Hubert Humphrey

Hubert Humphrey
politikus
echte namme Hubert Horatio Humphrey jr.
nasjonaliteit Amerikaansk
bertedatum 27 maaie 1911
berteplak Wallace (Súd-Dakota)
stjerdatum 13 jannewaris 1978
stjerplak Waverly (Minnesota)
etnisiteit Ingelsk
Noarsk
partij Demokratyske Partij
prizen Pres. Frijheidsmedalje 1980
Fise-presidint fan de Feriene Steaten
amtsperioade 19651969
foargonger Lyndon B. Johnson
opfolger Spiro Agnew
Amerikaansk senator foar Minnesota (2)
amtsperioade 19711978
foargonger Eugene McCarthy
opfolger Muriel Humphrey
Amerikaansk senator foar Minnesota (1)
amtsperioade 19491964
foargonger Joseph H. Ball
opfolger Walter Mondale
Boargemaster fan Minneapolis
amtsperioade 19451948
foargonger Marvin L. Kline
opfolger Eric G. Hoyer

Hubert Humphrey (folút: Hubert Horatio Humphrey jr.; Wallace (Súd-Dakota), 27 maaie 1911Waverly (Minnesota), 13 jannewaris 1978), wie in Amerikaansk politikus fan mingd Amerikaansk-Noarsk etnysk komôf, dy't fan 1965 oant 1969 ûnder it presidintskip fan Lyndon B. Johnson as fise-presidint fan 'e Feriene Steaten tsjinne. Teffens siet er jierrenlang yn 'e Amerikaanske Senaat foar syn thússteat Minnesota, wied er yn 1968 de kandidaat fan 'e Demokratyske Partij by de presidintsferkiezings, dy't er lykwols ferlear oan syn Republikeinske rivaal Richard Nixon.

Libben

Jonkheid

Humphrey waard yn 1911 berne yn Wallace, yn 'e steat Súd-Dakota, as de soan fan Hubert Horatio Humphrey sr., in apteker, winkelman en lokaal politikus, en Ragnild Kristine Sannes, in dochter fan Noarske ymmigranten. Hy brocht it grutste part fan syn jonkheid troch yn Doland (Súd-Dakota), dêr't syn heit gemeenteriedslid en letter boargemaster wie. Fanwegen de finansjele swierrichheden dêr't syn âldelju yn 'e Krisisjierren ûnder te lijen krigen, moast er de Universiteit fan Minnesota al nei ien jier ferlitte. Sadwaande behelle er doe syn aptekersdiploma oan it Capitol College of Pharmacy te Denver (wêrby't er in stúdzje dêr't twa jier foar stie yn seis moanne ôfrûne), en holp doe fan 1931 oant 1937 syn heit yn 'e apteek. Yn 1934 krige er gedoente mei Muriel Buck, in boekhâldster, mei wa't er yn 1936 troude. Hja krigen fjouwer bern: Hubert Horatio Humphrey III, Nancy, Robert en Douglas.

Iere politike karriêre

Mei't er as apteker syn aai net rjocht kwyt koe, kearde er, doe't it slimste fan 'e Grutte Depresje foarby wie, werom nei de universiteit. Fan 1937 oant 1940 studearre er earst oan 'e Universiteit fan Minnesota, yn Minneapolis en Sint-Paul, dêr't er in bachelorstitel yn politikology behelle, en doe oan 'e Steatsuniversiteit fan Louisiana, te Baton Rouge, dêr't er ek noch in masterstitel fertsjinne en teffens wurksum wie as dosint. Under de Twadde Wrâldoarloch kearde Humphrey werom nei Minnesota, dêr't er yn ferskate funksjes as amtner wurke, en dêrnjonken perfester yn 'e politike wittenskippen wie oan it Macalester College. Yn 1943 besocht er om 'e nocht boargemaster fan Minneapolis te wurden. It jiers dêrop wied er ien fan 'e oprjochters fan 'e Minnesota Democratic-Farmer-Labor Party (DFL), in fúzje fan 'e Demokratyske Partij yn Minnesota en de Minnesota Farmer-Labor Party. Yn 1945, doe't er by de boargemastersferkiezings fan Minneapolis de kandidaat fan 'e DFL wie, wûn er it fan syn Republikeinske tsjinstanner mei 61% fan 'e stimmen. Humphrey tsjinne fan 1945 oant 1948 as boargemaster fan Minneapolis.

