De start yn Nice wie yn earste ynstânsje pland op 27 juny en de omgong soe duorje oant en mei 19 july2020. Op 13 april2020 makke de Frânske presidint Emmanuel Macron bekent. dat oant heal july yn ferbân mei de koroanapandemy, dy't ek yn Frankryk hearske, gjin grutte publike eveneminten organisearre wurde mochten. De Omgong fan Frankryk koe dêrtroch ein juny net fan start gean.
Op 15 april2020 makke de organisaasje bekend dat de nije planning wie om de omgong ferride te litten fan 29 augustus oant en mei 20 septimber. It trochgean waard ôfhinklik steld oan de ûntwikkelingen fan de koroanakrisis. De rûte feroare net. De start fan de trije wiken duorjende wedstriid wie yn Nice en de finish lykas wenst op de Champs-Élysées yn Parys.
↑De griene trui waard yn de twadde etappe droegen troch Peter Sagan, dy't yn it punteklassemint tredde stie efter lieder Alexander Kristoff en wite trui drager Mads Pedersen.
↑De wite trui waard yn de achttjinde en ienentweintichste etappe droegen troch Enric Mas, dy't yn it jongereinklassemint twadde stie efter lieder Tadej Pogačar.
↑De bolletsjestrui waardt yn de ienentweintichste etappe droegen troch Richard Carapaz, dy 't yn it berchklassemint twadde stiet efter lieder Tadej Pogačar.