Nei't er syn heit opfolge wie, sette er útein mei in ekspansjonistysk belied foar de oare dielen fan 'e Britske Eilannen oer. Nei ferskate opstannen tsjin 'e Ingelske oerhearsking fan Wales ferovere Edwert dat gebiet yn 1282-1283 foargoed. Doe't yn 1290 de Skotske troan fakant rekke, seach er syn kâns skoan om ek dat lân by Ingelân te lûken. Mar nettsjinsteande syn snoade yntriizjes en syn ûnmeilydsum fanwegen kommen, krige er de Skotten der net ûnder. Fierders wie Edwert I de kening dy't yn 1290 de Joaden út Ingelân ferballe (in dwaan dat pas yn 1656 troch Oliver Cromwell weromdraaid waard). Nettsjinsteande it feit dat er yn hege mjitte bydroech ta de restauraasje fan 'e keninklik gesach, bettere wetjouwing en in sintralisearrebestjoer, liet Edwert Ingelân by syn dea efter yn in slepende oarloch mei de Skotten en mei in grut tal ekonomyske en politike problemen.
Yn 1254 brocht eangstme foar in Kastyljaanske ynfaazje fan it Ingelske oerseeske gebietsdiel Gaskonje (oan 'e Atlantyske kust fan súdwestlik Frankryk) Hindrik III derta om in houlik foar syn fjirtjinjierrige soan te regeljen mei Eleönoara, de dochter fan kening Alfûns X fan Kastylje. It jonge pear troude op 1 novimber fan dat jier yn Kastylje. It hat der sterk fan wei dat Edwert en Eleönoara wier faninoar holden, wat ûngebrûklik wie foar sokke arranzjearre houliken. Hoewol't Edwert al op jonge jierren Gaskonje as syn persoanlik domein taparte krige, en nei syn houlik ek in protte lânerijen yn Ierlân, Wales en Ingelân, wie dat sa bewurkmastere dat er der yn 'e praktyk noch bestjoersmacht, noch in soad ynkomsten út krije koe. It hat wol kâns dat dat de boarne wie fan in grut diel fan 'e ûntefredenens fan 'e prins. Dy ûntefredenens kaam û.m. ta utering yn syn iere stipe oan 'e saneamde Poitevynske faksje oan it Ingelske Hof, de kliber dy't oanfierd waard troch de healbruorren fan Hindrik III, en yn syn trochkrusen fan syn heite belied ta bemiddeling tusken tsierende aadlike famyljes yn Gaskonje.
Letter fersette Edwert him earst fûleindich tsjin 'e Profyzjes fan Oxford, in foarstel fan herfoarmingsgesinde Ingelske eallju dat de macht fan útlanners oan it Ingelske Hof oan bannen lizze moast. Meitiid feroare er lykwols fan miening, en ein 1259, doe't syn heit om utens wie, begûn er efter dy syn rêch om te yntrigearjen mei de herfoarmers. Dêrmei jage er syn heit, dy't miende dat er in steatsgreep oan it tarieden wie, de stupen op it liif. Nei ferskate jierren fan wat delkaam op ballingskip yn Gaskonje, kearde Edwert yn 1262 werom nei Ingelân, dêr't Simon fan Montfort, greve fan Leicester himsels ûnderwilens oan it haad fan 'e herfoarmers pleatst hie. Doe't er murk dat de herfoarmingsgesinde eallju op it rântsje fan in iepentlike opstân balansearren en dat syn heit op it punt stie om belies te jaan, stelde Edwert him ûnferwrigber oan 'e side fan syn heit op.
Op 14 maaie1264 fierder er it befel oer de rjochterfleugel fan it royalistyske leger yn 'e Slach by Lewes, dêr't er sels goed wurk levere, mar de fjildslach troch de nederlaach fan 'e rest fan it royalistyske leger ferlern waard. Neitiid brocht Edwert in pear wiken yn kriichsfinzenskip troch oant er op 28 maaie wist te ûntsnappen. Hy joech him dêrnei by Gilbert fan Clare, 6e greve fan Gloucester, dy't koart tefoaren oerrûn wie nei it royalistyske kamp. Mei't Leicester syn oanhing no begûn ôf te kealjen, koe Edwert sûnder in protte muoite Worcester en Gloucester ynnimme. Dêrnei died er in wraam op it Kastiel fan Kenilworth, dêr't Simon VI fan Montfort him weromlutsen hie, en snied er dat ôf fan it leger fan Leicester. Op 4 augustus1265 waard Leicester, en mei him de saak fan 'e rebellen, foargoed ferslein yn 'e Slach by Evesham. Hoewol't de opstân noch twa jier oanhâlde soe, wie it fan dy tiid ôf oan foar de royalisten mear in saak fan opdweilen as fan serieus oarlochfieren.