Yn 1948 waard syn útstel ta beëiniging fan eltse foarm fan rasseskieding opnommen yn it ferkiezingsprogramma fan 'e lanlike Demokratyske Partij, en datselde jiers waard er keazen ta lid fan 'e Amerikaanske Senaat. Dêr fertsjintwurdige er Minnesota fan 1949 oant 1964, wêrby't er fan 1961 oant 1964 de lieder wie fan 'e Demokratyske senaatsfraksje. As senator brocht er it yn 1961 troch presidint John F. Kennedy oernommen inisjatyf oan om it Fredeskorps op te rjochtsjen, in organisaasje dy't jonge Amerikanen holp en oantrune om nei harren stúdzje en foarôfgeande oan harren karriêre in pear jier as frijwilligers yn ûntwikkelingslannen te wurkjen. Teffens hied er in grut oandiel oan it skriuwen fan 'e Boargerrjochtewet fan 1964, wêryn't de gelikense behanneling fan blanken en swarten fêstlein en rasseskieding ferbean waard. Oan 'e oare kant die Humphrey ek it – net oannommen – útstel om it lidmaatskip fan 'e Kommunistyske Partij ta in misdriuw te meitsjen.

Hubert Humphrey mei Martin Luther King en dy syn frou Coretta Scott King (1964).

Fise-presidintskip

Nei de moard op John F. Kennedy, yn 1963, folge dy syn fise-presidint, de Teksaan Lyndon B. Johnson, him op as presidint. Johnson makke de termyn fan Kennedy fol sûnder eigen fise-presidint, mar foar de ferkiezings fan 1964 moast om in running mate omsjen, en mei't er de stipe fan 'e noardlike Demokraten brek wie, frege er Humphrey dêrfoar, ek al leine de beide mannen inoar oars net. Humphrey, dy't twaris (yn 1952 en yn 1960) om 'e nocht besocht hie om 'e Demokratyske presidintskandidaat te wurden, griep dy kâns mei beide hannen oan as in opstapke nei it presidintskip. Johnson en hy wûnen de ferkiezings fan 1964 mei oermacht, en fan 1965 oant 1969 wie Humphrey de 38ste fise-presidint fan 'e Feriene Steaten.

Benammen troch de slepende Amerikaanske dielname oan 'e Fjetnamoarloch keldere de populariteit fan it regear-Johnson yn 'e twadde helte fan 'e sechstiger jierren. Dat gie sa bot dat Johnson by de ferkiezings fan 1968 de foar Amerikaanske begripen skokkende beslissing naam om him as sittende presidint dy't noch in termyn regearje mocht, werom te lûken út 'e foarferkiezings. Normaal sprutsen soe Humphrey, as de sittende fise-presidint, yn sa'n sitewaasje in útsûnderlik goed útgongspunt hawwe om 'e Demokratyske foarferkiezings en de dêropfolgjende eigentlike presidintsferkiezings te winnen, mar troch it trelit tusken foarstanners fan 'e oarloch en anty-oarlochsaktivisten wie de Demokratyske Partij tsjin dy tiid sa tesplintere rekke, dat der fjouwer ûnderskate kampen bestiene wêrfan't net ien de kandidaat fan 'e oaren stypje woe. Humphrey hie der klauwen oan om 'e Demokratyske nominaasje yn 'e wacht te slepen (as Robert Kennedy, syn wichtichste rivaal, net yn juny 1968 fermoarde wie, hied er dat nei alle gedachten net oprêden), en by de presidintsferkiezings moast er it ôflizze tsjin 'e Republikein Richard Nixon.

