Margareta fan Skotlân

Margareta fan Skotlân
aadlik persoan en/of hearsker
In glês-yn-leadrút yn it gemeentehûs fan Lerwick.
In glês-yn-leadrút yn it gemeentehûs fan Lerwick.
nasjonaliteit Noarsk
Skotsk
bertedatum 9 april 1283
berteplak Tønsberg (Noarwegen)
stjerdatum 26 septimber 1290
stjerplak St. Margaret's Hope
   (Orkney-eilannen)
dynasty Hûs Sverre
etnisiteit Deensk
Dútsk
Flaamsk
Frânsk
Ingelsk
Noarsk
Normandysk
Oksitaansk
Portegeesk
Savoaisk
Skotsk
keninginne fan Skotlân
regear 12861290
foargonger Aleksander III
opfolger Jan
Dizze side giet oer de Skotske keninginne suo jure Margareta. Foar oare betsjuttings, sjoch: Margareta fan Skotlân (betsjuttingsside).

Margareta, byneamd de Faam fan Noarwegen (Tønsberg (Noarwegen), 9 april 1283St. Margaret's Hope (Orkney-eilannen), 26 septimber 1290), wie keninginne suo jure fan Skotlân fan 1286 oant har dea yn 1290. Hja wie de dochter fan 'e Noarske kening Earik II en de pakesizzer fan 'e Skotske kening Aleksander III. Margareta wie de alderlêste telch yn 'e rjochte (sij it froulike) line fan it Hûs Dûnkeld (of Canmore), en sadwaande bleau de Skotske troan nei har ûntidich ferstjerren leech. Meitiid late dat ta Skotske Unôfhinklikheidsoarloggen, dy't oant 1357 duorje soene. Net alle histoarisy erkenne Margareta as keninginne fan Skotlân, mei't hja nea kroane waard en har keninkryk nea oandie.

Libben

Komôf en steatsrjochtlike sitewaasje

Kening Aleksander III fan Skotlân wie de lêste manlike telch út it Hûs Dunkeld, dat ek wol bekendstiet as it Hûs Canmore. Mei syn frou Margareta fan Ingelân krige er trije bern. Syn jongste soan, David, kaam yn 1281 lykwols mei njoggen jier te ferstjerren. Syn âldste soan Aleksander, stoar yn 1284 mei tweintich jier. Syn dochter Margareta hylke Aleksander III yn 1281 út oan kening Earik II fan Noarwegen. Mei't dat houlik in foege moanne nei de dea fan syn soan David plakfûn, liet Aleksander yn it houliksferdrach fêstlizze dat de bern út 'e ferbyntenis tusken Margareta en Earik mooglik ek op 'e Skotske troan komme koene.

Krapoan twa jier nei de brulloft, op 9 april 1283 waard út it houlik tusken Margareta en Earik in dochterke berne, dat ek fan Margareta kaam te hjitten. Koart nei de berte kaam de mem lykwols yn it kreambêd te ferstjerren. Doe't op 28 jannewaris 1284 ek kroanprins Aleksander stoar, hie Aleksander III inkeld noch syn pakesizzer Margareta oer as erfgenamte. It famke waard yn Skotlân de bynamme 'de Faam fan Noarwegen' (the Maid of Norway) taparte. Op 5 febrewaris 1284 rôp kening Aleksander alle trettjin greven fan Skotlân, fjouwerentweintich fan 'e baronnen en de trije haadlju fan 'e wichtichste Gaelyske klans gear te Scone, dêr't er harren in oerienkomst ûndertekenje liet, wêryn't se it de jonge Margareta erkenden as syn rjochtlike opfolchster foar it gefal dat er sels stjerre soe sûnder manlike neikommelingen.

Erfgenamte fan 'e Skotske troan

Nei alle gedachten beskôgen Aleksander en de Skotske eallju dat mar as in tydlike oplossing, mei't de kening yn 1284 noch mar 42 jier wie. Sadwaande wertroude er yn 1285 mei de jonge ealfrouwe Jolanda fan Dreux. Op 19 maart 1286 ferûngelokke er lykwols doe't er by nacht en min waar mei it hynder op 'en paad wie. Nei't de kening op 29 maart begroeven wie yn 'e Abdij fan Dunfermline, kaam de Skotske adel jitris gear te Scone om guon út harren fermidden oan te wizen dy't as beskermhear fan Skotlân (in soarte fan regint) fungearje soene, oant de rjochtmjittige erfgenamt mearderjierrich wurden wie. Op dat stuit wie it tinken noch dat keninginne Jolanda swier wie, dat de jonge Margareta wie doe noch net de foar de hân lizzende troanopfolchster. It is ûndúdlik wat der mei Jolanda har bern bard is; ornaris wurdt tocht dat se in miskream krigen hat, al is it ek mooglik dat se in deaberne poppe te wrâld brocht hat.

