De Nobelpriis is in jierlikse priis foar minsken dy't in opmerklike prestaasje levere hawwe op it mêd fan Natuerkunde, Skiekunde, Fysiology of Genêskunde, Literatuer en befoardering en behâld fan de Frede. Oan de priis is in net ûnaardich jildbedrach ferbûn mar de erkenning en prestiizje binne foar de measte winners de wichtichste beleaning.
De priis foar de frede is de ienige dy't takend wurdt troch it Noarske regear. De oare priiswinners wurde nominearre troch ferskillende Sweedske universitêre kommisjes.
De priis is by testamintêre beskikking ynsteld troch de tige rike Sweedske yndustrieel Alfred Nobel. De priis waard foar it earste útrikt yn 1901 yn de Alde Muzykakademy fan Stockholm. De priis wurdt sûnt dy tiid op de stjerdei fan Nobel (10 desimber) útrikt troch de Noarske en Sweedske kening.
De jildpriis, tsjintwurdich 10 miljoen Sweedske kroanen (ûng. 1,1 mio euro), is bedoeld foar fierder ûndersyk.
Fierder wurdt sûnt 1968 de priis fan de Sweedske Ryksbank foar Ekonomy ta neitins oan Alfred Nobel foar ekonomyske wittenskippen takend, dy 't faak ûnterjochte de Nobelpriis foar de Ekonomy neamd wurdt. Dizze lêste priis wurdt subsidiearre troch de Sweedske Sintrale Bank. Famylje fan Alfred Nobel distansjearret him fan dizze ekonomy priis [1]
Takenning
De priis foar de Frede wurdt takend troch in komitee fan fiif leden fan it Noarske parlemint (it Nobelkomitee). De oare prizen wurde takend troch ferskate Sweedske wittenskiplike ynstellingen.
Proseduere
Yn septimber, tsjin de tiid dat de Nobelprizen bekend makke wurde, start de seleksjeproseduere foar takom jier. Oan wittenskippers oer de hiele wrâld, sa 'n 3000 yn totaal, wurdt frege kandidaten op harren fakgebiet foar te dragen. Fjirders hawwe alle winners út it ferline it rjocht om immen te nominearjen. De list fan kandidaten dy 't dêrút útrint, wurdt fan maart ôf foar advys foarlein oan in tal gesachhawwende ynstituten. Yn septimber wurde dan de karren makke en de útnûgingen foar takom jier ferstjoerd.
Listen mei Nobelpriiswinners
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
|
|