De Njoggende Krústocht
Edwert wie mar sydlings belutsen by de ûnderhannelings mei de lêste rebellen dy't yn 1267 in ein oan 'e Twadde Baronne-oarloch makken, om't er tsjin dy tiid al folop oan 'e gong wie mei it organisearjen fan syn oankommende krústocht. By in swide seremoanje naam er op 24 juny1268 it krúsfarderskrús oan, yn 'e mande mei syn jongere broer Edmond en syn neef Hindrik fan Almain. Uteinlik sette er op 20 augustus1270 ôf út 'e haven fan Dover, mei sa'n 225 ridders, mar nei alle gedachten minder as tûzen man yn totaal. It Frânske kontingint foar de krústocht wie doe al arrivearre op Sisylje.
Hoewol't it oarspronklik de bedoeling west hie om it troch de Arabieren belegere krúsfardersbolwurk Akre, yn it Hillige Lân, te ûntsetten, lieten de Frânsen har ôfliede troch har eigen nasjonale polityk. Se diene in wraam op it Emiraat Tunis, om te besykjen in Frânsk brêgehaad op 'e kust fan Noard-Afrika te fêstigjen, mar waarden troffen troch in epidemy dy't kening Loadewyk IX it libben koste. Tsjin 'e tiid dat Edwert op it striidtoniel oankaam, hiene de Frânsen al in ferdrach mei Tunis sletten, en siet der neat oars op om wer werom nei Sisylje. Dêr waard oerwintere, mar de oare maityd besleat de nije Frânske kening Filips III nei't syn float foar de Sisyljaanske kust troch in ferwuostgjende stoarm troffen wie, om 'e krústocht mar hielendal ôf te blazen.
Dêrop sette it Ingelske kontingint allinnich ôf en arrivearre op 9 maaie1271 te Akre, dat nei de fal fan Jeruzalim, yn 1244, it sintrum fan 'e krúsfarderssteat wurden wie. De sitewaasje dêr wie nuodlik, mei't de Arabieren ûnder lieding fan 'e ûnmeilydsume MammelûkskesultanBaibars oan in opmars begûn wiene. Edwert stjoerde in gesantskip nei de MongoalskeilkhanAbaqa, waans troepen oft djip yn it Midden-Easten trochkrongen wiene, en krige dy safier dat er in oanfal op Aleppo die, sadat Baibars twongen waard om dêr troepen hinne te stjoeren. Yn novimber die Edwert in wraam op Qaqun, as opstapke nei in fierdere opmars nei Jeruzalim, mar sawol de oanfal op Aleppo as dy op Qaqun rûn op 'e non, en yn maaie1272 sleat kening Hugo III fan Syprus in tsienjierrich bestân mei Baibars. Edwert fersette him dêr yn 't earstoan fûleindich tsjin, mar nei't er yn juny op in hier nei deade wie troch in islamityskeslûpmoardner, begûn er fan gedachten te feroarjen. Ferswakke troch in wûne mei wat wierskynlik in mei gif ynsmard mês west hat, joech er it oer en sette op 24 septimber út Akre ôf. Op 'e weromweis krige er op Sisylje te hearren dat syn heit, kening Hindrik III, stoarn wie en dat hysels no kening fan Ingelân wie.
Regear
Mei't de sitewaasje yn Ingelân stabyl, wie, naam Edwert de tiid foar in lange oerlânske reis nei hûs troch Itaalje en Frankryk, wêrby't er û.m. Rome oandie. Werom yn Ingelân waard er op 19 augustus1274 ta kening kroane. Koart nei syn troansbestiging begûn Edwert maatregels te nimmen om regaad te meitsjen en it gesach fan 'e Kroan fernijen nei it swakke regear fan syn heit. Dêrta fierde er in sintralistysk bewâld, dat de rjochten ôfnaam oan 'e adel. Wjerstân tsjin syn polityk drukte er hurdhannich de kop yn. Doe't Edwert syn geduerige militêre kampanjes de skatkiste ûnder druk setten, fierde er ferskate belestingherfoarmings troch, wêrûnder in fêste heffing op 'e útfier fan wol. In oare boarne fan ynkomsten waard foarme troch de Joaden, dy't ûnder de Ingelske wet it persoanlik besit fan 'e kening wiene. Sadwaande koe Edwert harren safolle útrûpelje as er mar woe, en dat died er ek.
