Isabella troude yn 1295 mei Robert fan Bruce, doe't se santjin of achttjin jier âld wie. It sizzen is dat it net inkeld in ferstânshoulik wie, mar ek in houlik út leafde, mei't de beide jongelju tige fereale opinoar wiene. It is net mear nei te gean oft dat wier is. It is bêst mooglik, mar it hat ek wol kâns dat it in lettere tafoeging oan 'e leginde fan Robert fan Bruce is. Yn elts gefal rekke Isabella koart nei it sluten fan it houlik swier. Yn 1296 skonk hja it libben oan in dochterke, Marjorie fan Bruce (1296-1316), mar stoar sels in pear dagen letter yn it kreambêd. Isabella fan Mar waard achttjin of njoggentjin jier. Hja waard begroeven yn 'e Abdij fan Paisley, yn it Skotske greefskip Renfrewshire.