Doe't it Kastiel fan Kildrummy troch de Ingelsen belegere waard, wiene de froulju twongen om te flechtsjen. Nei ferrie troch Willem II, greve fan Ross, waard harren selskip lykwols yn Tain finzen nommen troch de Ingelsen. Neil fan Bruce, dy't it kastiel langernôch ferdigene hie dat de froulju fuortkomme koene, waard terjochtsteld, en datselde lot trof de greve fan Atholl. De froulju sels waarden útsûnderlike ûnmeilydsum behannele. Marije fan Bruce en Isabella MacDuff waarden op befel fan Edwert I op it binnenplak fan 'e kastielen fan Roxburgh, resp. Berwick-upon-Tweed yn 'e iepen loft yn koaien ophongen, sadat se foar eltsenien te sjen wiene. Yn dy steat brochten de folgjende fjouwer jier troch.
Foar Marjorie waard op befel fan Edwert I in koai yn 'e Toer fan Londen boud, mar de kening betocht him en stjoerde har ynstee nei in nonnekleaster yn Watton, dêr't se fjouwer jier lang yn iensume opsluting trochbrocht. Tsjin 1310, doe't har heit ûnderwilens safolle oerwinnings op 'e Ingelsen boekt hie dat hja in weardefolle gizelder wurden wie, waard Marjorie har foarm fan finzenskip wat ferlichte. Yn novimber1314, nei't de Skotten de Ingelsen ferpletterjend ferslein hiene yn 'e Slach by Bannockburn en dêrby in grut tal Ingelske eallju kriichsfinzen nommen hiene, kaam hja úteinlik frij as ûnderdiel fan in útwikseling fan finzenen.
Houlik en ferstjerren
Werom yn Skotlân waard Marjorie troch har heit, de kening, úthylke oan ien fan syn trouste lienlju, Walter Stewart, 6e grutsteedhâlder fan Skotlân, dy't himsels ek op it slachfjild tige ûnderskaat hie. It houlik fûn plak yn 1315, doe't Marjorie njoggentjin jier wie. Har breidsskat omfette û.m. de barony fan Bathgate, yn West-Lothian (súdeastlik Skotlân). Tsjintwurdich wurdt yn Bathgate noch elts jier op 'e earste sneon yn juny it houlik tusken Marjorie en Walter fierd, wêrby't de plechtichheid en de dêropfolgjende prosesje troch de strjitten troch skoalbern yn kostúm neispile wurdt.
Op 2 maart1316 wie Marjorie, dy't tsjin dy tiid op alle dagen rûn, út te riden yn 'e omkriten fan Paisley, yn Renfrewshire, doe't har hynder earne kjel fan waard en har ôfsmiet op in plak dat sûnt bekendstiet as The Knock. Op it krúspunt fan Renfrew Road en Dundonald Road yn Paisley stiet in stienbulte dy't de lokaasje fan dat plak markearje soe. Troch de klap rekke Marjorie foartidich yn 'e weeën.
Hja waard halje-trawalje oerbrocht nei de Abdij fan Paisley, dêr't hja koarte tiid letter it libben skonk oan in jonkje, dat yn 1371 as Robert II op 'e Skotske troan komme soe nei't Marjorie har jongere healbroer David II sûnder bern stoarn wie. Marjorie wie noch gjin twa oeren âldkreams doe't hja stoar. Hja waard mar njoggentjin jier âld, krekt sa't har eigen mem (dy't ek yn it kreambêd stoarn wie) opmerklikernôch ek mar njoggentjin jier wurden wie. Fia har soan stamje alle Skotske keningen fanôf 1371, alle Ingelske keningen fanôf 1603 en alle Britske monargen fanôf 1707 fan Marjorie fan Bruce ôf.