Tsjin 1280 foel der by de Joaden net folle mear te heljen, mar dochs wiene se noch altyd fan wearde. Sa koe de kening himsels populêr meitsje by it folk troch yn 'e antysemityskeMidsiuwskemaatskippij de Joaden oan te pakken. Yn 1279 liet er alle Joadske famyljehaden yn Ingelân arrestearje en 300 fan harren eksekutearje, sabeare om't se skuldich wiene oan oplichting troch it bysnijen fan muntjild. Alve jier letter, yn 1290, liet Edwert it Edikt fan Utwizing oannimme, dat alle Joaden út Ingelân ferballe. Om't de measten fan harren jildlieners wiene (in amt dat foar kristenen ferbean wie), smiet dat foar Edwert fia de konfiskaasje fan alle Joadske lienings en besittings hiel wat jild op. Boppedat koed er mei de goede wil dy't er mei dy die by it Ingelske folk oproppen hie, neitiid in grutte subsydjze by it parlemint losweakje. Pas yn 1656, ûnder it regear fan Oliver Cromwell, soe it Edikt fan Utwizing weromdraaid wurde, en wiene Joaden wer wolkom yn Ingelân.
Ferovering fan Wales
Underwilens sloech yn WalesLlywelyn ap Gruffudd foar master op, dy't profitearre hie fan 'e gaos yn Ingelân ûnder de Twadde Baronne-oarloch. Yn 1267 wie dyselde troch de oare Welske adel as prins fan Wales erkend, en nei Edwert syn weromkear yn Ingelân wegere er en bring de nije kening hulde. Sadwaande briek der yn 1276 in wapene konflikt út, wêrby't Llywelyn mar krap stipe waard troch syn lânslju. It kaam nea ta in grutte fjildslach, en troch de Ingelske oermacht hie Llywelyn gjin oare kar as om him oer te jaan. Hoewol't er de titel 'prins fan Wales' hâlde mocht, waard him by it Ferdrach fan Aberconwy, út 1277, al syn lân ôfnommen útsein syn eigen keninkryk Gwynedd.
Doe't der yn 1282 wer oarloch útbriek yn Wales, wie it in hiel oar ferhaal. Yn 'e tuskentiid hie Edwert besocht en lis Wales Ingelske wetten op, en dêrtroch wie der yn Wales doe rûnom stipe foar de oarloch, mei't it sjoen waard as in gefjocht om 'e nasjonale identiteit te behâlden. Foar Edwert waard it in feroveringsoarloch ynstee fan in strafkampanje lykas earder. De oarloch begûn doe't Dafydd ap Gruffydd, in Welsk ealman dy't yn 1276-1277 oan 'e Ingelske kant fochten hie, yn opstân kaam út ûnfrede oer de (minne) beleanning foar syn trou oan Ingelân. Al rillegau joegen Llywelyn ap Gruffudd en oare Welske foarsten har by him en yn 't earstoan boekten se grutte militêre súksessen. Yn juny1282 waard Gilbert fan Clare, 6e greve fan Gloucester, ferslein yn 'e Slach by Llandeilo Fawr, en yn novimber waard in Ingelske ynfal yn Gwynedd, ûnder lieding fan Lukas fan Tany, mei grutte ferliezen weromslein yn 'e Slach by Moel-y-don. De Welske opmars einige lykwols op 11 desimber, doe't Llywelyn ap Gruffudd yn 'e fâle lokke waard yn 'e Slach by Orewin Bridge, dêr't er kaam te sneuveljen. Yn juny1283 waard de ferovering fan Gwynedd foltôge doe't Dafydd ap Gruffydd kriichsfinzen nommen waard, wêrnei't er yn 'e hjerst yn Shrewsbury as ferriederekskutearre waard.
