De 81ste edysje fan de Omgong fan Frankryk waard hâlden fan 1 oant en mei 23 july 1995.
Dielnimmende ploegen
- USA Motorola
- NED TVM
- BEL Lotto
- FRA Castorama
- ITA MG Maglificio-Technogym
- NED Novell
- ITA Mercatone Uno-Saeco
- FRA Chazal-MBK-Konig
- ITA Brescialat
- GER Telekom
Startplak
De start wie yn Saint-Brieuc. It wie de earste kear dat de gemeente yn it Frânske departemint Côtes-d'Armor, yn de regio Bretanje, startplak wie fan de Omgong fan Frankryk.
Miguel Induráin kaam mei syn oerwinning lyk mei Jacques Anquetil (1964), Eddy Merckx (1974) en Bernard Hinault (1985) dy't elk ek fiif kear de omgong wisten te winnen. Miguel Induráin wie al de earste dy't dit mei in oanslettene rige die.
Fabio Casartelli
Op 18 july yn de 15 etappe, in berchetappe fan Saint-Girons nei Cauterets kaam de Italjaanske hurdfytser en regearjend Olympysk kampioen Fabio Casartelli raar te fallen by de ôfdaling fan de Col de Portet-d'Aspet. De 24-jierrige Olympyske kampioen fan Barcelona '92 stoar oan de oprûne ferwûningen. Op it plak fan it ûngelok stiet no in tinkteken foar Carsatelli.
Etappe-oersjoch
Klassemintslieders nei eltse etappe
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
|
- ↑ Etappe 16 waard net yn wedstriidferbân ferriden fanwegen it ferstjerren fan Fabio Casartelli yn etappe 15.
|