Lettere jierren en dea

Neitiid kearde Humphrey werom nei Minnesota, dêr't er les joech oan 'e Universiteit fan Minnesota en Macalester College, en foarsitter wie fan 'e rie fan bestjoer fan adviseurs fan 'e Encyclopædia Brittanica Educational Corporation. Yn 1971 kearde er werom yn 'e Senaat, dêr't er syn sit behold oant syn dea yn 1978, en de posysje fan tydlik fise-foarsitter beklaaide (1976-1978). Op 13 jannewaris 1978 kaam Hubert Humphrey thús, te Waverly, yn Minnesota, yn 'e âlderdom fan 66 jier te ferstjerren oan blaaskanker. Syn frou Muriel Buck Humphrey folge him op as ynterim-senator foar Minnesota, oant der in tuskentiidske ferkiezing organisearre wurde koe. Dêrby stelde hja har net ferkiesber. Yn 1981 wertroude se mei in Max Brown, mar nei har ferstjerren, yn 1998, mei 86 jier, waard se njonken har earste man begroeven.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, References en External links, op dizze side.


Read other articles:

Former American carburetor manufacturer Carter Carburetor CompanyFounded1909; 114 years ago (1909) in St. Louis, MissouriFounderWilliam CarterDefunct1985 (1985)ParentAmerican Car and Foundry Company (from 1922) The Carter Carburetor Company was an American manufacturer of carburetors, primarily for the automobile industry. It was established in St. Louis, Missouri, in 1909 and ceased operation in 1985. Founder William Carter started experimenting with automotive carbure...

 

NATO F bandFrequency range3–4 GHzWavelength range10 cm–7.5 cmRelated bandsS (IEEE)SHF (ITU) Radio bands ITU 1 (ELF) 2 (SLF) 3 (ULF) 4 (VLF) 5 (LF) 6 (MF) 7 (HF) 8 (VHF) 9 (UHF) 10 (SHF) 11 (EHF) 12 (THF) EU / NATO / US ECM A B C D E F G H I J K L M N IEEE HF VHF UHF L S C X Ku K Ka V W mm Other TV and radio I II III IV V VI vte The NATO F band is the obsolete designation given to the radio frequencies from 3 000 to 4 000 MHz (equivalent to wavelengths between 10 and 7.5&...

 

51°30′51″N 0°07′34″W / 51.51424°N 0.12619°W / 51.51424; -0.12619 Neal's Yard DairyStorefront in Shorts Gardens, Covent GardenTypePrivateIndustryDairy productsFounded1979; 44 years ago (1979) in Neal's Yard, Covent Garden, London, EnglandFoundersNicholas Saunders Randolph HodgsonHeadquartersArch 6, Apollo Business Park St James's Road, Bermondsey, LondonNumber of locations4 (2022)[1]Websitewww.nealsyarddairy.co.uk Neal's Yard Dairy ...

Principios CREA Los Principios CREA para la Gobernanza de Datos[1]​ fueron creados para promover los principios legales que subyacen a los datos colectivos o individuales de las comunidades indígenas y que están consignados en la Declaración de las Naciones Unidas sobre los derechos de los Pueblos Indígenas (UNDRIP).[2]​ En esta declaración se reafirma el derecho de los indígenas a la auto-gobernanza y su autoridad para controlar y administrar el patrimonio cultural entendid...

 

United States historic placeHoly Trinity Church, St. Christopher House and ParsonageU.S. National Register of Historic PlacesNew York City Landmark No. 0446 Holy Trinity Church, St. Christopher House and Parsonage in 2009.Show map of New York CityShow map of New YorkShow map of the United StatesLocation312–316 and 332 East 88th Street, New York, New YorkCoordinates40°46′42″N 73°56′58.5″W / 40.77833°N 73.949583°W / 40.77833; -73.949583Arealess th...