Hoewol't der noch mar rebûljes yn Wales folgen yn 1287-1288 en 1294, de lêste ûnder lieding fan Madog ap Llywelyn, waarden dy yn beide gefallen frij flot delslein. Under it Statút fan Rhuddlan, út 1284, waard it prinsdom Wales yn it keninkryk Ingelân ynkorporearre. Wales waard it Ingelske bestjoerstelsel en it Ingelske strafrjocht oplein (al mocht it syn eigen erfrjocht hâlde). Teffens stribbe Edwert in Ingelske kolonisaasje fan Wales nei, wêrby't er nije, troch hege muorren omjûne fêstingstêden stifte, lykas Flint, Aberystwyth en Rhuddlan, dy't er befolke mei etnyskeIngelsen, en dêr't etnyske Welsen net wenje mochten. Fierders liet er in systeem fan ymposante kastielen oanlizze dy't garnizoenen húsfêstje moasten om de Welsen derûnder te hâlden. Dêrûnder wiene de Kastielen fan Beaumaris, Caernarfon, Conwy en Harlech. Yn 1284 beävensearre Edwert dat syn soan, de letter Edwert II fan Ingelân, berne waard yn it Kastiel fan Caernarfon, nei alle gedachten om symboalysk dúdlik te meitsjen dat Wales no Ingelsk grûngebiet wie.
Diplomasy en oarloch op it fêstelân fan Jeropa
Hoewol't Edwert nei 1274 nea wer dielnaam oan in krústocht, wied er dat lange tiid wol fan doel. Dêrom wie it foar him fan it heechste belang dat de kristlike grutmachten fan Jeropa net ûnderling deilis rekken. Doe't der yn 1286 in oarloch op it punt fan útbrekken stie tusken Frankryk en Aragon, oppenearre er himsels sadwaande as midsman, en wist er de beide partijen safier te krijen dat se it skeel byleine. De fal fan Akre, it lêste kristlike bolwurk yn it Hillige Lân, dat yn 1291ferovere waard troch de MammelûkskesultanBaibars, kaam dan ek as in grutte klap foar him. Neitiid liket er him der by dellein te hawwen dat er nea wer op krústocht gean soe, en paste er syn bûtenlânske polityk sadwaande navenant oan.
Yn 1294 briek der in oarloch út mei Frankryk, dy't der koartsein om draaide dat Edwert as hartoch fan Akwitaanje eins in lienman wie fan 'e kening fan Frankryk, mar wegere om yn dy hoedanichheid oan Filips IV fan Frankryk hulde te dwaan. Edwert sleat bûnsgenoatskippen mei de kening fan it Hillige Roomske Ryk en mei de greven fan Flaanderen en Gelre. De stipe fan 'e Dútsers bleau lykwols út en trochdat Edwert sels ôflaat waard troch swierrichheden yn Skotlân en Wales, wiene syn Flaamske bûnsgenoaten al ferslein ear't er yn 1297 nei it fêstelân fan Jeropa ta oerfarre koe. Uteinlik waard yn 1299frede sletten. Mei't Edwert syn frouEleönoara fan Kastylje op 28 novimber1290 kommen wie te ferstjerren, wertroude er mei Margareta, de healsuster fan Filips IV, om 'e frede te besegeljen.
Underwilens wie Edwert ek úteinset mei de ferovering fan Skotlân. Yn 'e 1280-er jierren bestie der in sitewaasje fan relatyf harmonieuze ko-eksistinsje tusken Ingelân en it Keninkryk Skotlân, mar dêr kaam in ein oan doe't yn 1286 kening Aleksander III fan Skotlân by in fal fan syn hynder om it libben kaam en yn 1290 syn iennichste erfgenamte, syn pakesizzerMargareta, byneamd de Faam fan Noarwegen, ek kaam te ferstjerren. Dêrtroch ûntstie der yn Skotlân in opfolgingskrisis wêrby't de troan foarearst leechbleau en it lân regearre waard troch saneamde beskermhearen.
Dat machtsfakuum bea Edwert in iepening om syn ynfloed yn Skotlân út te wreidzjen, temear om't him troch de Skotten frege waard om as skiedsrjochter te fungearjen tusken de ferskate troanpretendinten, in barren dat bekend kaam te stean as de 'Grutte Kwestje' (Great Cause). Op Edwert syn oanstean waard yn 1292Jan fan Balliol, byneamd Jan Leechmantel, te Berwick-upon-Tweed ta kening kroane, wylst er by dy gelegenheid sels fan 'e Skotten erkenning ôftwong as "alderheechste hear" (Lord Paramount), wat derop delkaam dat hy, as kening fan Ingelân, tenei de lienhear fan 'e kening fan Skotlân wêze soe. Dêrmei ûndermine er daliks elts gesach dat de nije kening hawwe kinnen hie en makke er Jan ta in soarte fan Ingelsk fazal.
