Doris Day

Doris Day
akteur
Doris Day yn 1958
Doris Day yn 1958
persoanlike bysûnderheden
echte namme Doris Mary Ann Kappelhoff
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 3 april 1922
berteplak Cincinnati
stoarn 13 maaie 2019
stjerplak Carmel Valley Village
jierren aktyf 19392012
Love Me or Leave Me
Mei Gordon MacRae

Doris Mary Ann Kappelhoff (Cincinnati, 3 april 1922Carmel Valley Village, 13 maaie 2019, wie in Amerikaansk sjongster, aktrise en diere-aktiviste. Hja waard bekend ûnder de artystenamme Doris Day.

Day's artistike karriêre begûn yn har lette tsienerjierren as sjongster yn in big band. Yn 1945 hie hja har earste hit, "Sentimental Journey", en yn 1948 ferskynde hja yn de film Romance on the High Seas. Yn har artistike karriêre hat hja yn 39 films spile en hat se mear as 650 lieten opnaam, ûntfong sy in Oscar-nominaasje, wûn in Golden Globe en in Grammy Award, en krige yn 1989 de Cecil B. DeMille Award foar al har fertsjinsten yn spylfilms.

Day hat fjour kear troud west. Earst mei Al Jorden, in trombonist, dy't de heit waard fan har iennichst bern, Terry. Ferfolgens waard it George Weidler. Doe't dat houlik yn in skieding einige boaske hja oan Martin Melcher en bleaun by him oant er yn 1968 ferstoar. Melcher adoptearre har soan, dy waard doe Terry Melcher. Har fjirde en lêste houlik mei Barry Comden duorre mar koart en einige ek yn in skieding. Doris Day wennet yn Carmel, Kalifornje ûnder de namme Clara Kappelhoff. Day is mei Shirley Temple de iennichste frou yn de top tsien fan filmartysten dy't it measte publyk lutsen hat.

Populêr

Doris Day hat har grutte populêrens fral te tankjen oan har rollen yn romantyske komeedzjes:

  • Pajama Game - 1957;
  • Pillow Talk - 1959;
  • The Thrill of It All - 1963;
  • Send Me No Flowers - 1964;
  • Do Not Ddisturb - 1965

en in oantal súksesfolle filmlietsjes:

  • It's Magic út Romance on the High Seas - 1948;
  • Secret Love út Calamity Jane - 1953;
  • Que Sera, Sera (Whatever Will Be, Will Be) út Alfred Hitchcock syn film The man who knew too much - 1956.

Yn 1975 ferskynden har memôres ûnder de titel Doris Day: her own story.

Fan 1968 oant 1973 spile se yn de telefyzjerige The Doris Day Show, dy't yn de jierren 70 ek yn Nederlân op de byldbuis kaam.

Keppelings om utens

Strategi Solo vs Squad di Free Fire: Cara Menang Mudah!