In epos (fan it Grykske ἔπος, epos, dat "wurd", "ferhaal" of "gedicht" betsjut), epysk gedicht of epyk is in literêr sjenre yn 'e foarm fan in lang ferheljend gedicht, dat yn 'e regel in earnstige ferhaalstof omfettet, lykas de dieden fan in beskate held of de foarfallen út 'e skiednis fan in kultuer of folk.
Oerlevering
In epos kin skriftlik fêstlein wêze, mar kin ek mûnling oerlevere wurde. Yn 'e oarsprong waarden alle epossen mûnling oerlevere, en fan alle skriftlike literêre sjenres hat it epos noch it meast mei de oerlevering gemien. De earste, oarspronklike epossen wurde primêre of orizjinele epossen neamd; dy fan letter datum, dy't dêrop weromgripe, binne de sekundêre of literêre epossen.