De Tony Awards, eins de Antoinette Perry Awards for Excellence in Theatre, binne in groep Amerikaanske prizen dy't sûnt 1947 jierliks by in galaseremoanje yn New York yn in grut tal kategoryen útrikt wurde oan produsinten, akteurs en technisy op it mêd fan toaniel, mear yn 't bysûnder fan it toaniel fan it Newyorkske Broadway. Se wurde rûnom beskôge as de wichtichste Amerikaanske toanielprizen, en korrespondearje datoangeande mei de Oscars (foar film), de Emmys (foar tillefyzje) en de Grammys (foar muzyk). Ynternasjonaal kinne se ferlike wurde mei de BritskeLaurence Olivier Award foar toaniel en de FrânskePrix Molière. De Tonys wurde yn gearwurking útrikt troch twa organisaasjes, de American Theatre Wing en de Broadway League, en binne ferneamd nei Antoinette Perry, de mei-oprjochtster fan 'e American Theatre Wing. De útrikking fan 'e Tonys wurdt live útstjoerd op 'e Amerikaanske tillefyzje, fia de stjoerder CBS.