It greefskip stie oarspronklik bekend as Wiltonshire, in ferbastering fan it 9e-iuwskeWiltunscir. De namme is ôflaat fan de eardere namme fan de stêd Trowbridge, Wilton. Dy namme kaam wer fan de rivier de Wylye, ien fan de acht natuerlike steamen fan Wiltshire.
Skiednis
Wiltshire hat in protte archeologyske oerbliuwsels fan foar de komst fan de Romeinen yn 43 nei Kr. De earste delsettingen yn de regio stamme út de Stientiid, Stonehenge en de stiensirkel by Avebury tsjûgje dêrfan. Tsjin de 7e iuw lei Wiltshire op de westlike grins fan it Angelsaksyske ryk, omdat de Somerset Levels en de Cranborne Chase in fierder oplûken nei it westen behindere. It greefskip waard yn 878 ferôvere troch de Denen, en nei de Normandyske ferovering fan Ingelân yn 1066 kaam it oan de Engelse kroan en de katolike tsjerke.
It yn 1810 foltôge Kennet en Avon Kanaal trochkrúst it greefskip; it waard oanlein om it frachtferfier tusken de havenstêd Bristol en de Ingelske haadstêd Londen ienfâldiger te meitsjen. Nei de oanlis fan de Great Western Railway yn 1833 naam de betsjutting fan it kanaal ôf.
It greefskip hie yn 2001 613,024 ynwenners. De befolkingstichtens is leech, 178/km2. Yn 1991 wienen der 230,109 wenten yn de county. Yn 1991 wie 98.3% fan de befolking lânseigen en 17.9% wie boppe de 65 jier âld.