Souvenir Henri Desgrange
|
|
Monumint foar Henri Desgrange op de Col du Galibier
|
algemiene ynformaasje
|
nasjonaliteit |
Frânsk
|
útrikt foar |
de hurdfytser dy't as earste (yn de etappe) in foarôf bepaald punt yn de omgong berikt
|
útrikt troch |
Omgong fan Frankryk
|
frekwinsje |
Jierliks
|
ynsteld |
1947
|
De Souvenir Henri Desgrange is in spesjale priis yn de Omgong fan Frankryk dy't sûnt 1947 jierliks útrikt wurdt en neamd is nei Henri Desgrange, de earste direkteur fan de omgong. De priis wurdt útrikt oan de hurdfytser dy't as earste (yn de etappe) in foarôf bepaald punt yn de omgong berikt. Yn 1947, yn de earste Tour nei it ferstjerren fan Henri Desgrange yn 1940, wie dit Desgrange's lêste residinsje, "Villa Mia" yn Beauvallon, Grimaud, oan de Côte d'Azur. Yn de earste etappe fan de 1948 Omgong, wie dit de top fan de Côte de Picardie yn Versailles by Parys.
Yn 1949 is der in monumint foar Henri Desgrange oprjochte by de súdlike tagong fan de tunnel by de Col du Galibier yn de Alpen, syn favorite en ien fan de meast ikoanyske beklimmingn yn de Omgong fan Frankryk. Fan 1952 ôf en alle jierren sûnt 1965 is it markearingspunt foar de priis by it monumint op de Galibier as dy diel útmakket fan de omgong, yn oare gefallen meastal it "dak fan de Omgong": it heechste punt (boppe seenivo) dat berikt wurdt.
Yn de Omgong fan 1963 waard der gjin award útrikt, mar oan de ein fan de Ronde wie der in spesjale "Desgrange-priis" foar de hurdfytser dy't it bêste riden hie mei "de holle en de fuotten".
Meafâldige winners
In tal hurdfytsers ha de Souvenir Henri Desgrange 2x as faker wûn.
Sjoch ek
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
|
- ↑ 1,0 1,1 1,2 1,3 1,4 1,5 Hûs fan nammejouwer Henri Desgrange
- ↑ Op it punt dêr 't de 200.000 kilometer berikt waard yn alle Omgongen mei-inoar.
- ↑ Oan 'e ein fan de Omgong waard in spesjale Desgrange-priis takend oan de foar de hurdfytser dy't it bêste riden hie mei "de holle en de fuotten", te witten Jacques Anquetil
- ↑ Neffens oare boarnen de Soulor, letter yn deselde etappe
- ↑ Fanwege stellerij fan de banner op it markearpunt yn etappe 1 a yn Nice waard de lokaasje ferpleatst nei etappe 7 yn de bosk fan Landes
- ↑ De Souvenir Henri Desgrange soe oarspronklik op de Galibier lizze moatte, mar de bewuste etappe waard ynkoarte, wêrtroch 't de Galibier net oandien waard, en de priis waard nei de folgjende etappe ferpleatst.
- ↑ De winner fan de priis de Dútske hurdfytser Stefan Schumacher, waard posityf befûn op it brûken fan doping, syn resultaten en prizen fan 2008 waarden skrast.
- ↑ De winner fan de priis de Italjaanske hurdfytser Franco Pellizotti, waard posityf befûn op it brûken fan doping, syn resultaten en prizen fan 2009 waarden skrast.
|