Twa jier letter, yn 1294, easke Edwert fan 'e Skotske kening en eallju dat se yn 'e oarloch tsjin Frankryk yn it Ingelske leger tsjinje soene. Dat gie sels Jan Leechmantel te fier, en ynstee fan oan Edwert syn easken te foldwaan, sleaten de Skotten doe in bûnsgenoatskip mei Frankryk, de saneamde Auld Alliance ("Alde Alliânsje"), dy't fan 1295 oant 1560 duorje soe. Koart dêrnei briek de Earste Skotske Unôfhinklikheidsoarloch út doe't de Skotten in preëmptive, mar mislearre wraam op 'e Ingelske fêstingstêd Carlisle diene. Dêrop die Edwert in ynfal yn Skotlân, ferovere Berwick-upon-Tweed, fersloech it Skotske leger yn 'e Slach by Dunbar, en sette Jan fan Balliol ôf. Jan waard dêrnei finzen holden yn 'e Toer fan Londen, en Edwert stelde Ingelskeamtners oan om Skotlân foar him te bestjoeren. Yn augustus1296 waarden mear as 1.500 Skotske eallju twongen om te Berwick-upon-Tweed in eed fan trou oan Edwert te swarren.
Hoewol't de strafkampanje, want dat wie it eins, tige súksesfol einige, wie it noch mar it begjin fan 'e oarloch, dy't oan 1328 ta fuortduorje soe. Minder as in jier letter, yn maaie1297, briek der yn Skotlân ûnder in William Wallace, in man fan nederich komôf, in opstân tsjin 'e Ingelske oerhearsking út, dêr't ferskate eallju har by oansleaten, wêrûnder Jakobus Stewart, 5e grutsteedhâlder fan Skotlân, Robert Wishart, biskop fan Glasgow, en Robert fan Bruce, greve fan Carrick. Yn dyselde snuorje wiene der mear lytsskalige rebûljes yn Skotlân geande, wêrûnder dy fan Andréas fan Moray, yn it noarden. Mooglik ûnder it belis fan Dundee, begjin septimber, metten Wallace en Moray inoar foar it earst en foegen se harren legerkes gear.
Op 11 septimber1297 giene Wallace en Moray yn 'e Slach by Stirling de striid oan mei in Ingelsk leger ûnder lieding fan Jan fan Warenne, greve fan Surrey en Hugo fan Cressingham. Dêrby waarden de Ingelsen op slûchslimme wize en mei swiere ferliezen ferslein. Nei dy oerwinning late Wallace in grutskalige ynfal yn noardlik Ingelân, wêrby't de Skotten in plondertocht holden troch de greefskippen Kumberlân en Noardumberlân. Dy foarfallen sloegen yn Ingelân yn as in bom, dat men sette daliks útein mei tariedings foar in nije ynfal yn Skotlân.
Dy kaam der yn april1298 en diskear joech Edwert der sels lieding oan. Hy liet Lothian (súdeastlik Skotlân) plonderje en naam ferskate kastielen yn, mar it slagge him net en twing de Skotten ta in iepen fjildslach. Wallace wie fan doel om mei syn Skotske troepen it Ingelske leger te folgjen oant Edwert syn foarrieden en jild útput rekken, wêrnei't se him op syn weromtocht mei oanhâldende lytse oanfaltsjes it libben soer meitsje soene. Dat wie in goede strategy, mei't de befoarrieding fan it Ingelske leger te winskjen oerliet. Edwert wie al rillegau twongen om syn kavalery yn te setten tsjin syn eigen troch honger yn opstân kommen fuotfolk.
Mar yn july, doe't er op it punt stie en lûk him werom op Edinburch om nije foarrieden gear te bringen, waard him trochdien dat de Skotten har kamp by Falkirk opslein hiene. Troch dêr halje-trawalje op ôf te gean, slagge it him op 22 july1298 dochs noch om 'e Skotten ta in fjildslach te bringen. Yn dat treffen hiene de Ingelsen de taktyske superioriteit troch de ynset fan Welskebôgesjitters, en it yn 'e steek litten fan it Skotske fuotfolk troch de eigen kavalery besegele it lot fan 'e Skotten. De Slach by Falkirk rûn sadwaande út op in swiere nederlaach foar de Skotten, dy't ek ferskate lieders ferlearen, wêrûnder Jan fan Graham en Jan Stewart fan Bonkyll. Wallace sels ûntkaam oan sawol dea as kriichsfinzenskip, mar syn reputaasje hie slim fan 'e nederlaach te lijen.