 

Ana Bolena Ana Bolena, segunda esposa do rei inglês Henrique VIII, tem inspirado ou sido mencionada em numerosas obras artísticas e culturais, desde meios de comunicação, obras de arte, recentes representações na cultura popular, cinema e ficção. Biografias Uma opinião comum nos séculos XVIII e XIX foi a imagem de Ana como uma vítima romântica; uma mulher bela e forte que foi destruída pelo marido, que foi apresentado como um tirano brutal pelos mais populares historiadores. Uma ...

Cricket team This article is about the men's team. For the women's team, see Sri Lanka women's national cricket team. Sri LankaNickname(s)The LionsAssociationSri Lanka CricketPersonnelTest captainDimuth KarunaratneOne Day captainDasun ShanakaT20I captainDasun ShanakaCoachChris SilverwoodHistoryTest status acquired1981International Cricket CouncilICC statusAssociate Member (1965) Full Member (1981) Suspended (2023)ICC regionAsiaICC Rankings Current[2] Best-everTest 7th 2nd (2002)O...

 

У Вікіпедії є статті про інших людей із прізвищем Кобилянський.Юліан Кобилянський Народився 26 грудня 1859(1859-12-26)ҐурагумораПомер 11 вересня 1922(1922-09-11) (62 роки)ЧернівціКраїна  Австро-Угорщина ЗУНРНаціональність українецьДіяльність мовознавецьAlma mater Чернівецький уніве...

 

Online Star Wars encyclopedia WookieepediaScreenshot of Wookieepedia in 2021, prior to the introduction of the FandomDesktop skin and launch of Fandom's new logoType of siteInformative site / WikiOwnerFandom, Inc.Created by Chad Barbry Steven Greenwood RevenueAdvertisingURLstarwars.fandom.com/wiki/Main_PageCommercialYesRegistrationOptionalLaunchedMarch 4, 2005Current statusActive with over 185,000 articles (as of August 2023[update])Content licenseCC BY-SA Wookieepedia: The ...

American record label Third Man RecordsFounded2001; 22 years ago (2001)FounderJack White, Ben Swank, Ben BlackwellDistributor(s)The Orchard[1]GenreBlues rockalternative rockgarage rockfolkcountryhip hopCountry of originUnited StatesLocation623 7th Avenue SouthNashville, Tennessee441 West Canfield StreetDetroit, Michigan1 Marshall StreetSoho, LondonOfficial websiteOfficial website The front facade of the Third Man Records store at 1 Marshall Street in Soho, London Thi...

 

Paul Langerhans nama asli Paul Wilhelm Heinrich Langerhans (1874-1888), Ia adalah seorang dokter terkenal di Berlin dalam peramuan obat Paul Langerhans nama asli Paul Wilhelm Heinrich Langerhans (lahir, 25 Juli 1847 di Berlin - meninggal, 20 Juli 1888 di Berlin) adalah seorang dokter terkenal dan dihormati di Berlin karena Ia memiliki kontribusi yang banyak dalam meramu obat.[1] Langerhans dilahirkan dalam sebuah keluarga dokter terkena, Ayahnya bernama Dr. Paul Agustus Herrman Langer...

 

«I stand»Sencillo de Gabriela GunčíkováPublicación 12 de marzo de 2016Formato Descarga digitalSencillo en CDGrabación 2016Género(s) PopDuración 3:00Discográfica Webs MusicAutor(es) Sara BiglertAidan O'ConnorChristian SchneiderProductor(es) DNA Songs «Černý anděl» (2013) «I stand» (2016) [editar datos en Wikidata] «I Stand» —en español: «Me levanto»— es una canción compuesta por Sara Biglert, Aidan O'Connor y Christian Schneider, e interpretada en inglés p...