Hoe dan ek, doe't bliken die dat der gjin fierdere bern fan kening Aleksander te ferwachtsjen wiene, waard de doe trijejierrige Margareta neffens de oerienkomst fan Scone en de eden dy't de Skotske eallju dêr sward hiene de rjochtmjittige erfgenamte fan 'e Skotske troan. De ealman Jan fan Balliol, dy't fia syn beppe oan memmeskant de oer-oer-oerpakesizzer fan kening David I fan Skotlân wie, briek lykwols wurd, en besocht yn april 1286 mei stipe fan syn famyljelid Jan III fan Comyn, hear fan Badenoch, om in steatsgreep út te fieren. Robert fan Bruce, 5e hear fan Annandale, dy't in like jildige oanspraak op 'e troan hie, reägearre daliks, en mei stipe fan oare foaroansteande aadlike famyljes, wêrûnder de Stewarts, naam er ferskate kastielen yn Galloway yn en drukte er de rebûlje fan Balliol en Comyn de kop yn út namme fan 'e Faam fan Noarwegen. Neitiid wisten de ferskillende beskermhearen fan Skotlân de frede yn it lân te bewarjen.

Bemuoienissen fan bûtenôf en hommels ferstjerren

Lykwols wiene it net de Skotten dy't de jonge Margareta fregen om út Noarwegen oer te kommen, krektoarsom, it wie kening Earik fan Noarwegen dy't de oanspraken fan syn dochter op 'e Skotske troan krêft bysette. Yn maaie 1289 stjoerde er in offisjeel gesantskip nei de Ingelske kening Edwert I, dy't him op dat stuit yn Akwitaanje, yn súdwestlik Frankryk befûn. De ûnderhannelings oer de fraach oft en, sa ja, wannear't Margareta ta keninginne fan Skotlân kroane wurde soe, waarden fan dat momint ôf fierd tusken Noarwegen en Ingelân, wylst de Skotten fan 'e sydline ôf tasjen moasten. Hoewol't it nea safier komme soe, is it dúdlik dat Earik en Edwert oanstjoerden op in houlik tusken de jonge Margareta en Edwert syn soan, de lettere kening Edwert II fan Ingelân. Pas yn oktober 1289 waarden de Skotten hjiryn behelle, doe't Edwert te Salisbury in ûnderhâld hie mei Robert fan Bruce en guon oare foaroansteande Skotske eallju. Bruce-en-dy tekenen mei de Ingelske kening it Ferdrach fan Salisbury, wêryn't ôfpraat waard dat Margareta foàr 1 novimber 1290 nei Skotlân ta stjoerd wurde soe, en dat in beslissing oer har houlik oant dan ta útsteld wurde soe.

Likegoed makke Edwert ûnderwilens mar alfêst de wei frij foar in ferbyntenis tusken syn soan en de jonge keninginne, troch tsien dagen nei it sluten fan it Ferdrach fan Salisbury by paus Nikolaas IV dispinsaasje foar sa'n houlik oan te freegjen. Sawol Earik fan Noarwegen as Edwert fan Ingelân sprieken tsjin dy tiid yn harren brieven oer Margareta as keninginne. Alle plannen rûnen lykwols op 'e non doe't Margareta ûnder har oertocht fan Noarwegen nei Skotlân sa seesiik waard dat se der op 26 septimber 1290 te St. Margaret's Hope, op 'e Orkney-eilannen, oan kaam te ferstjerren. Om't de Orkney-eilannen oant 1468 by Noarwegen hearden, sette Margareta nea foet op Skotske grûn. Har stoflik omskot waard weromfearn nei Noarwegen, dêr't hja yn 'e katedraal fan Bergen njonken har mem begroeven waard.

