1965
1965 is in gewoan jier dat begjint mei in freed. (Gregoriaanske kalinder foar 1965.)
Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 1960-er jierren.
Foarfallen
- 11 jannewaris - It Lemster Manljuskoar wurdt oprjochte.
- 7 febrewaris - Yn it ramt fan 'e Fjetnamoarloch fiert de Amerikaanske Loftmacht foar it earst bombardeminten út op Noard-Fjetnam.
- 18 febrewaris - Gambia wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk.
- 21 febrewaris - Moard op 'e kontroversjele swarte Amerikaanske aktivist Malcolm X.
- 8 maart - De earste Amerikaanske gefjochtstroepen arrivearje yn Súd-Fjetnam om aktyf ynset te wurden by de striid yn it ramt fan 'e Fjetnamoarloch.
- 18 maart - De Sovjet-kosmonaut Aleksej Leonov makket as earste minske in romtewanneling.
- 21 maart - Begjin fan 'e troch de Amerikaanske Boargerrjochtebeweging organisearre Marsen fan Selma nei Montgomery, yn 'e Amerikaanske steat Alabama.
- 28 april - De Feriene Steaten dogge in ynfal yn 'e Dominikaanske Republyk.
- 26 juny - De Maldiven wurde ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk.
- 30 juny - It Nederlânske keunstnerskollektyf De Bende van de Blauwe Hand hâldt syn earste tentoanstelling.
- 6 augustus - De Amerikaanske presidint Lyndon B. Johnson ûndertekenet de Nasjonale Stimrjochtwet fan 1965, wêrmei't it yllegaal wurdt om op lykfol hokker wize tsjin te hâlden dat minsken gebrûk meitsje fan harren stimrjocht (wat yn it Amerikaanske Suden oant no ta struktureel barde om swarten harren rjochten te ûntnimmen).
- 9 augustus - Singapoer wurdt ûnôfhinklik fan Maleizje.
- 11 augustus - Yn Los Angeles brekt yn 'e swarte wyk Watts de Opskuor fan Watts út, wêrby't 36 deaden falle en foar $175 miljoen oan skea oanrjochte wurdt.
- 6 septimber - De Yndiaask-Pakistaanske Oarloch fan 1965 brekt út. Yndiaaske troepen falle Pakistan binnen en marsjearje op nei de miljoenestêd Lahoare.
- 9 septimber - De orkaan Betsy rjochtet slimme skea oan yn 'e Feriene Steaten, yn 'e krite by de kust fan 'e Golf fan Meksiko lâns. Der falle 81 deaden en der wurdt foar $1,4 miljard oan skea oanrjochte.
- 22 septimber - Nei de Yndiaaske ferovering fan Lahoare moat Pakistan ynbine. Der wurdt in wapenstilstân sletten, dy't yn 'e praktyk in ein makket oan 'e Yndiaask-Pakistaanske Oarloch fan 1965.
- 1 oktober - Yn Yndoneezje mislearret in kommunistyske steatsgreep (de saneamde Oktoberrevolte), ûnder lieding fan kolonel Oentoeng, it haad fan 'e liifwachten fan presidint Soekarno. Neitiid komt der in massamoard op gong, wêrby't nei skatting 500.000 oant 3 miljoen minsken ombrocht wurde: net allinnich kommunisten, mar elts dy't fan kommunistyske sympatyen fertocht wurdt.
- 9 novimber - By de Black-out fan 1965 falt yn acht steaten yn it noardeasten fan 'e Feriene Steaten en yn 'e Kanadeeske provinsje Ontario in jûn de elektrisiteit út. Njoggen moannen letter is der in baby boom.
- 11 novimber - De Republyk Rodeezje ferklearret him ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk.
- 27 novimber - Oan 'e Mars op Washington foar Frede yn Fjetnam, in grutte demonstraasje tsjin 'e Fjetnamoarloch yn 'e Amerikaanske haadstêd Washington, D.C., dogge sa'n 25.000 minsken mei.
- 15 desimber - De Nederlânske keninginne Juliana iepenet de Seelânbrêge.
Berne
- jannewaris
- febrewaris
- maart
- april
- maaie
- juny
- july
- septimber
- oktober
- desimber
- datum ûnbekend
Ferstoarn
- jannewaris
- febrewaris
- maart
- 13 - Fan Noli, Albaneesk politikus, geastlike, skriuwer en oersetter (* 1882)
- augustus
- septimber
- novimber
- desimber
Films
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
|
Wikimedia Commons
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory 1965 fan Wikimedia Commons.
|
|
|
|