Yn 1954 sette Sharif yn Egypte útein mei syn aktearkarriêre, mei in rol yn 'e filmShaytan Al-Sahra ("Duvel fan 'e Woastyn"). Datselde jiers noch spile er ek mei yn Sira‘ Fi al-Wadi ("Striid yn 'e Delling"). Hy rekke al gau ferneamd, en spile neitiid mei yn grutte Egyptyske produksjes as La Anam ("Sliepleas"; 1958), Sayyidat al-Qasr ("Frouwe fan it Paleis"; 1959) en Nahr el Hub ("De Rivier fan 'e Leafde"; 1961), in adaptaasje fan 'e romanAnna Karenina fan Lev Tolstoj.
Yn 1962 spile Sharif foar it earst yn in Ingelsktalige film, doe't er troch de BritskeregisseurDavid Leancast waard yn 'e rol fan sjaryf Ali yn it histoaryskeeposLawrence of Arabia (oer de Britske ofsierT.E. Lawrence). Dy rol levere Sharif in nominaasje op foar in Oscar yn 'e kategory bêste manlike byrol, wylst er der in Golden Globe mei wûn yn 'e kategory bêste manlike byrol yn in spylfilm en in (dielde) Golden Globe yn 'e kategory nije manlike stjer fan it jier. Filmkenners beskôgje Lean syn kar foar Sharif om in rol te ferfoljen dy't no rûnom beoardiele wurdt as ien fan 'e dreechste byrollen yn 'e filmskiednis, as tige riskant, mei't de man doedestiden bûten syn heitelân Egypte frijwol folslein ûnbekend wie.
Syn earste Ingelsktalige rol betsjutte foar Sharif ek daliks syn ynternasjonale trochbraak, en yn 'e folgjende pear jier spile er yn ferskate oare Westerske films. Dêrby profitearre er folop fan syn ûndúdlike etnisiteit, mei't er behalven foar in Arabier likegoed trochgean koe foar in Spanjert, in Italjaan, in Gryk, in Turk, in Armeen, in Joegoslaaf, in Rus, in Meksikaan, in Kubaan of sels in wat dûnker útfallen Middenjeropeaan. Dêrby spriek er behalven Arabysk en Ingelsk ek floeiend Frânsk, Spaansk, Italjaansk en Gryksk, neffens himsels "[...] mei in aksint dat my by steat stelde en spylje de rol fan in frjemdling sûnder dat wa ek krekt wist wêr't ik wei kaam [...]" Dêr makke Sharif gebrûk fan troch behalven yn Arabyske en Ingelsktalige films ek oan Frânske, Italjaanske, Spaanske en Grykske produksjes mei te wurkjen.
In oare bekende rol fan Sharif wie dy fan Nicky Arnstein, de man fan it titelpersonaazje Fanny Brice yn 'e film Funny Girl (1968). Syn tsjinspylster wie dêrby de Joadsk-AmerikaanskesjongsterBarbra Streisand yn har earste filmrol. Funny Girl waard yn 1967 opnommen, wylst yn it Midden-Easten de Seisdeiske Oarloch útfochten waard tusken Egypte en syn Arabyske bûnsgenoaten oan 'e iene kant en de Israel oan 'e oare kant. Fanwegen Streisand har lûdroftige stipe foar Israel krige Sharif foar syn beslissing om oan dy film mei te wurkjen lêst mei it Egyptyske regear, en hy makke it foar himsels noch nammenste minder troch in romantyskerelaasje mei Streisand te begjinnen. Doe't de film it oare jiers útkaam, waard er yn Egypte en in grut tal oare Arabyske lannen daliks ferbean. Sharif loek him dêr lykwols neat fan oan, en spile op 'e nij de rol fan Nicky Arnstein yn it ferfolch Funny Lady, út 1975.
Sharif wie alhiel besleifere fan it kaartspulbridge en hearde op in stuit ta de fyftich bêste bridgespilers fan 'e wrâld. Mei Charles Goren skreau er ferskate jierren lang in kollumn foar de Amerikaanske krante de Chicago Tribune, al liet er dêrby it eigentlik skriuwwurk fierhinne oer oan Tannah Hirsch. Fierders wie Sharif de auteur fan ferskate publikaasjes op it mêd fan bridge, en liet er yn 1992 in bridge-kompjûterspultsje ûnder syn namme publisearje as Omar Sharif on Bridge, dat oarspronklik útbrocht waard yn in MS-DOS- en in Amiga-ferzje, mar dat tsjintwurdich noch altyd beskikber is foar Windows en mobile tillefoans.
Priveelibben
Sharif troude mar ien kear yn syn libben, en dat wie mei de yn har eigen lân wiidferneamde Egyptyske aktrise Faten Hamama. Hy kaam mei har yn 'e kunde doe't se yn 1954 syn tsjinspylster wie yn 'e film Sira‘ Fi al-Wadi ("Striid yn 'e Delling"). Hoewol't Hamama oan dy tiid ta altyd wegere hie om foar de kamera te tútsjen, makke se foar Sharif in útsûndering. Hja rekken fereale opinoar en hy bekearde himsels ta de islaam sadat er noch datselde jiers mei har trouwe koe. Se krigen ien soan, Tarek El-Sharif, dy't berne waard yn 1957 (en yn Doctor Zhivago de rol fan Joeri Zjivago as achtjierrich bern spile). Yn 1965, doe't it rezjym fan Nasser him reisbeheinings oplizze woe, gie Sharif yn frijwillige ballingskip yn Jeropa, wat úteinlik ta de ein fan syn houlik late, om't Hamama om utens net aardzje koe. Hja giene yn 1966 as freonen útinoar, en skieden formeel yn 1974. Sharif woe letter hawwe dat Faten Hamama de iennichste frou wie dêr't er ea fereale op wurden wie.
Oer syn affêre mei Barbra Steisand, yn 1967, sei Sharif neitiid dat er har by harren earste moeting net bjustere oantreklik fûn, mar dat er al rillegau ûnder har tsjoen rekke. Dat koste him op in hier nei syn Egyptyske nasjonaliteit. Under de produksje fan Lawrence of Arabia rekke Sharif goed befreone mei de Iersk-Britske akteur Peter O'Toole, dy't yn dy film de titelrol fertolke. In oare freon fan sines wie de foaroansteande Egyptyske egyptoloochZahi Hawass. Fierders kaam út Sharif syn fassinaasje mei hynsteracen ek in libenslange freonskip mei hynstetrener David Smaga fuort. Sharif wie faak te finen op 'e Frânske racebanen en wie sels eigner fan in stikmannich hynders dy't ferskate prizen wûnen. Nei geraden dat er âlder waard, sette Sharif him wer yn Kaïro nei wenjen, yn 'e neite fan syn famylje. Underwilens hied er ek twa pakesizzers krigen, Omar Sharif jr., berne yn Montreal, yn 1983, dy't ek akteur is, en Karim Sharif.