Neisleep

Neitiid waard yn Skotlân by wat de 'Grutte Kwestje' (Great Cause) neamd waard, om it keningskip striden troch ferskate troanpretendinten, wêrfan't de wichtichsten Jan fan Balliol en Robert fan Bruce, 5e hear fan Annandale, wiene. Edwert I fan Ingelân waard troch de Skotten frege om as skiedsrjochter te fungearjen. Hoewol't er Jan fan Balliol as kening oanwiisde, died er der neitiid alles oan om dy syn macht te ûndergraven en syn eigen ynfloed yn Skotlân te fergrutsjen. Yn 1296 late dat ta it útbrekken fan 'e Earste Skotske Unôfhinklikheidsoarloch, dy't úteinlik, yn 1306, Annandale syn pakesizzer, de bekende Robert de Bruce, op 'e Skotske troan bringe soe. Yn Noarwegen doek neitiid in frou op dy't bewearde Margareta te wêzen, en sadwaande bekend kaam te stean as de Falske Margareta. Dyselde waard yn 1301 terjochtsteld op befel fan kening Haakon V, de broer en opfolger fan Earik II.

Status as keninginne

Om't Margareta nea kroane of op oare wize ta keninginne ynaugurearre waard, en likemin ea foet op Skotske grûn sette, bestiet der mank histoarisy in beskate twifel oft hja wol beskôge wurde moat as keninginne fan Skotlân. Uteinlik komt dat del op in kwestje fan ynterpretaasje. De measte listen fan Skotske keningen neame har, mar op inkelen ûntbrekt har namme. Hoewol't guon kontemporêne boarnen, lykas de tekst fan it Ferdrach fan Salisbury, har oantsjutten as keninginne, is der ek wol wat foar te sizzen dat se strikt nommen gjin echte monarch wie. As men har àl as monarch beskôget, wie Margareta de earste regearjende keninginne op 'e Britske Eilannen.

Yn 'e skiednis fan Skotlân komt mar ien ferlykber barren foar, wêrby't de kening stoar wylst syn erfgenamt om utens ferkearde en net beskikber wie om min ofte mear daliks kroane te wurden. Dat wie yn 1406, doe't kening Robert III stoar wylst syn soan, de kroanprins, dy't Jakobus I wurde soe, kriichsfinzen holden waard yn Ingelân. Uteinlik waard dyselde frijlitten, om yn 1424 ta kening kroane te wurde. Yn 'e tuskenlizzende perioade waard Skotlân regearre troch de regint Robert Stewart, 1e hartoch fan Albany, dy't munten yn syn eigen namme slaan liet. Jakobus I waard yn dy achttjin jier oantsjut as 'de kroanprins' of 'de troanopfolger', mar likegoed beskôget men tsjintwurdich 1406 as it begjin fan syn keningskip.

Foarâlden fan Margareta fan Skotlân

 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
16. Haakon III, kening fan Noarwegen
 
 
 
 
 
 
 
8. Haakon IV, kening fan Noarwegen
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
17. Inge, grevinne fan Varteig
 
 
 
 
 
 
 
4. Magnus VI, kening fan Noarwegen
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
18. Skule Baardssoan
 
 
 
 
 
 
 
9. Margareta Skulesdochter
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
19. Ragnhild Jansdochter
 
 
 
 
 
 
 
2. Earik II, kening fan Noarwegen
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
20. Waldemar II, kening fan Denemark
 
 
 
 
 
 
 
10. Earik IV, kening fan Denemark
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
21. Berengaria, prinsesse fan Portegal
 
 
 
 
 
 
 
5. Ingeboarch, prinsesse fan Denemark
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
22. Albrecht I, hartoch fan Saksen
 
 
 
 
 
 
 
11. Jutta, hartoginne fan Saksen
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
23. Agnes, hartoginne fan Eastenryk
 
 
 
 
 
 
 
1. Margareta, keninginne fan Skotlân
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
24. Willem de Liuw, kening fan Skotlân
 
 
 
 
 
 
 
12. Aleksander II, kening fan Skotlân
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
25. Ermengard, boarchgrevinne fan Beaumont
 
 
 
 
 
 
 
6. Aleksander III, kening fan Skotlân
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
26. Enguerrand III, hear fan Coucy
 
 
 
 
 
 
 
13. Marije, frouwe fan Coucy
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
27. Marije, frouwe fan Montmirail
 
 
 
 
 
 
 
3. Margareta, prinsesse fan Skotlân
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
28. Jan sûnder Lân, kening fan Ingelân
 
 
 
 
 
 
 
14. Hindrik III, kening fan Ingelân
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
29. Isabella, grevinne fan Angoulême
 
 
 
 
 
 
 
7. Margareta, prinsesse fan Ingelân
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
30. Ramon Berenguer IV, greve fan de Provâns
 
 
 
 
 
 
 
15. Eleönoara, grevinne fan de Provâns
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
31. Beätriks, grevinne fan Savoaye
 
 
 
 
 
 

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side.

Strategi Solo vs Squad di Free Fire: Cara Menang Mudah!