De Presidinsjele Frijheidsmedalje wurdt neffens de offisjele omskriuwing útrikt ta erkenning fan lju dy't "in bysûnder fertsjinstlike bydrage levere hawwe oan 'e feilichheid of de belangen fan 'e Feriene Steaten, oan 'e wrâldfrede, of oan kulturele of oare publike of private ûndernimmings." Hoewol't it in boargerlike priis is, binne militêren net fan útrikking útsletten, en ek bûtenlanners komme derfoar yn oanmerking. De Presidinsjele Frijheidsmedalje waard yn 1963 ynsteld troch presidint John F. Kennedy, ta ferfanging fan 'e eardere Frijheidsmedalje (Medal of Freedom), dy't yn 1945 troch syn foargonger Harry Truman ynsteld wie om boargers te earjen dy't har fertsjinstlik makke hiene foar de Amerikaanske oarlochsynset yn 'e Twadde Wrâldoarloch.