Aksjefilm

In aksjefilm is in filmsjenre wêryn't de protagonist (of protagonisten) te meitsjen kriget mei in rige útdagings dy't er mei lichaamlike prestaasjes oerwinne moat. Dêrby docht him yn elts gefal geweld foar (meastal sawol yn 'e foarm fan fjoergefjochten as man-tsjin-mangefochten), en faak ek gefaarlike efterfolgings. De protagonist fan in aksjefilm is faak in held of heldinne dy't it opnimt tsjin in grutte oermacht oan fijannen, wêrby't hy of sy kear op kear foar syn of har libben (of dat fan oaren) fjochtsje moat. De aksjefilm is nau besibbe mei it sjenre fan 'e aventoerefilm en omfiemet faak ek eleminten fan 'e skriller.

It sjenre fan 'e aksjefilm ûntstie yn 'e 1970-er jierren, doe't de filmyndustry almar mear gebrûk begûn te meitsjen fan special effects en fan gefaarlike sênes dy't útfierd waarden troch stuntlju. Sûnt likernôch 2000 hat foarútgong yn computer-generated imagery (CGI) derfoar soarge dat it no foar in grut diel fan sokke sênes makliker en goedkeaper is om se te ferfeardigjen troch bylden mei kompjûterprogramma's te bewurkjen of hielendal út it neat gear te stallen. Dat hat lykwols ta gefolch hân dat der no net selden sênes oan aksjefilms tafoege wurde dy't it sjoggerspublyk as ûnreälistysk en folslein ûnoannimlik beskôget, wat ta swiere krityk laat hat.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.

Strategi Solo vs Squad di Free Fire: Cara Menang Mudah!