It slagge Edwert lykwols net om folslein fan syn oerwinning te profitearjen, en yn 1299 wisten de Skotten it Kastiel fan Stirling te weroverjen. Hoewol't Edwert sawol yn 1300, doe't er it Kastiel fan Caerlaverock ynnaam, as yn 1301 op fjildtocht gie yn Skotlân, lieten de Skotten har net nochris oer 't mad komme. Tsjin harren guerriljataktiken stie de nûmerike oermacht fan it Ingelske leger machteleas. Yn 1303, nei't er Skotlân fan Frankryk isolearre hie, wist Edwert einlings en te'n lêsten hiele Skotlân te feroverjen, en alle Skotske lieders, mei útsûndering fan William Wallace, joegen har by in plechtichheid yn febrewaris1304 formeel oan him oer. Hoewol't er bearde dat Skotlân no weromkeare soe nei de stân fan saken ûnder it regear fan Aleksander III, wie de Skotske ynbring yn it bestjoer fan har eigen lân minym en inkeld foar de foarm, wylst it fannijs Ingelske bestjoerders wiene dy't it foar it sizzen krigen. Doe't op 5 augustus1305 de fuortflechtige William Wallace te Robroyston, yn 'e neite fan Glasgow, troch Jan fan Menteith oan 'e Ingelsen ferret waard en op 23 augustus te Londenterjochtsteld waard, liek de Ingelske oerwinning finaal te wêzen.
Dat wie lykwols mar skyn, want Edwert hie mei syn ûnmeilydsume belied en syn ûnbûchsume hâlding de Skotten wolfergoed tsjin him yn it harnas jage. De sitewaasje feroare sadwaande yn koarte tiid drastysk, doe't Robert fan Bruce, greve fan Carrick, ien fan 'e wichtichste Skotske troanpretendinten, op 10 febrewaris1306 yn 'e Greyfriars Kirk yn Dumfries syn foarnaamste rivaal Jan III fan Comyn, hear fan Badenochfermoarde. Op 25 maart, minder as sân wiken letter, liet Bruce him te Scone ta kening Robert I fan Skotlân kroanje. Neitiid sette er útein mei in kampanje om 'e Ingelsen út Skotlân te ferdriuwen.
Om't Edwert tsjin dy tiid yn 'e minnichte rekke wie, liet er it befel oer de Ingelske troepen yn Skotlân oer oan syn soan Edwert en syn fertroulingen Aymer fan Valence en Hindrik fan Percy. Yn 't earstoan liek it de Ingelsen foar de wyn te gean. Aymer fan Valence fersloech Robert fan Bruce op 19 juny yn 'e Slach by Methven, wêrnei't Bruce twongen wie om ûndergrûnsk te gean. Troch it ferrie fan Willem II, greve fan Ross foelen boppedat Bruce syn frouElizabeth fan Burgh, syn jonge dochterMarjorie, syn sustersMarije en Kristina, en Isabella MacDuff, dy't him eigenhannich kroane hie, yn Ingelske hannen. Edwert besleat en meitsje fan 'e froulju in ôfskrikwekjend foarbyld. Dêrta liet er Marije fan Bruce en Isabella MacDuff op it binnenplak fan 'e kastielen fan Roxburgh, resp. Berwick-upon-Tweed yn 'e iepen loft yn koaien ophingje om sa de folgjende fjouwer jier troch te bringen. Troch dizze wreedheden joegen de Skotten har lykwols net ûnder de Ingelske oerhearsking del; krektoarsom, se dreaune it Skotske folk yn 'e earms fan Robert fan Bruce.
Ferstjerren
Yn febrewaris1307 doek Bruce wer op en begûn er in leger gear te bringen, en yn maaie fersloech er Aymer fan Valence yn 'e Slach by Loudoun Hill. Edwert, dy't wer wat opbettere wie, sette doe ôf nei it noarden, mei de bedoeling om sels it befel oer de Ingelske troepen yn Skotlân oer te nimmen. Underweis, lykwols, rekke er oanhelle mei dysentery, en gied er sjendereagen efterút. Op 'e jûn fan 6 july liet er in kamp opslaan by Burgh by Sands, yn Kumberlân, justjes besuden de Skotske grins. Doe't syn tsjinners him de oare moarns fan bêd ôfhelpe woene, sadat er ite koe, stoar er yn harren earms. Hy waard 68 jier. Syn lichem waard neitiid wer nei it suden ta brocht, en op 27 oktober waard Edwert yn Westminster Abbeybegroeven. Oan syn soanEdwert II liet er in keninkryk yn finansjele swierrichheden efter dat bestrûpt rekke wie yn in slepende oarloch yn Skotlân.