre foar de Satellite Award foar bêste akteur yn in minysearje of tillefyzjefilm
2010 The Song of Lunch Hy BBC-registraasje fan in toanielstik
films
1988 Die Hard Hans Gruber
1989 The January Man Ed
1990 Quigley Down Under Elliot Marston
1991 Truly, Madly, Deeply Jamie nominearre foar de BAFTA foar bêste akteur
1991 Closet Land de ûnderfreger
1991 Robin Hood: Prince of Thieves sheriff fan Nottingham wûn de BAFTA foar bêste byrol fan in akteur
wûn de Saturn Award foar bêste byrol fan in akteur
1991 Close My Eyes Sinclair Bryant
1992 Bob Roberts Lukas Hart III
1994 Mesmer Franz Mesmer
1995 An Awfully Big Adventure P.L. O'Hara
1995 Sense and Sensibility kolonel Brandon nominearre foar de BAFTA foar bêste byrol fan in akteur;
nominearre foar de Screen Actors Guild Award foar bêste cast yn in spylfilm
1996 Michael Collins Éamon de Valera nominearre foar de BAFTA foar bêste byrol fan in akteur
1997 The Winter Guest man op 'e strjitte net fermeld op 'e ôftiteling; ek regisseur en ien fan 'e senarioskriuwers
1998 Judas Kiss resjersjeur David Friedman
1998 Dark Harbor David Weinberg
1999 Dogma de ingel Metatron nominearre foar de Saturn Award foar bêste byrol fan in akteur
nominearre foar de Satellite Award foar bêste byrol fan in akteur yn in film
1999 Galaxy Quest Alexander Dane / dokter Lazarus nominearre foar de Saturn Award foar bêste byrol fan in akteur
2000 Help! I'm a Fish Joe as stimakteur
2001 Blow Dry Phil Allen
2001 Play man
2001 The Search for John Gissing John Gissing
2001 Harry Potter and the Philosopher's Stone prof. Severus Sneep
2002 Harry Potter and the Chamber of Secrets prof. Severus Sneep
2003 Love Actually Harry nominearre foar de Critics' Choice Award foar bêste cast
2004 Harry Potter and the Prisoner of Azkaban prof. Severus Sneep
2005 Harry Potter and the Goblet of Fire prof. Severus Sneep
2005 The Hitchhiker's Guide to the Galaxy Marvin de Paranoïde Androïde as stimakteur
2006 Snow Cake Alex Hughes
2006 Perfume: The Story of a Murderer Antoine Richis
2007 Nobel Son Eli Michaelson
2007 Harry Potter and the Order of the Phoenix prof. Severus Sneep
2007 Sweeney Todd: The Demon Barber of Fleet Street    rjochter Turpin nominearre foar de Saturn Award foar bêste byrol fan in akteur
2008 Bottle Shock Steven Spurrier
2009 Harry Potter and the Half-Blood Prince prof. Severus Sneep wûn de Scream Award foar bêste cast
2010 Alice in Wonderland Absolem de Rûp as stimakteur
2010 Harry Potter and the Deathly Hallows – Part 1 prof. Severus Sneep
2010 The Wildest Dream Noel Odell as stimakteur yn in dokumintêre
2011 Portraits in Dramatic Time himsels
2011 Harry Potter and the Deathly Hallows – Part 2 prof. Severus Sneep wûn de People's Choice Award foar bêste cast
nominearre foar de Saturn Award foar bêste byrol fan in akteur
nominearre foar de Scream Award foar bêste byrol fan in akteur
nominearre foar de Scream Award foar bêste cast
2011 The Boy in the Bubble ferteller koarte film
2012 Gambit Lord Shahbandar
2013 The Butler Ronald Reagan nominearre foar de Screen Actors Guild Award foar bêste cast yn in spylfilm
2013 A Promise Karl Hoffmeister
2013 Dust Todd koarte film
2013 CBGB Hilly Kristal
2014 A Little Chaos kening Loadewyk XIV fan Frankryk    ek regisseur en ien fan 'e senarioskriuwers
2015 Eye in the Sky luitenant-generaal Frank Benson
2016 Alice Through the Looking Glass Absolem de Rûp as stimakteur; postúm útkommen
fideospultsjes
1997 The Space Bar My Parker / Ty Parker as stimakteur

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


Strategi Solo vs Squad di Free Fire: Cara Menang Mudah!