Human settlement in WalesAberyscirWelsh: AberysgirAberyscirLocation within PowysOS grid referenceSN 999 299• Cardiff35 mi (56 km)• London146 mi (235 km)CommunityYscirPrincipal areaPowysCountryWalesSovereign stateUnited KingdomPost townBRECONPostcode districtLD3PoliceDyfed-PowysFireMid and West WalesAmbulanceWelsh UK ParliamentBrecon and RadnorshireSenedd Cymru – Welsh ParliamentBrecon and Radnorshire List of places UK Wales Pow...

 

This article has multiple issues. Please help improve it or discuss these issues on the talk page. (Learn how and when to remove these template messages) This article does not cite any sources. Please help improve this article by adding citations to reliable sources. Unsourced material may be challenged and removed.Find sources: Days of Despair – news · newspapers · books · scholar · JSTOR (December 2021) (Learn how and when to remove this template mes...

 

  关于現行同名選區,请见「高雄市第五選舉區 (立法委員)」。 高雄市第五選舉區(2010–2016年)立法院已撤销的區域立法委員選區国家中華民國所在行政区高雄市区域鼓山區、鹽埕區、旗津區、三民區42里类型中華民國立法委員選舉區[*]已撤销選區设置时间2008年(高雄市第二選舉區)撤销时间2020年现任議員委員會高雄市選舉委員會前身选区高雄市第一選舉區(1989–...

University in Dalian, Liaoning Province, China Dalian Maritime University大连海事大学Former nameDalian Marine CollegeMotto学汇百川,德济四海TypePublic UniversityEstablished1909; 114 years ago (1909)PresidentSun Yuqing (孙玉清)LocationDalian, Liaoning, ChinaCampusUrbanWebsitewww.dlmu.edu.cn The Old Gate of Dalian Maritime University. Dalian Maritime University (simplified Chinese: 大连海事大学; traditional Chinese: 大連海事大學; pinyin...

 

Historic church in Delaware, United States Church in Delaware, United StatesImmanuel Episcopal ChurchImmanuel Episcopal Church, 197039°39′38.8″N 75°33′45.5″W / 39.660778°N 75.562639°W / 39.660778; -75.562639LocationNew Castle, DelawareCountryUnited StatesDenominationEpiscopal ChurchWebsitewww.immanuelonthegreen.orgHistoryStatusParish churchFounded1689ArchitectureFunctional statusActiveGroundbreaking1703Completed1708AdministrationProvinceIIIDioceseDelawareCl...

 

قاعدة سلاح الجو  - منطقة سكنية -  تقسيم إداري البلد الأردن  المحافظة محافظة الزرقاء لواء لواء قصبة الزرقاء قضاء قضاء الأزرق السكان التعداد السكاني 129 نسمة (إحصاء 2015)   • الذكور 59   • الإناث 70   • عدد الأسر 31 معلومات أخرى التوقيت ت ع م+02:00  تعديل مصدري - تع...

اضغط هنا للاطلاع على كيفية قراءة التصنيف أيل المستنقع ذكر أنثى بالغة وأُخرى حوليّة (عمر سنة)أنثى بالغة وأُخرى حوليّة (عمر سنة) حالة الحفظ أنواع مهددة بالانقراض (خطر انقراض أدنى)[1] المرتبة التصنيفية نوع[2]  التصنيف العلمي المملكة: حيوان الشعبة: حبليات الطائفة: ثديي...

 

تحتاج هذه المقالة كاملةً أو أجزاءً منها إلى تدقيق لغوي أو نحوي. فضلًا ساهم في تحسينها من خلال الصيانة اللغوية والنحوية المناسبة. (ديسمبر 2018) بيروفات كايناز3D structure of pyruvate kinaseأرقام التعريفرقم التصنيف الإنزيمي2.7.1.40رقم التسجيل CAS9001-59-6 قواعد البياناتقاعدة بيانات الإنزيمراجع IntEn...

 

Strategi Solo vs Squad di Free Fire: Cara Menang Mudah!